Dammer Wiersma rint skea op

doorfriesdammen

Dammer Wiersma rint skea op

Yn e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul like it der op dat regearjend kampioen Jelle Wiersma wol wer oer elkenien hinne batse soe. Lykwols, dat byld moat nei de tredde omloop justjes bysteld wurde. Wiersma moast it tiisdeitejûn yn Jorwert opnimme tsjin Marten Walinga, dochs ek in favoryt foar de titel, en net te ferjitten ôfrûne simmer de earste wrâldkampioen yn it Frysk damjen wurden. Dat twong sa t it liket respekt ôf. De mannen gongen tige hoeden te wurk, en nei al dy ôfroalderij wie it ek gjin niget dat it úteinliks op in kampspul útdraaide.

Taeke Kooistra hie troch dat resultaat op likense hichte komme kind, mar hy profitearre net. Wol koe de Hartwerter tsjin Henk Haanstra al rillegau in daam helje, mar dat bliek net in duorsum gefal. Dêrnei meneuvele Haanstra syn houtsjes sa tûk teplak dat Kooistra optlêst gjin set mear oer hie. De Aldegeaster makket troch dy oerwinning mei Marten Walinga diel út fan in ploechje efterfolgers op Wiersma. Dêr heart ek Tjerk Wijbenga by. Nei in lykopgeande striid makke de Arumer tsjin Siebe Walinga handich gebrûk fan e spulregel yn it Frysk damjen dat daamslach foargiet.

Yn e twadde acht is Willem Schaap (Dearsum) de iennichste dy t noch net in skawankje oprûn hat. Noch in klasse leger binne it de feteranen Cor Kooistra en Sjoerd Couperus dy t as iennichsten de folle winst ynhelle hawwe.

Utslaggen en tuskenstannen tredde omloop persoanlik kampioenskip Frysk damjen

tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Piter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0.

Stân: Wiersma 2,5; Haanstra, M. Walinga en Wijbenga 2; Hoogterp en Kooistra 1,5; S. Walinga 0,5; De Vries 0.

tredde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1.

Stân: Schaap 3; Dijkstra 2,5; Tijssen 2; Groenveld, Hoekstra, Westra en Wiersma 1; Bakker 0,5.

tredde omloop: Dicky van der Meer (Terherne) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1.

Stân: Couperus en Kooistra 3; Sikma 2; Boelens, Dyk, Van der Meer en Wiersma 1; Kingma 0.

Over de auteur

friesdammen administrator