Harns – De finaledei begûn mei in koarte taspraak fan Durk Talsma, sekretaris fan de SKS. Hy beklamme de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Skûtsjesilen as Fryske sporten. Hjirnei begûn de alfde partij, wêryn’t beide spilers derfoar keazen ien fan de meast komplekse iepeningen te spyljen. Dit type spul einiget faak yn in kombinaasje yn it foardiel fan ien fan de spilers, en sa gie it no ek. Walinga (swart) spile bewust in aventoerlike fuortsetting op ’e njoggende set. Kooistra wachte syn kâns ôf, en wist de stelling hieltyd mear nei syn hân te setten. Walinga besleat op de 19de set ta in set dy’t ta in ôfruil liede kinnen hie, mar troch in ferkearde slachkar útrûn op in winnende kombinaasje foar Kooistra. Dêrmei wie de partij nei krekt wat mear as 2½ oeren spyljen beslikke. Sa waard de langste partij fan de match folge troch de koartste, wie de stân op ’en nij lyk mei 5½-5½ en moast der in barraazje hâlden wurde. Yn oerienstimming mei de regleminten fan de Stifting WFD folge dy koart op de lêste partij, mei omkearde kleuren (Walinga wyt), en de helte fan de spyltiid: 45 minuten foar elke spiler, mei hieltyd 15 sekonden ekstra de set.
Yn de praktyk die bliken dat der net ien, mar sels twa barraazjes nedich wiene. De earste ferrûn tige lykmjittich en einige yn in trochbraak foar beide partijen yn de lange hoeke. It einspul fan twa tsjin twa houten waard folslein korrekt útspile, dat it resultaat wie kamp. Dêrnei waard de spyltiid op ’en nij troch de helte dien: 22 minuten de spiler, en foar elke spile set 8 sekonden derby. Op ’en nij keazen de spilers foar in net te drege fariant, dêr’t yn heech tempo de nedige skiven yn opromme waarden. Sa bleau der, krekt as yn de earste barraazje, genôch tiid oer om it einspul it omtinken oandacht te jaan dat nedich wie. Lange tiid ferrûn de partij lykwichtich, wêrby’t beide spilers op de rjochterkant fan it boerd (foar wyt) spilen. Mar yn de rin fan it spul kaam Walinga hiel stadich wat komfortabeler te stean. Uteinlik besleat Kooistra ta in ôfruil dêr’t er in wat te fier nei foaren pleatste skiif oan oerhold. Walinga bútmakke dit goed út, en by einsluten die bliken, doe’t beide spilers noch 4 houten op it boerd hiene, dat de stân foar Kooistra ferlern wie. De stân wie sa goed as symmetrysk, mar swar hie krekt wat mear frijheid en wyt wie twongen om te offerjen. Omdat der noch gjin akute tiidneed wie, joech Kooistra sportyf Walinga de hân, wêrmei’t dy foar de fjirde kear de wrâldtitel binnenhelle.
By de priisútrikking ferklearre wethâlder Hendrik Sijtsma fan Harns dat der praat wurde koe fan twa topwiken op sportyf mêd yn Fryslân: kampioenskippen fan SKS en IFKS, de PC en de Freule en net te ferjitten it Fierljeppen. Mar, sa ornearre Sijtsma, it meast spannende kampioenskip wie dizze kear it WK Frysk Damjen. Dêrnei hong er Walinga de fertsjinne krânse om it skouder.
Ek no waard it live kommentaar fersoarge troch Alexander Shvartsman, bystien troch Folkert Groenveld. In pear tsientûzenen taskôgers út de hiele wrâld hawwe syn analyze dizze wiken folge.
It earstfolgjende WK Frysk damjen stiet pland foar 2028. Der sil dan wer striden wurde troch 16 titelkandidaten. It is net fansels dat Walinga by harren wêze sil: ek hy sil him yn ’e rin fan it foarôfgeande jier pleatse moatte.
Over de auteur