Der wiene dizze jûn acht dammers. It korps wie dizze jûn útfanhûs, dus de Stadige Strikers koene gebrûk meitsje fan de achterseal fan it Swettehûs. Al gau kaam de kofje-juffer yn de damseal en doe kaam se der achter dat it papier fan de pin-automaat op wie. Och, dit is better dan dat it húskepapier op wêze soe, mar sûnder papier wurket it apparaat net en koe de kofje en té net betelle wurde. Lokkich koe de skriuwer har helpe om it apparaat wer oan ‘e gong te krijen mei in nije rol papier, dus koe der dochs betelle wurde. Jelle Wiersma moast tsjin Dicky fan der Meer en Dicky wie ferline wike as lêste út mar trochdat er der in moaie slach út helle koe Jelle neat oars dwaan dan belies jaan en wie er no as earste út. Bauke Bos spile tsjin Tineke Teigeler en krige yn it middenspul in daam en rekke dêrmei al gau twa houtsjes foar. Tineke koe noch wat tsjin akselje, mar hie gau troch dat se
Bauke de hân wol jaan koe. Jan Castelein hie de holle der aardich by tsjin Sjoerd Jan Bakker. By in stân fan trije tsjin trije kaam Sjoerd Jan oan en offere in houtsje. Sjoerd Jan hie it te fier komme litten omdat Jan it oars die dan dat hy ferwachte hie en by in stân fan in daam en in houtsje foar Jan en ien daam foar Sjoerd Jan koe de lêste dochs noch in heal puntsje byskriuwe want it waard remise. Wat ek remise waard, wie it spul tusken de foarsitter en de ponghâlder. By in stân fan fiif tsjin fiif bleau it lang lyk mar op in stuit joech foarsitter Cor Kooistra Ype in daam en koe dêrmei trije houtsjes fan Ype pakke en kaam sa ien foar. Lokkich foar Ype waard it dochs noch remise. Cor sei dat er min damd hie mar remise is dochs wol aardich. Mar remise is net ferkeard en sa ha se beide wat.
Utslaggen: Bauke Bos – Tineke Teigeler 1-0; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0-1; Cor Kooistra –
Ype Boelens ½-½ Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker ½-½
Over de auteur