Hennie de Haan kin de puntsjes ek wol brûke

doorfriesdammen

Hennie de Haan kin de puntsjes ek wol brûke

Der wie ôfrûne moandei mar in lyts ploechje dammers. Dat hie ferskate oarsaken: sykte, Fryslân Kup, oare damferplichtingen ek yn de kommende wike en autopech. Troch it lêste koenen de jeugdige dammers út Snits net oanwêzich wêze. Spitich, want as der wat jongerein by is, dan jout dat krekt wer wat in oare sfear. Hennie de Haan wie der wol, sa as meastal. Sy kin de puntsjes wol brûke. Hiel rom sit se der noch net yn.

Se moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Dy man is sa njonkenlytsen fan alle merken thús. Ek it damjen slagget him wol aardich dit jier. Foarôf sizze jo dan al: Dit sil in hiele ris wurde foar Hennie de Haan. Dochs gyng de partij aardich lyk op en der wie hiel lang net folle te sizzen fan wa’t der no it bêste foar stie. Mar dan ynienen stean foar Hennie alle ljochten op read. Dan is der eins gjin salve mear oan te striken en moast se wer mei in nul nei hûs.

Sy koe dan fuortendaliks de oare ferliezer, Bauke de Boer, ek thús bringe. Dy ferlear sa mar fan Tineke Teigeler. Sa no no en dan kin Tineke ferrassend sterk út de hoeke komme. Se rekkene brutaalwei en selsfersekere ôf mei de nestor fan de klup. Dêrnei spilen se noch in potsje foar spek en brea. It earste potsje gyng foar de drûge woarsten, want de trije kompetysjespullen hienen se al spile. Dan is der dus de neikompetysje.

Yn in moaie partij moast Sjoerd Jan it ferlieze fan Willem Schaap. En de fjirde partij, dy tusken Cor Kooistra en Dicky van der Meer waard wûn troch de lêste. Dêr hie er net safolle muoite mei, want Kooistra wie mei de teory yn de war: Hy die in iepening fan wyt mei swart. Dêr kaam er efter fuort nei de tredde set. No dan stiet alles dus ferkeard en dan witte jo it wol.  De beide mannen ha dit seizoen fjouwer kear tsjin elkoar spile: twa kear foar de kompetysje, ien kear op in wedstriid en in kear foar de Kup. Beide ha twa kear wûn, wêrfan Van der Meer twa kear yn de kompetysje.

Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator