Als de vos de passie preekt

doorfriesdammen

Als de vos de passie preekt

Meastentiids is Frysk de taal dy’t sprutsen wurdt op ús klupjûnen. Mar sa no en dan komt der ek wolris wat Hollânsk foarby. Sa hie ús ferstoarne lid, Bauke de Boer ek altyd fan dy moaie útdrukkingen, faaks ek wol yn it Hollânsk. Us foarsitter brûkte dizze jûn ien fan dy siswizen: als de vos de passie preekt, boer pas op je kippen. Dit sloech op de partij fan Willem Schaap tsjin Kees Castelein. Kees stie as in foarst en Willem krimmeneare wat, mar hie in moaie stân dus dizze siswize wie wol fan tapassing. Kees luts him neat oan fan de praatsjes fan Willem, mar ferlear de partij wol en moppere op himsels dat it knap ûnnoazel wie hoe’t er de partij ferlern hie. Lokkich wiene it syn eigen wurden, want de rest fan de Strikers soene dit noait sizze oer harren tsjinstanner. Willem spile noch in partij tsjin Jelle Wiersma, mar yn dizze partij moast er belies jaan trochdat er it efkes ferkeard die. Wa’t it ek ferkeard die wie Bauke Bos tsjin Jan Castelein. De skriuwer fan dizze stikjes hat alris faker skreaun oer dit oankommende talint en ek dizze jûn kin men it net ferkeard dwaan tsjin Castelein senior, want hy sjocht in soad en ek yn dizze partij bleau er skerp oant de lêste set en yn in faltsje fan Bauke trape hy net yn. De langst sittenden wiene Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra. Sjoerd Jan mient altdy dat er wolris better damme kinnen hat, mar de Strikers witte dat er oan syn damjen net folle mankearret en ús 85-jierrige dammer noch like skerp en talintfol is as jierren lyn. Kooistra kaam der ek wer ris achter want nei in skoft ien achter stien te hawwen en in leuke stân gyng de winst dochs mei yn ‘e auto fan syn privee-sjauffeur rjochting Snits.

Utslaggen: Jan Castelein – Bauke Bos 1-0; Willem Schaap – Kees Castelein 1-0; Jelle Wiersma –
Willem Schaap 1-0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 1-0

Over de auteur

friesdammen administrator