De damferslachjes binne der sa’n bytsje by yn sketten sa om âld en nij hinne. Dêrom is hjir in ynhelslach, wêr’t yn ek oandacht oan de striid tusken de Strikers en Hartwert. Fierders noch twa klupjûnen mei de nijsgjirrichheden. It is allegear âld nijs mar wol foar it earst oan it
papier tabetroud. Op moandeitejûn de 19de fan desimber kaam it der dan dochs noch fan: de striid tusken Skearnegoutum en Hartwert. Dat wie foar de lêste kear spile yn 2019. Yn 20 en 21 koe it net troch gean yn ferbân mei de pandemy. No dat hawwe wy witten. It ûnthâld is blykber net al te goed mear by guon dammers, want guon wisten eins net mear wêr’t de lêste striid ferspile west hie. Oant in wike fan te foaren tochten guon dat it yn Hartwert plakfine moast. Yn Skearnegoutum waarden de ôfspraken mei it bestjoer fan it Swettehûs wer opsein. Doe’t in pear dagen letter it dochs dúd;lik waard, mei swart op wyt, dat de Strikers de gasthearen wienen, moast de klup alles op ‘e nij mei it Swettehûs regelje. Klear dat wie ek net sa’n puint, mar it die wat sullich oan.
Op de 19de kamen net allinne Stadige Strikers yn it boarterslokaal fan de skoalle, mar noch folle mear “Hartwerters”. Hoe is it mooglik soe men sizze dat sa’n doarpke fan om en de by 100 ynwenners sa’n mânske damklup hat. Moai dat se der wienen. It die fuortendaliks fertroud oan. Praat ja oan praat gjin gebrek. Men koe sa wol merke dat de striid tusken de klups mei jûchhei ûntfongen waard. Nei wat praat fan de foarsitters krigen de houtsjes harren gerak. It waard in moai barren. De puntsjes giene yn it begjin foaral nei de gasten, dy’t njonken de tsien spilers ek noch seis losse dammers hienen, dy spilen in eigen kompetysjepartij. Hoewol it wol spannend wie, moasten de Strikers mei it ferlies tefreden wêze. Utslach: Strikers – Hartwert. Dicky van der Meer – Taeke Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tsjerk Wybenga 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Fedde Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Germ Bruinsma 1 – 0; Ype Boelens – Ygram Wybenga 0 – 1; Cor Kooistra – Klaas Wiersma 1 – 0; Bauke Bos – Ids Boersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Lieuwe Eringa 0 – 1; Kees Castelein – Tom Vellinga 0 – 1; Jan Castelein – Siebe Elzinga 0 – 1. Einstân 4 – 6.
De beide kompetysjejûnen fan de Strikers yn it nijejier wie wat oantallen oanbelanget wol oare koek as mei de “clash” tsjin Hartwert. Nee de Strikers ha te krijen mei tsjinslaggen en de foarnaamste dêrfan is sykte. Sa wienen der op de earste jûn tsien en op de twadde moandeitejûn sân dammers.Dat sjocht der net sa florisant út. De útslaggen 9-1: Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 1 – 0; Kees Castelein – Tineke
Teigeler 0 – 1; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0. Op 16 – 1: Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Folkert Groenveld -0 – 1.
Over de auteur