Jelle Wiersma nimt kop yn Wapenpartij

doorfriesdammen

Jelle Wiersma nimt kop yn Wapenpartij

Yn Jorwert is ôfrûne tiisdei in begjin makke mei it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”. Der hiene har 19 man opjûn, wat minder as oars, en om der in even oantal fan te meitsjen waard Geart Tigchelaar ek noch fan ‘e list skrast. As jo je opjouwe om út Denemarken wei fia Lidraughts mei te dwaan, dan rinne jo no ienkear risiko’s. De oare Lidraughter, Jan Nauta út Bitgummole, waard dat wrede lot oars besparre. Likegoed begûn de jûn feestlik, want it organisearjende OKK bliek 75 jier te bestean, en de Jorwerter klup soarge der dêrom foar dat eltse dielnimmer de kofje of tee mei in stik oranjekoeke oanfolje koe.

De earste omloop smiet in daverjende ferrassing op. Marten Walinga, de winner fan ‘e lêste jierren, gong it skip yn tsjin Folkert Groenveld. Mar doe wie Groenveld blykber útpoept, want hy koe dêrnei tsjin Jelle Wiersma, dy’t yn ‘e earste omloop al fan Liuwe Westra wûn hie, net nochris wer stunte. En Walinga wie nei syn earste optater ek al gau wer by syn sûp en stút tsjin dyselde Westra.

Njonken Marten Walinga en Jelle Wiersma docht der noch in tredde serieuze titelkandidaat mei. Taeke Kooistra wûn yn ‘e earste omloop yndied flot fan Jorwerter Harry Kaspers, dy’t ferline jier ferrassend de B-klasse op syn namme skreaun hie en it no in nivo hegerop besykje mocht. Mar Harry rûn fuort al yn in setsje, en frege doe mar nederich oan ‘e maestro oft dy him yn ‘e oerbliuwende tiid miskien noch wat ynstruksje jaan woe. Mooglik dat dy didaktyske ynspannings dochs wat tefolle fan Kooistra naam hawwe, want yn ‘e twadde omloop kaam er net fierder as in kampspul tsjin Willem Hoekstra. Dy hie earder it keninklike duel tusken de Willems wûn fan Dykstra. Willem II wûn dêrnei oars wol wer fan klupgenoat Kaspers. Dy lêste bedarre dus mei nul punten ûnderoan de ranglist. Mar iensum is it dêr foar him net, want hy wurdt beselskippe fan Liuwe Westra, dy’t oars noch wol hope hat, want hy hat de dreechste tsjinstanners al hân.

Fanwegen it wat mindere tal dielnimmers hie organisater Willem Dykstra de B- en C-klasse mar byinoar flapt, ek al is it wol de bedoeling dat dêr aparte prizen foar komme. Sûnder puntferlies is hjir noch Siebren Dyk, wat wol yn ‘e krante mei, want tsjin Anne de Boer en Rinze Schukken stie er nei de iepening yn beide parijen yndied as in krante. Maar het kan verkeren, sa’t Brederode al sei. Jan Nauta, yndield yn klasse C, hat syn beide partijen oars ek wûn, tsjin kastlein Emke Dykstra en tsjin Hindrik Terpstra. Dat de kâns is wol hiel grut wurden dat de organisaasje ynkoarten in aparte reis nei Bitgummole ûndernimme moat om dêr in priis ôf te leverjen.

Utslaggen en tuskenstannen A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Willem Dykstra (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea) 0-1; Jelle Wiersma (Wommels) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0; Taeke Kooistra (Hartwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 1-0. Twadde omloop: Hoekstra – Kooistra 0,5-0,5; Groenveld – Wiersma 0-1; Westra – Walinga 0-1; Kaspers – Dykstra 0-1. Stân: Wiersma 2; Hoekstra en Kooistra 1,5; Dykstra, Groenveld en Walinga 1; Kaspers en Westra 0. B- en C-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jurjen Frankena (Blauhús) – Rinze Schukken (Hilaard) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Anne de Boer (Wommels) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Emke Dykstra (Jorwert) 1-0; Hindrik Terpstra (Jorwert) – Imaël Snijders (Jorwert) 1-0. Twadde omloop: Kingma – Frankena 0-1; Schukken – Dyk 0-1; Nauta – Terpstra 1-0; Dykstra – De Jong 0-1; De Boer – Snijders 1-0. Stân B-klasse: Dyk 2; Frankena 1,5; De Boer, De Jong en Kingma 1; Schukken 0,5. Stân B-klasse: Nauta 2; Terpstra 1; Dykstra en Snijders 0.

Over de auteur

friesdammen administrator

Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.