Noch fiif jier dan kin yn Jorwert de flage út foar it hûndert jierrich bestean fan it pleatslike O.K.K. (‘Oefening Kweekt Kunst’). Sa lang is der ek al in priisdammerij. Earst wie it de ‘Baarderadeel-partij’, nei de earste weryndieling de ‘Littenseradiel-partij’ en nei fierdere opskaling de ‘Wapen van Baarderadeel- partij’. Om no de haadstêd yn de namme te belûken gie de Jorwerters te mâl en is it werom nei de lokaasje sels, it smûke kafee. It gie yn de lêste omloop om de priis mei Wiersma op de folle trije punten en Kooistra mei twaddel punt der efter.
T.Kooistra – J.Wiersma, 10.11.2026 Jorwert, 4-e omloop Wapenpartij
1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 Yn dizze iepening is der in ferskaat oan farianten. 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.46-41 18-23 No is 9.40-35 krekt wat skerper. 9.26-21 16×27 10.31×24 19×30 11.40×20 14×25 12.41-37 11-16 13.44-40 13-19 14.36-31 12-17 15.40-35 19-23 16.33×13 8×19 Swart keart de wite ôfruil oerdwers. 17.50-44 7-11 17. …19-24 is better. Nei de partij-set hie wyt 18.35-30! 25×34 19.44×14 3×23 (9×18? om 31-26 en 37-31) 18.31-27 2-8 19.27×7 11×2 20.32-27 8-13 21.44-39 25-30 22.35×24 19×30 De swarte oanfal troch 21. …9-14 en sil folgje 22.35-30 25×34 23.39×30 15-20 etc. is better. Wyt kin no de hoeke wer fersterke. 23.39-34 30×39 24.38×40 9-14 25.43-39 2-7 26.39-34 7-11 27.40-35 15-20 De Frysk kampioen mei der graach in loopke yn strike. Sa as no mei 20-25, 13-18 en 7-11. 28.49-44 1-7 driget 16-21 29.42-38 20-24 30.38-33

30. …13-19? Swart rekket op in ôfruil tebek en dan 19-24 Mei 31.27-22! hie wyt winnend spul. 31. …16-21 kin net om 32.48-43. Dan mar de ôfruil 7-11 en dan kin wyt oanfalle op de swakke swarte formaasje. 31.33-28 7-12 32.37-31 12-17 33.27×7 11×2 34.31-27 2-8 35.48-42 8-13 36.44-40 24×44 36.45-40! bringt de driging 27-21 yn it spul. No is der wer lykwicht. 37.40×49 19-24 38.35-30 24×35 39.45×25 4-10? Swart wol troch 14-19 de driging 19-24 yn it spul bringe. 40.42-37 14-19 41.28-22! en dat wurdt keard. 41. …10-14 42.49-43 19-24 43.25×23 13×33 44.43×23 14-20 Wat oars?

45.37-32 20-25 is foar wyt analitysk wûn nei 27(!) setten. Soks is mei in menút op de klok net te sjen. Dat Kooistra naam de wisse kamp-fariant. 45.23-19 20×18 46.22×13 3×23 47.27-21 16×27 48.37×17 23-29 49.17-12 29-34 50.12-8 34-39 51.8-3 39-44
Nû. 9 sw. 2, 4, 6-9, 13, 16, 22 wyt 26, 29, 30, 35, 39, 40, 42, 47, 49
Nû. 10 sw. 9, 12, 16, 19, 29, 35 wyt 27, 32, 36, 39, 41, 47
En twa nijen fan Stallinga-Baron

Nû.11 sw. 6, 9, 10, 13, 20, 22, 28, 29 wyt 16, 35, 37, 40, 41, 43, 44, 47

Nû.12 sw. 7, 12-14, 18, 20, 22, 45 wyt 16, 25, 26, 32, 39, 43, 44, 50
Oplossingen stjoere foar 11 desimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Je moet inloggen om een reactie te kunnen plaatsen.
Over de auteur