Boppesteande útspraak waard dien troch ien fan de Stadige Strikers. Hy krige te meitsjen mei de teory fan in partij dy’t er ferline jier ek spile hie. Sterker noch dy partij spile er tsjin deselde tsjinstanner as moandeitejûn. Hy begûn wol goed, mar doe nei in oantal streken wist er it net rjucht mear. Syn tsjinstanner wist it noch wol! Wy hawwe it hjir oer Sjoerd Huitema,dy’t it net mear wist en Dicky van der Meer. No is it net sa frjemd dat yn it begjin fan it seizoen men sizze heart: Ik wist it net mear.
Der binne fan dy dammers, dy’t nei sa’n simmer efter it boerd sitten geane en alle setten en streken noch likegoed witte as in healjier lyn. Sokken kinne jo nachts wekker meitsje en se rattelje samar de iene teory nei de oare derút. De measte oaren moatte der alle jierren wer wat ynkomme. Dan sjogge se thús earst nochris de setten even nei. Of se spylje wat partijen nei. No is it hjoed-de-dei fansels ek tige de gewoante om de hiele simmer op ynternet troch te damjen en dan hoege jo der net mear yn te kommen. Sokken binne altiten paraat en kapabel. Ien dy’t de simmer net trochbringt efter it boerd of it damskermke moat der earst wer wat ynkomme.
Dat Dicky van der Meer de partij wûn, wie nei it ôfwiken fan de teory troch Huitema, net botte ferwûnderlik. Wol ferwûnderlik wie dat Willem Jan Nieuwenhuizen hiel sterk siet te damjen. It is al in moaie hoart lyn, dat er it lêste potsje skode. Hy moast it opnimme tsjin Ype Boelens, dy’t ferline wike it net oprêde koe om Bauke Bos te ferslaan. Fan Ype dy’t út de heechste klasse weikukele is, waard ferwachte dat er op slofkes kampioen fan de twadde klasse wurde soe. Ien ferliespartij kin noch hinne bruie, mar moandei moast er eins al winne. No dat gie net sa mar, sterker noch tsjin weryntreder Willem Jan kaam er yn it middenspul in houtsje efter en doe die al gau bliken dat it wolris swier kealje koe om der noch in winnend resultaat út te heljen. Willem Jan wie op syniepenst want sa sei er: “Ferline wike die ik in streek en doe’t ik dy strutsen hie, tocht ik: ferdoarje dy kin ommers net. Dat woe my hjoed net wer oerkomme!” Men kin wol begripe dat hy skerp siet te tinken en hy jûch dan ek gjin krimp en wûn it spul.
Wûnen de heit en soan Castelein ferline wike beide, no setten se beide mei in dikke nul nei hûs. Tineke pakte yn de twastriid tusken de froulju de punt fan Hennie en Willem Schaap ferlear ek syn twadde partij. Oer alle spullen is noch in hiel ferhaal oan op te hingjen, mar de lêzers moatte it fierders mar mei de útslaggen dwaan.
Utslaggen: Kees Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Ype Boelens – Willem Jan Nieuwenhuizen 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Over de auteur