Rubryk 30-10-2026

doorfriesdammen

Rubryk 30-10-2026

De Blauhúster damklup ‘De Skyfkes’ hat no al wer foar de alfde kear de Fryslân Kup op it aljemint. It is in knock-out toernooi. By kamp wurdt der ‘pingelsjitten’ troch yn koarte tinktiid de einspul-fariant FRYSK!, mei fiif tsjin fiif skiven, te damjen. De ‘kraker’ fan de earste omloop wie de partij tusken de bruorren Walinga. Siebe hat de Kup al twa kear op syn namme. Wylts syn broer Marten dat net op de palmares stean hat. De wrâldkampioen hie in thúswedstriid en lotte de swarte houten.

S.Walinga – M.Walinga, 19-10-2026 Lollum, earste omloop Fryslân Kup

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-11!? 7. …7-12 wurdt ornaris spile. Swart wykt ôf fan de wenstige téory 8.42-37 2-7 9.33-28 en dan sil swart wol ôfwikkelje 9…19-23 9. …16-21 10.47-42 21×41 11.36×47 is better foar wyt. 9.47-42 11-17 10.34-30 9.31-26 en net bang foar 17-21 is skerper 9. …25×34 11.39×30 7-11 12.44-39 20-25 13.31-26 25×34 14.40×29 19-24 Mei 14. …19-23 hie swart noch better spul. 15.29×20 15×24 16.50-44 1-7 

De Walinga’s sette der in moai spul op. Hjir wie 17.32-28! it bêste. 17.44-40 24-29 18.39×19 18×20 18.33×24? om 18-23 etc. 19.40-34 13-18 20.34-30 20×40 21.35×44 8-12 22.32-28 9-14? 22. ..18-22 wie de set. Swart rekket it foardiel kwyt. 23.28×8 7×9 24.37-32 driget mei it heakje 36-31 24. …16-21 25.44-39 14-20  26.33-29 9-14?? Wyt komt in hout foar 27.32-27 17×37 28.26×8 3×12 29.42×31 20-25 30.39-33? 25-30 

Op 31.33-29 as 29-23 komt swart mei 30-35 en 14-20 en 31.43-39 kin ek net. Wyt moat wol. 31.29-24 14×32 32.31×33 en net 38×27 om 12-17 32. …10-15 33.48-42 12-17 34.42-37 17-22 35.43-39?? 22-27 Wyt fergoait syn spul en komt gau oan. Mei bygelyks 35.36-31 11-16 36.49-44 4-9 37.37-32 22×42 38.38×47 giet it op in lykweardich einspul ta.  36.37×17 11×22 37.36-31 6-11 38.31-26 4-9 39.38-32 22×42 40.49-43 42×44 41.39×50 9-13 42.33-28 11-17  43.45-40 30-35 44.50-45 35×44 45.45×43 13-19 46.28-22 17×28 Wyt kin noch nei de daam rinne. Mar it is oars net as spinpoatsje. 47.26-21 28-32 48.21-17 32-37 49.17-11 37-41 50.11-7 15-20 51.43-39 41-46 52.39-33 19-24 en wyt jout op.

De problemen foar de ledderwedstriid

Nû.5 sw. 2, 4, 6-10, 13, 17-20   wyt 27, 29, 31, 33, 36, 37, 39, 43, 46-48, 50 

Nû.6 sw. 7, 9, 12, 16, 19, 24, 26, 29, 30  wyt 32, 33, 36, 38, 41, 44, 46, 48

En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.7 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17 wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49 

Nû.8 sw. 2, 7, 9, 10, 16, 20, 45 wyt 21, 23, 27, 30, 38, 46, 49, 50 

Oplossingen stjoere foar 13 novimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator