Dat de Stadige Strikers al sa’n bytsje njonken de skuon rûnen de lêste tiden, is by de folgers fan dizze damklup wol bekend. Sûnt se klupkampioen waarden hienen de mannen de measte wille. En doe’t ek Jelle Wiersma persoanlik kampioen fan Fryslân waard en Dicky van der Meer ek noch as kampioen fan de tredde acht promovearre wienen de Strikers op ‘en nij yn inhosanna stimming. Moandeitejûn kaam damklup Nocht & Kriich út Aldegea op besite en dy hawwe de Strikers wer te plak setten.
Yn in gesellige sfear fûn de twastriid tusken de beide klups plak. Aldegea hie trettjin spilers meinommen, wylst de Strikers der mar tolve tsjinoer sette koenen. Dat wie wat spitich, mar ja soms rint dat sa. Om elkenien dochs damje te litten, spile Bauke Bos tsjin twa tagelyk. Dat koe eins net, mar hy levere dochs noch wol twa moaie partijen ôf. Hy koe se allinne net winne. En yn de ûnderein hienen de Skearnegoutumers it ek dreech. Dat wie ek net sa ferwûnderlik, want op de twa ûnderste buorden sieten heit en soan Castelein en dy damje dit jier foar it earst. Sy moasten it opnimme tsjin Minne en Almar en dy hawwe harren hiele libben al damd, hoewol dat foar Almar ek jildt, mar dat is noch wol in jongkeardel. De beide mannen wienen de begjinners de baas. Oant sa fier krige Nocht & Kriich de punten frij maklik.Yn de boppe-ein fandelen de Strikers de nedige puntsjes by-inoar. Op it earste boerd wûn Jelle en Willem spile kamp op it twadde. Dicky spile kamp op boerd fjouwer en boerd fiif en seis wie ek foar de Strikers: Bauke Dykstra en Cor. Al mei al spilen de earste acht tsjinelkoar gelyk: 4 – 4. Hennie de Haan fersloech Meike van der Meer en dat wie in hiele moaie punt. De snelle rekkeners witte no al dat de stân 5 – 8 waard.
Wy sette de útslach efkes goed yn it nijs, sadat dy besikers no ek krekt witte hoe’t it om en ta gien is. Nei’t se in jiermannich lyn de beker meijûgen oan de Strikers, wylst dy doe hielendal net de winners wienen, binne se heel wat skerper wurden. Destiids kamen se nei it tredde gleske bier der achter dat net sy, mar de Strikers ferlern hienen. Dy beker stie doe al yn Skearnegoutum te pronk. Moandeitejûn koenen de mannen de beker mei rjocht en reden meinimme nei Aldegea. Sy hienen de Strikers wer te plak setten.
Utslach: Jelle Wiersma – Siebe Walinga 1 – 0; Willem Schaap – Folkert Groenveld ½ – ½; Sjoerd Jan Bakker – Henk Haanstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Pieter Hoogterp ½ – ½; Bauke Dykstra – Sjoerd Couperus 1 – 0; Cor Kooistra – Rein Jan Walinga 1 – 0; Sjoerd Huitema – Willem Hoekstra 0 – 1; Bauke Bos – Johannes Hoekstra 0 – 1; Bauke Bos – Folkert Attema 0 – 1; Tineke Teigeler – Beke Haanstra 0 – 1; Hennie de Haan – Meike van der Meer 1 – 0; Kees Castelein – Almar Steginga 0 – 1; Jan Castelein – Minne Posthuma 0 – 1. Stadige Strikers – Nocht & Kriich 5 – 8.
(Tekst: Cor Kooistra)
Over de auteur