Us ponghâlder hat soms moaie útspraken. Dochs wie de skriuwer it net hielendal iens mei dizze útspraak. Foar de partij fan Ype Boelens en Willem Schaap, dy’t dizze jûn twa partijen tagelyk spile, de oare tsjin Bauke Dijkstra, kloppe dit wol, mar by in oare partij net, dy fan Jan Castelein en Bauke Bos. Ype helle der in slachje út en helle in daam en wie twa houtsjes achter. Lykwols koe er de daam net lang hâlde en kaam wer lyk. Hy hie Willem oan it tinken en fûn dat in hieleprestaasje. Dochs diene de beide mannen it dêrnei goed en waard it kamp. Wa’t it net hielendal goed die en dochs kamp helle, wie Jan Castelein. Nei in prachtich spul like Jan der hieltyd better op te kommen en oan it ein fan it spul rekke hyin pear houtsjes foar. Troch twa wei te jaan miende er Bauke syn daam te pakken en dêrmei de partij te winnen. Bauke koe ek oars slaan en pakte sa beide houtsjes sûnder syn daam kwytte wêzen en helle sa wer wat houtsjes werom. Nei noch wat trochstriken, wêrby Jan noch ien houtsje mear hie siet der niks oars op dan kamp. De oare partij fan Willem eindige yn winst foar Bauke Dijkstra, sadat Willem syn earste ferliespunt te pakken hie.
Utslaggen: Jan Castelein-Bauke Bos 1/2-1/2; Dicky van der Meer-Jelle Wiersma 0-1; Sjoerd Jan Bakker-Tineke Teigeler 1-0; Ype Boelens-Willem Schaap 1/2-1/2; Bauke Dijkstra-Willem Schaap 1-0
(Bauke Bos)
Over de auteur