As jo it witte, is it sa maklik.

doorfriesdammen

As jo it witte, is it sa maklik.

Foar de omstanners en dat wienen der noch mar in pear, wie it sa maklik. Mar wat foar de iene maklik is, hoecht dat foar in oar noch net te wêzen fansels. Dat is net allinne mei it damjen sa, mar dat jildt foar de measte dingen. Foar de iene soe it yn in hânomdraai klear wêze, wylst in oar dêr wakker oer sit te stinnen foar’t er ta in oplossing komt of net fansels. Yn de partij fan Bauke Dykstra en Bauke Bos spile dit. En it is  as jo it witte sa maklik.

De partij wie de hiele jûn al moai lyk op gien. Bauke Dykstra spile ek tsjin Hennie de Haan. Dat wie ek in moaie pot, mar Hennie miste oan de ein krekt even de goeie fuortsetting. Dat wie spitich, want der hie foar har wol muzyk yn sitten as sy de goeie dien hie. No efkes fierder mei de partij fan de beide Baukes. Der waard net op de klok spile., fanwege it feit dat Dykstra tsjin twa tagelyk spile. 

De partij like yn it foardiel fan siktaris Bos te wêzen. Hy hie de bêste slaggen yn petto. Dykstra seach dat fansels ek oankommen en die in needoplossing, dy’t nei alle gedachten kamp op leverje soe. Beide dammers krigen in daam en elk hie ek noch in houtsje. Dykstra syn wite daam stie yn de lange hoeke en de swarte fan Bos yn de koarte hoeke. Bauke Bos moast mei syn houtsje oer de lange line. Dat koe fansels net. Dochs makke er dêr krekt syn earste flaterke. Hy tocht syn houtsje te offerjen oan it wite houtsje, mar fergeat dêrby dat er troch dy aksje mei syn houtsje op de lange line kaam. Daamslach giet foar en doe ferspile er syn hout. Dêrnei hie it noch wol kamp wurde kinnen, mar ja dan moatte jo witte wêr’t jo de damm del sette. Dat gie dus ferkeard. Spitich foar Bos, om’t er in hiele goeie partij spile hie.

It is no wol dúdlik dat Sjoerd Jan Bakker thús sterker is as út. Op frjemde boaiem pakt er lang safolle punten net as yn syn fertroude omjouwing. Nim no de partij fan moandeitejûn. Hy moast tsjin Willem Schaap. Dy kin fansels ek wol in houtsje strike, mar is ek wakker aventuerlik. Dat is moai, want dat jout ek wat eksta’s oan in partij. Sjoerd Jan spile deeglik en Willem besocht him mei syn eigen spul yn de lueren te lizzen. Dat slagge him net. Sjoerd Jan kaam der better út en op in bepaald stuit hie Willem gjin poat mear om op te stean.

No sneon moatte beide hearen wer damje yn Skearnegoutum foar de persoanlike kampioenskippen dat jildt fansels ek foar Dicky van der Meer, Jelle Wiersma, Bauke Dykstra, Ype Boelens en Cor Kooistra.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0 – 1; Cor Kooistra – Ype boelens 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator