Dizze sneontemiddei wiene der 14 jonge dammers nei Skearnegoutum ta kaam om de titel Frysk kampioen te winnen. De lieding wie yn hannen fan Sjouke Attema, mei help fan Jurjen Frankena en Gatze Ykema. De dammers wiene yn 3 klassen ferdield.
By de begjinners diene Wytse Breeuwsma, Ids Delea, Mirte Hannema en Freark Smink mei. Sy spielen in dûbele kompetysje dus se moasten 2 kear tsjin elkoar. Nei de 1e omloop wiene der 3 dammers mei 2 punten dus it koe yn de 2e omloop noch alle kanten op. Ek yn de 2e omloop waard der hiel best damme en oan de ein die wol bliken dat Wytse Breeuwsma mei 4 punten de winner wie. Ids en Mirte hiene elk 3 punten en moasten dêrom noch in beslissingspartij damje. Mirte joech Ids goed partij, mar moast oan ’e ein dochs belies jaan. Hjir ûnder de útslaggen op in rij.
1e Wytse Breeuwsma 4 punten
2eIds Delea3 punten, nei beslissingspartij 2e
3eMirte Hannema3 punten, nei beslissingspartij 3e
4eFreark Smink2 punten
De pupillen wiene mei in groep fan 6 dammers en dêr diene mei: Wytse Wiegersma, Neeltsje Ykema, Jorrit Frankena, Teije Stor, Brecht Ykema en Janke Delea. Nei 3 partijen koe it alle kanten noch op en kaam it dochs op de lêste partijen oan om de beslissing te bringen. De measten wiene goed oan elkoar weage en der waarden betiden moaie setsjes úthelle. Wa’t de winner wie, dêr bestie gjin twivel oer, Jorrit Frankena hie alle partijen wûn en waard dêrtroch fertsjinne kampioen. Om it 2e, 3e en 4e plak wie it noch hiel spannend, want Neeltsje, Wytse en Janke hiene allegear 3 punten en ek mei it SB systeem hiene se allegear like folle punten. Dus dêr waard noch in lytse kompetysje tusken dizze 3 damd. Earst spile Wytse tsjin Janke en troch in moaie set koe Wytse yn it einspul in daam helje en dêr koe Janke net mear tsjin op, dus winst foar Wytse. Doe mocht Neeltsje tsjin Wytse en dizze partij waard wûn troch Neeltsje. Doe wiene der 2 dammers mei 1 punt en kaam it dochs echt op de lêste partij oan. Se koene allegear op 3 punten komme. Janke moast noch tsjin Neeltsje damje. Neeltsje stie healwei al 4 houten foar op Janke, dat je soene sizze, dy partij is al wûn. Mar Janke kaam geweldich werom en helle in daam en brocht har efterstân werom. Neeltsje hie noch 1 hout en in daam en Janke hie har daam poer bêst stean en Neeltsje kaam der mei har hout net mear troch hinne, dus it waard kamp. De stand waard as folget:
1e Jorrit Frankena5 punten
2e Neeltsje Ykema3 punten, nei beslissingspartijen 2e
3e Wytse Wiegersma3 punten, nei beslissingspartijen 3e
4e Janke Delea3 punten, nei beslissingspartijen 3e
5e Teije Stor1 punt
6e Brecht Ykema0 punten
By de jeugd wiene der 4 dammers nei de finale gien en dat wiene: Eelco de Wolff, Wytze Zeinstra, Harmen Jacob Postma en Wiebren Ykema. Sy moasten dizze middei 3 partijen spylje om te sjen wa de nije kampioen waard. Nei 2 partijen stie Wiebren der it bêste foar mei 2 punten, mar Eelco hie al 1,5 punt en moast noch tsjin Wiebren. Dus de lêste partij gie om it kampioenskip. It wie net de dei fan Harmen Jacob, want yn de foarrûnte alles wûn en dizze dei hied er alle partijen ferlern. De partij tusken Wiebren en Eelco wie al gau beslikke yn it foardiel fan Wiebren dy’t dêrtroch kampioen waard en syn broer opfolge dy’t foarich jier noch kampioen waard. It wie wol de dei fan de beslissingspartijen, want ek hjir moast om it 2e en 3e plak spile wurde troch Eelco en Wytze. Se hiene al kamp elkoar spile dus se wiene oan elkoar weage, mar Eelco luts oan it langste ein en waard dêrmei 2e. Hiel knap fan Eelco, want hy hie him noch krekt pleatst foar finale en dan ek noch 2e wurde. De útslach wie as folget.
1e Wiebren Ykema3 punten
2e Eelco de Wolff1,5 punt, nei beslissingspartij 2e
3eWytze Zeinstra1,5 punt, nei beslissingspartij 3e
4e Harmen Jacob Postma0 punten
(Tekst Sjouke Attema)
Over de auteur