Kompleet plus ien

doorfriesdammen

Kompleet plus ien

Doe’t de stikjesskriuwer de damseal yn kaam wie er bliid ferrast dat der sa folle dammers wiene. Alle damjende leden wiene der en Fedde Wiersma, damjend by Hartwert wie ek oanwêzich omdat er tsjin Stadige Striker Jelle Wiersma damje moast foar de Fryslân Kup. Om gelyk mar by dizze partij te begjinnen wie it nei in neistrykspul oant in stân fan fiif tsjin fiif lyk spul en doe offere Jelle in houtsje om der troch te kommen. Hoewol Fedde op in bepaald stuit better stie moast er dochs belies jaan, ek
omdat er net folle tiid mear oer hie om goed nei te tinken. It earste spul wat út wie, wie dat fan Tineke Teigeler tsjin Kees Castelein. Achter strike kin faaks net en dit murk Castelein Junior ek op. Hy woe it ticht hâlde, mar dit slagge him net. Tineke kaam al gau twa houtsjes foar en letter krige se noch twa en wûn de partij. “Och, bin ik moai foar de kofje klear”, sei Kees. Dicky van der Meer spile tsjin Sjoerd Jan Bakker en dy helle der wat gekkichheden yn en dit bruts Dicky raar op. Willem Schaap naam it op tsjin twa dammers. Yn it spul tsjin Ype Boelens krige Willem in daam doe’t de kofjejuffer it sealtsje yn kaam neidat er earst in houtsje foar wie. Hy gyng mei yn it rappe striken fan Schaap en dit bruts him op en sa ferlear hy dochs de partij. By it oare spul fan Willem tsjin Jan Castelein hie de earste it wat minder dreech. Mar Castelein Senior joech net earder op dan dat alle houtsjes fan him fan it boerd wiene. It spul wat it langste duorre wie dat fan de foarsitter tsjin de skriuwer. De beide mannen wiene tige wiis mei harren houtsjes want nei oardel oere hiene se der beide noch mar fiif houtsjes ôf en in heal oere letter beide njoggen. Skriuwer Bauke Bos hie it dreech mei de iepening en stie hieltyd op skerp omdat foarsitter Cor Kooistra him hieltyd yn de fal lûke woe.
Mar Bos wie op syn skerpst en struts hieltyd de goeie, wylst er in pear kear miende dat er achter reitsje soe, en kaam der hieltyd moaier op te stean. It wie in echte stadige partij want doe’t de partij einige yn remise hie Bos noch mar sân minuten en Kooistra 36 minuten op ‘e klok. De beskikbere trije oeren waarden dus goed benut. In fertsjinne heale punt foar beide mannen wêr’t se beide tige wiis mei wiene.

Utslaggen: Fryslân Kup: Jelle Wiersma – Fedde Wiersma 1-0. Kompetysje: Tineke Teigeler – Kees Castelein 1-0; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0-1; Willem Schaap – Jan Castelein 1-0; Ype Boelens – Willem Schaap 0-1; Bauke Bos – Cor Kooistra ½ – ½

Over de auteur

friesdammen administrator