Taeke Kooistra oan kop by persoanlik kampioenskip

doorfriesdammen

Taeke Kooistra oan kop by persoanlik kampioenskip


Guon hiene him al ôfskreaun, mar dochs giet 18-fâldich kampioen Taeke Kooistra nei 5 fan ‘e 7 omlopen no wol wer gewoan oan ‘e lieding by it persoanlik kampioenskip. Neidat de 66-jierrige Hartwerter ôfrûne tiisdei ôfrekkene hie mei de blunderjende neiste konkurrint Marten Walinga, makke hy sneon yn Blauhús ek gjin flaters. Twa kombinaasjes wiene foar de Arumer Tsjerk Wijbenga tefolle fan it goede, en de middeis rekke Pieter Hoogterp (De Gastmar) ek al gaueftich twa houtsjes yn ‘t efter.

Yn slachkrêft docht de regearjende kampioen Jelle Wiersma oars net folle foar Kooistra ûnder, sa’t de beide promovendussen Kees Tijssen en Willem Schaap ûnderfine moasten. Wiersma gong ferline wike yn ‘e earste omloop fuortdaliks ûnderút tsjin Wijbenga, mar hy is dêrnei wer hielendal by de wâl op klattere. Yn ‘e ranglist stiet de Wommelser mar in heal punt efter Kooistra. Takom’ wike op ‘e lêste dei fan it kampioenskip treffe de beide matsjedoaren inoar noch, en dan kinne de posysjes dus samar wer omdraaid wêze.

De meast opfallende útslach wie sneon it ferlies fan Marten Walinga tsjin Kees Tijssen; it liket der op dat it de wrâldkampioen dit jier wat mist oan skerpte. Dêr hat Hein de Vries yn ‘e twadde acht gjin lêst fan. Sekuer manûvrearjend wûn er ek sneon wer syn partijen, en dat is fan dy gefolgen dat er yn dizze klasse no mei in fol punt de lieding naam hat. Oare wike yn Skearnegoutum kin him de promoasje nei de kampioensklasse dan ek hast net mear ûntgean.

Utslaggen en tuskenstannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Kees Tijssen (Reduzum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1. Fyfde omloop: Wiersma – Schaap 1-0, Walinga – Tijssen 0-1, Kooistra – Hoogterp 1-0, Haanstra – Wijbenga 1-0.
Stân: Kooistra 4,5; Wiersma 4; Walinga 3; Haanstra 2,5; Tijssen & Wijbenga 2; Hoogterp & Schaap 1.

Twadde acht, fjirde omloop: Sjoerd Couperus (Snits) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0. Fyfde omloop: De Vries – Kooistra 1-0, Walinga – Couperus 0,5-0,5, Dijkstra – Bakker 1-0, Hoekstra – Groenveld 0-1.
Stân: De Vries 4,5; Groenveld & Walinga 3,5; Couperus, Dijkstra & Hoekstra 2; Bakker 1,5; Kooistra 1.


Over de auteur

friesdammen administrator