Troch sleauwichheden ferlieze yn de heechste klasse.

doorfriesdammen

Troch sleauwichheden ferlieze yn de heechste klasse.

It wie hast net te leauwen, dat der twa man troch enoarme sleauwichheden harren partijen út hannen jûgen. Men kin jin ôffreegje hoe’t it dochs mooglik is dat guom goeie dammers dan dochs sa mar in slach, dy’t in bern sjocht, oer de kop sjen kin De beide tsjinstanners fan respektifelik Jelle Wiersma en Dicky van der Meer oerkaam sokis. Net te leauwen as men it sjen soe.

Gelokkich is der ek posityf nijs fan de lêste kompetysjejûn fan dit jier te melden. Sa jûch Jan Castelein, noch mar in skoftke op de klup, Sjoerd Huitema goed partij. Fansels wûn Sjoerd, dat koe hast net oars, mar likegoed gienen de positive opmerkingen ek rjochting Jan.

Tineke Teigeler begjint hieltiten better te damjen. Op it damtoernoai wûn se de earste priis yn har klasse en yn novimber reage se Bauke Bos fan it boerd. Moandei moast se it wer tsjin Bos opnimme. En it wie te sjen dat se der sin oan hie. Bauke wie fansels warskôge en besocht goed by de partij te bliuwen. Spitich wie dat Tineke yn har entûsjasme in ferkearde streek die en dêrtroch in houtsje achter rekke. Mooglik kaam it omdat se oan deselde tafel siet wêroan’t de blunderaars út de heechste klasse ek sieten. Wa sil it sizze. Foar Bauke Bos krige de partij dêrnei in hiel oar oansicht en benammen net dreger. Hy makke dêrnei gau dien wurk.

Men seit wol ris: wyt begjint en swart wint. Sa waard dit sechje dizze jûn wer ris wier. In protte dammers ha leaver swart as wyt. Mei swart kinne se alle kearen en foaral yn it begjin antwurd jaan op de setten fan wyt. Se bepale foar in part de teory fan de partij. Foar oaren makket it net úy hokker kleur se ha. Dat binne de echten sille wy mar rekkenje. Nije wike binne wy te gast yn Hartwert en dêr hat elk sin oan.

Utslaggen: Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1;  Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd Huitema 0 – 1.

(Tekst: Cor Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator