Lykas oare tinksporten moat it Frysk Spul har rêde mei online damjen. Yn it lêste echte toernooi, it Fryslân Iepen fan 2020 troffen de favoriten Alexander Georgiev en Jelle Wiersma har nei it reguliere toernooi by de grutmasters. Dit slot-toernooi mei de beste fjouwer dammers waard ferrassend wûn troch Folkert Groenveld dy’t in twakamp tsjin de regearjend wrâldkampioen spylje sil. Dat is Marten Walinga dy’t yn 2018 de titel pakte krekt foar Georgiev. It Russyske rekkenwûnder hat it yn him om nei tsien wrâldtitels yn it hoekse spul, ek nochris dy yn it Fryske Spul te winnen. In Frysk dammer sil it net oprêde yn it hoekse spul. Wa wit nimt immen as Roel Boomstra as in Sjinees nochris de stap. No oandacht foar de partij fan Georgiev tsjin Wiersma. De Rus iepene wer mei deselsde set. 1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 3.40*29 19-23 4.44-40 23*34 5.39*30 14-20 Swart docht it oars, meastal folget 13-19 6.30-25 10-14! 6.30-24 20×29 7.33×24 17-21 8.26×19 9×20 is foar swart wat better 7.49-44 18-23 8.44-39 14-19 9.25*14 19*10 10.39-34 15-20 En dan aans twa kear oerdwers. 11.34-30 23-28 12.33×22 17×28 13.32×23 13×33 14.43×23 20-25 15.35×15 5×34 16.40×29 16-21 17.26×17 11×33 18.38×29 en swart wat better 12.38*18 8*39 13.40*38 20*40 14.35*44 9-14 It swarte plan is helder, oanfalle op de úttinne hoeke fan wyt. 15.44-40 14-20 16.40-35 20-25 17.35*15 5*25 In âlde wiisheid is ‘net strike oan de mindere kant’. 18.32-27 10-15 19.27-22 12*32 20.42*22 17*28 21.38*9 3*14 22.37-31 14-20 23.31-27 20-24 24.41-37 24-30 25.37-31 15-20 26.46-41 20-24 27.43-39 4-10 28.41-37 30-35 De posysjes binne opboud en de dammers komme inoar op ‘e lea. 29.39-34! 35*33 30.27-21 16*27 31.26*39 10-15 32.39-33 11-16 33.31-26 7-11 34.37-31 1-7 35.31-27 11-17 36.33-29! 17*37 37.47*27 24*33 38.27-21 16*27 39.26*39 25-30 40.45-40
40. …6-11 41.40×20 15×24 42.39-34 24×44 43.50×39 11-17 sil kamp wurde. 40. …30-35 41.39-33 35*44 42.50*39 15-20 43.39-34 7-12 44.36-31 12-17 Wyt hat de ferkearde kar nommen en giet troch de klok yn in minne stân. Bygelyks 41.50-44 7-12 42.48-42 6-11 43.39-33 15-20 44.44-39 35×44 45.39×50 12-17 kin samar kamp wurde. Twa problemen fan Duursma, de man efter de skûlnamme Stellinga-Baron.
Nû.15 sw. 3, 9, 11, 14, 17, 19, 26, 27, 45 wyt 23, 28, 34, 37, 46-50
Nû.16 sw. 5, 9-12, 15-17, 19 wyt 25, 29, 31, 32, 35, 39, 41, 44, 47 Oplossingen noch net stjoere. Folkert Groenveld Riperwei 6 8623 XH Jutryp groenveldf@hotmail.com
Over de auteur