Altiten kamp en dochs noch ferlieze.

doorfriesdammen

Altiten kamp en dochs noch ferlieze.

Wat wie it moai dat nei in hiel skoft Hennie de Haan wer oanwêzich wie. Nei in ûngemak mei har himp koe se net komme, mar no wie se wer paraat. Se waard ophelle troch Bauke Bos. Dy lêste hie no al twa leden yn ‘e auto dy’t op dit stuit net sels ride kinne. It like der suver op dat moandeitejûn alle praktisearjende leden oanwêzich wêze soenen. Om healwei achten wachten wy noch op ien mar dy kaam net opdaagjen. Der waard moai damme. Ien partij koe eins net oars mear as kamp, mar it soe dochs noch op ferlies útdraaie.

Wy begjinne mei in ferslachje oer de partij tusken Kees Castelein en Hennie de Haan. Se makken der in moaie partij fan. Der wie ek noch net folle fan te
sizzen doe’t se sa’n bytsje op ‘e helte wienen. Uteinlik krigen se beide in
daam, mar Kees hie ek noch houtsje en dat moast oer de lange line hinne.
Mar op dy line regearde de daam fan Hennie. Gewoanwei komme jo dan
kamp oerien, mar Kees en Hennie woenen it noch wol even útspylje. Hennie draafde mei de daam fan de iene hoeke nei de oare en Kees koe net oars om dat mar wat gewurde te litten. Hy die ris in streek mei de daam en dan werris mei it houtsje. Op it lêst hie er de daam yn de koarte hoeke en syn houtsje siet op it lêste plakje tsjin de lange line oan. Hennie skode sûnder euvelmoed har daam ûnder it houtsje en Kees pakte syn daam en skeat nei de oare koarte hoeke en fong sa mei in deadlike slach de daam fan Hennie op. Ferlern dus. Spitich foar Hennie dy’t sei: “Soks sjoch ik noait!”

Dicky van der Meer spile tsjin twa tagelyk. Tsjin Jelle rûn er it gauw op. Mar
tsjin Ype hie er mear sukses. Mei de iepening 12 – 17 fan swart luts er Ype yn de teory. Dan is it maklik damjen. Tineke Teigeler hie net folle moederaasje mei Jan Castelein. Dy Jan kin goed damje mar de iepening is no noch syn probleem. It moaie fan dy Casteleinen is dat se hiel bot fan it spul genietsje. It gyng dus net goed en Tineke koe wer thús komme mei de meidieling: “Ik ha wûn!”

Utslaggen: Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0,5 – 0,5; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0.

[CK]

Over de auteur

friesdammen administrator