De tiid fljocht om. De Peaske is betiid en dêrom hâlde De Strikers ek betiid
op. Om nei de peaskedagen nochris in jûn te belizzen foar it ein fan it seizoen, feroare dochs neat oan de prizen. Der wie in soad praat en it gie foaral oer de finale fan de Fryslân Kup te Blauhûs ôfrûne freedtejûn: Taeke Kooistra tsjin Willem Schaap. Fan de foarsitter, dy’t healwei de jûn binnen kaam yn Blauhûs, moast yn dit stikje sein wurde dat hy op de fraach fan ien út it publyk : “Foar wa bisto, foar dyn broer of foar Willem, silst wol yn in spagaat sitte!” De foarsitter antwurde: “Ik sit net yn in spagaat, ik bin foar Willem!” Dat joech fansels praat.
Dêr yn Blauhûs tochten se mooglik dat der in skeel siet tusken de broers, mar dat wie net sa. Om te begripen wêrom’t dy foarsitter sa op de hân fan Willem wie, moat men de skiednis kenne. Willem kaam mei syn suster Christine as skoalbern op de jeugdklup De Stadige Strikers. De grutte klup bestie doe noch net. De beide Schapen wienen talinten. Willem is altiten lid bleaun oan’t de dei fan no. In master sil syn learling dochs net ôfalle. Oant’t safier.
En no fierder mei it ferslach fan de damaktiviteiten dizze lêste jûn. Sa as
altiten waard der wakkere hurd fluchdamme: fjouwer farianten yn in
kertier.Guon binne dêr ferhipte tûk yn, boppedat jout it in soad wille en gesellichheid. De útslach der fan wie: groep 1: Jelle Wiersma, Willem Schaap en Dicky van der Meer alle trije 8 punten: 2 drûge woarsten elk. Groep 2 ! Cor Kooistra 9 p, 2 Ype Boelens 7, 3 Sjoerd Jan Bakker 5½, 4 Bauke Bos 1½. Groep 3: 1 Tineke Teigeler 8, 2 Jan Castelein 6, 3 Hennie de Haan 5½, 4 Kees Castelein 4½.
Yn it damfermidden fan de Frysk Spul spilers wit elk wol dat Jelle Wiersma in fin mear hat as in bears. Op syn klup is dat net oars. Ek dit damskoft wie der gjin krûd tsjin him woeksen. Fan de 15 partijen moast er ien kamp jaan. No is it sa njonkenlytsen sa dat de kompetysje by de Strikers net in fêststeand patroan kent fan allegearre likefolle spullen. Dat komt troch de grutte fariaasje yn de wurkomstannichheden en de âldens fan de spilers. Elkenien kin him dêr wol yn fine. Gjin probleem! De folsleine útslach: 1 Jelle Wiersma 14½ – 15, 2 Sjoerd Jan Bakker 11 – 16; 3 Willem Schaap 10 – 15; 4 Cor Kooistra 8½ – 17; 5 Dicky van der Meer 8 – 11; 6 Bauke Bos 8 – 18; 7 Ype Boelens 6 –16; 8 Bauke Dykstra 5½ – 12; 9 Tineke Teigeler 5½ – 12; 10 Kees Castelein 5 – 13; 11 Hennie de Haan 1 – 8; 12 Jan Castelein 1 -14.
(CK)
Jûn is yn Blauhús de finale fan de Fryslân Kup. Foar de sânde kear is kluphús ‘Sie-Sa’ fan damklup ‘De Skyfkes’ it toaniel fan it slotstik fan dit knock-out-toernooi. Twa kear Jelle Wiersma, twa kear Siebe Walinga en twa kear Taeke Kooistra dy’t no wer de finale helle hat. Opponent is Willem Schaap en it sil grif in moai spul wurde. Schaap mei graach in aventoerlik spul opsette. En hy is yn foarm sa’t er ek sjen liet by it Frysk Kampioenskip. Nei in wat ‘stroeve start’ mei oardel punt út trije, folgen der fjouwer winstpartijen op in rige. Soks betsjutte nei de promoasje fan ferline jier, in streekrjochte gong omheech nei de Kampioensklasse.
Trije frachminten út de partijen fan Schaap yn de ‘twadde acht’. Hy longeret gauris op in kombinaasje.
F.Kingma – W.Schaap, 27-1-2024 Skearnegoutum, PK twadde omloop
Kingma tinkt swart fêst te setten, mar komt op de kofje nei 40.26-21? 7-11! 41.21×1 14-20 42.1×29 16-21! 43.27×16 6×39
D.v.d.Meer – W.Schaap, 3-2-2024 Lollum, PK fiifde omloop
Mei klupgenoat Dicky van der Meer fan ‘De Stadige Strikers’ hat Schaap gjin moederaasje. En hellet der in ‘klassyk slachje’ út. Nei 43.41-37? stiet it
En it is út nei 43. ..4-10! 44.15×4 17-21 45.26×17 4×27 46.16-21 27×16 47.6×46
De seisde omloop gie it tsjin bûnsfoarsitter Liuwe Westra. Dy stie mei fjouwer punten ferrassend boppeoan. En soe Westra dan promovearje nei de ‘earste acht’. Sa fier soe it net komme. Earst rûn er it op tsjin Schaap en letter ek noch tsjin Blauh;uster Bernard Kroon dy’t sa ek op fjouwer punten kaam.
L.Westra-W.Schaap, 10-2-2024 Hartwert, PK seisde omloop
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 6.34×14 10×19 7.40-34 7-11 8.41-37 1-7 Op 8. ..4-10? Folget de bekinde Tytsma-set: 9.26-21,32-27, x7, 34-30, x4, 35-30 9.31-27 17-21 10.26×17 11×31 11.37×26 16-21 12.26×17 18×16 13.42-37 5-10 14.44-40 10-14 15.50-44 20-24 16.36-31
16. ..24-29 17.34×23 19×28 Wyt moat slaan 18.38×18 13×42 19.43×41 en is dan foarearst út de soargen. Mar der folget 18.32×23? en mei it heakje 15-20 19.35×24 14×21 20.38-33 21-26 komt swart foar en sil gau winne.
Twa problemen fan Stellinga-Baron
Nû.25 sw. 8, 10, 11, 18, 27, 45 wyt 26, 28, 38, 43, 47, 50
Nû.26 sw. 10, 11, 13, 16, 19, 21 wyt 22, 28, 31, 33, 43, 39
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Dat wie al wer in skoftke lyn dat de Stadige Strikers nei in oerwinning skoden yn de freonskiplike striid tsjin de mannen fan Nocht en Kriich. It begjin fan it treffen kaam wat muoisum op gong. De nestor fan ús klup stie yn Aldegea en koe dêrtroch de nestor fan N & K moai meinimme. De striid spile him nammentlik ôf yn it Swettehûs ûnder de klanken fan it nije korps Swettewyn. Oft dy wyn fan ynfloed west hat op it damjen is min te sizzen, mar ien ding waard nei ôfrin wol dúdlik dat de Strikers mei grutte sifers wûn hienen: 8,5 – 2,5.
De skriuwer fan Aldegea ,Folkert Groenveld, hie yn it foar in prachtich
oersichtsje ta-eppe nei de foarsitter fan de Strikers. Dy lêste koe dy gegevens
moai even oer it fuotljocht bringe yn syn iepeningswurdsje. De útslach fan de lêste 14 kear dat it treffen ferspile is, wûnen Nocht & Kriich 8 kear en de
Strikers 6 kear. En it aparte by dit alles wie, dat as men seach nei alle
winstpartijen, beide klups likefolle boerdpunten hienen nammentlik: 89. Hoe is it mooglik net. Folkert moast der fansels ek efkes op ynheakje mei de
opmerking: “Aldegea kin jûn mooglik wol op 100 boerdpunten komme!” Mooglik hat dat de Strikers triggere!
Nei it tige sportyf en gesellich treffen steane De Strikers no op 97,5 punten.
Sa koe it dus ek Folkert. Yn de neisit waard dat fansels noch wol efkes yn
wreaun. Al mei al in moai barren foar de Strikers foaral ek moai omdat de
ûnderste buorden ek punten pakten. No wie dit net de grutste oerwinning op de mannen út it echte Aldegea. Yn 2014 waard it 10 – 2. Wy ferlearen ek in kear hiel dik. Dat wie yn 2017 doe’t Rients Winia foar ús mei in remize noch krekt de ear rêde koe.
Utslaggen fan de spile partijen: Jelle Wiersma – Folkert Groenveld 1 – 0;
Willem Schaap – Pieter Hoogterp 1 – 0; Dicky van der Meer – Siebe Walinga 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Rein Jan Walinga ½ – ½; Cor Kooistra – Folkert
Attema 1 – 0; Bauke Dykstra – Sietse de Jong 1 – 0; Ype Boelens – Jolke
Groenveld 1 – 0; Tineke Teigeler – Durk Rypma 0 – 1; Kees Castelein – Almar
Steginga 1 – 0; Hennie de Haan – Beke Haanstra 1 – 0. Strikers – Nocht & Kriich 8½ – 2½.
(CK)
It is fansels altiten wer apart dat men it moai fynt om ris bûten de stringen te stappen. By de Stadige Strikers die it folgjende him foar ôfrûne moandeitejûn 11-03-2024: ien fan de Strikers soe tsjin twa spylje moatte, om’t ien wer wol op rekkene wie, op de ep oanjûn hie dat er net komme koe. Dy iene soe eins damje moatte tsjin Jelle Wiersma en Willem Schaap. Dat kaam it bêste út foar in goed ferrin fan de kompetysje. De opper-befelhabber stelde doe foar dat dejinge dy’t tsjin dy twa kornuten spylje moast twa houtsjes yn it foar fan de tsjinstanner fan it boerd pakke mocht. Gekkichheden en kompetysje ferfalsing fansels, mar it gyng oan.
No wie de gelokkige dy’t it opnimme moast tsjin dy twa nimmen minder as
Tineke Teigeler. Oer it fuortpakken fan twa houtsjes wienen gjin restriksjes
ferbûn. Tineke pakte fuortendaliks fan Willem de rún op fjild 47 en in oar
houtsje op de daamline op fjild 49. No doe seach Willem wol wat benaud om him hinne. Mar goed der moast damme wurde. Doe kaam Jelle ek binnen, hy hie oanjûn dat er wat letter komme soe. Hy hearde fan wat him te wachtsjen stie en it stûn him wakker oan. Tineke pakte wer twa houtsjes en de partij koe los. Jelle pakte it hiel aardich oan en kaam yn it middenspul op ien houtsje minder. Undertusken sloech Tineke by Willem sa mar nei daam en nei in pear setten en wat krimmenaasjes ferlear Willem. De oare partij ûntjoech him wol spannend en dêr sieten prachtige lopen yn. Uteinlik waard it kamp. Foar Tineke dus in gouden jûn.
In oare kear as wy it nochris dogge, moatte wy wol ôfprate dat der mar ien
houtsje fan de daamline ôfhelle wurde mei en it oare houtsje earne oars wei. Al mei al wie it wol in yntressant avontuer. De beide mannen hienen neat oan harren teorysetten. Alles wie oars. Men seit dan wolris mei in houtsje minder dammet it wat fûlder, mar twa minder is in oar ferhaal foaral as dy twa fan de daamline ôhelle wurde.
Utslaggen: Jan Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Tineke
Teigeler 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Kees Castelein 1 – 0; Ype Boelens – Bauke
Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler ½ -½.
(CK)
Foeke Tiemensma fan Frjentsjer makke sa’n fyftsjin jier lyn in spektakulêre opgong by it Frysk Spul. Earder al wie der by it hoeks damjen Frysk kampioen wurden. En it like in kwestje fan tiid dat er soks ek by ús tinksport oprêde soe.
Mar Tiemensma sette it Frysk Spul op in sacht sin. Oant okkerwyks yn syn eigen wenplak; wat in come-back! Earst al it Fryslân Open winne en doe ek noch in 100% skore by de Grutmasters, it eintoernooi fan de fjouwer heechsten. Wêryn de top fan it Frysk Spul him beselskippe: Jelle Wiersma sawn kear Frysk kampioen op in rige, rekôrkampioen Taeke Kooistra en wrâldkampioen Marten Walinga.
F.Tiemensma-T.Kooistra, Frjentsjer 23.2.2024, Grutmasters 1-e omloop Tiemensma mei wyt struts
38.39-34 24×44 39.49×40 23-29 Swart hat oars net as ferplichte setten. 40.38-32 5-10 41.32-27 10-14 42.27-22 14-19 43.21-16 19-24 44.22-18 15-20 44. ..29-33? 45.18-12 7×18 46.35-30! 24×44 47.45×12 45.35×15 29-34 46.40×29 24×33 47.15×24 33-38 48.18-13 38-42 49.13-9 42-4849. ..42-47? om 16-11! etc.. Swart hellet noch in daam, mar it is gau dien. 50.9-4 7-12 51.4-10 48-31 52.16-11 31×1 53.24-20
M.Walinga-F.Tiemensma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 2-e omloop
Walinga wie al in hout efter en stie der op as in brijwein. En mei in slachset makke Tiemensma dien wurk.
Nei 37. 33-29 11-17 38.31×22 20-24 39.29×9 4×31 40.41×21 16×18
F.Tiemensma-J.Wiersma, Frjentsjer 24.2.2024, Grutmasters 3-e omloop
Wiersma hie oardel punt en moast winne foar de priis. Soks like der ek lang yn te sitten, mar de Frysk kampioen ferbarge it einspul. We komme yn de partij nei 31. ..16-21! En wyt moat wol 32.47-41
Wyt stiet no fêst yn de lange hoeke en swart kin in oanfal opsette. 32. .. 7-12 33.34-30 12-18 34.48-43 18-22 35.43-39 14-20 36.30×10 15×4 37.39-33 5-10 38.49-43 10-14 39.44-40 14-20 40.33-28 22×33 41.43×23 4-9 Wyt longere op 41. ..20-25? 42.23-19 4-9 43.19-14! 9×20 44.40-34 en wint 42.40-35 21-27 Wyt wint nei 42. ..9-14? 43.23-18 17×19 44.26×17 11×22 45.31-27 22×31 46.41×21 en nei de daam op 3. 43.26×28 11-16 44.23-18 17×19 44.41-37? 9-13! 45.23×3 17-22! 46.3×21 16×47 45.31-26 20-24 46.41-37 9-13 47.37-31 24-30 48.35×24 19×30 Wyt kin swart net mear keare. 49.31-27 30-35 50.28-22 35-40 51.26-21 40-44 52.36-31
Kamp is 52. ..44-50 53.22-17 50×11 54.21×1 16-21 55.27×16 6×37. Nei 52. ..44-49 is it samar út. Wiersma sjocht apen en bearen. 52. ..13-19? 53.21-17 16×18 54.22×24 44-49 55.27-21 49×16 54. ..44-50 en dan mei 50-33 etc. de wite skiif op fjild 24 fange en wint samar. 56.24-20 16-11 Wyt kin de lange line net besette. 57.31-27 11-16 58.27-22 16-2 Swart hat trije kear mei de daam strutsen 59.22-17 6-11 60.17×6 2-8 61.6-1 8-13 62.1-45 13-22 63.20-14 en ferliest.
Nû.18 sw. 2, 4, 7, 8, 13-15, 25 wyt 17, 22, 28, 29, 36, 38, 40, 41, 49
Nû.21 sw. 9, 21, 22, 24, 26, 31, 40 wyt 33, 41-43, 48,49
Nû.22 sw.8, 10, 13, 16, 19, 39 wyt 22, 27, 31, 32, 41, 48
Nû.23 sw. 1, 3, 9, 12, 14, 16, 17wyt 6, 26, 29, 37, 38, 47-49
Nû.24 sw. 4, 8, 10, 11, 14, 15, 25 wyt 24, 26, 29, 32, 34, 35, 40, 42
Oplossingen stjoere foar 22 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Wat wie it moai dat nei in hiel skoft Hennie de Haan wer oanwêzich wie. Nei in ûngemak mei har himp koe se net komme, mar no wie se wer paraat. Se waard ophelle troch Bauke Bos. Dy lêste hie no al twa leden yn ‘e auto dy’t op dit stuit net sels ride kinne. It like der suver op dat moandeitejûn alle praktisearjende leden oanwêzich wêze soenen. Om healwei achten wachten wy noch op ien mar dy kaam net opdaagjen. Der waard moai damme. Ien partij koe eins net oars mear as kamp, mar it soe dochs noch op ferlies útdraaie.
Wy begjinne mei in ferslachje oer de partij tusken Kees Castelein en Hennie de Haan. Se makken der in moaie partij fan. Der wie ek noch net folle fan te
sizzen doe’t se sa’n bytsje op ‘e helte wienen. Uteinlik krigen se beide in
daam, mar Kees hie ek noch houtsje en dat moast oer de lange line hinne.
Mar op dy line regearde de daam fan Hennie. Gewoanwei komme jo dan
kamp oerien, mar Kees en Hennie woenen it noch wol even útspylje. Hennie draafde mei de daam fan de iene hoeke nei de oare en Kees koe net oars om dat mar wat gewurde te litten. Hy die ris in streek mei de daam en dan werris mei it houtsje. Op it lêst hie er de daam yn de koarte hoeke en syn houtsje siet op it lêste plakje tsjin de lange line oan. Hennie skode sûnder euvelmoed har daam ûnder it houtsje en Kees pakte syn daam en skeat nei de oare koarte hoeke en fong sa mei in deadlike slach de daam fan Hennie op. Ferlern dus. Spitich foar Hennie dy’t sei: “Soks sjoch ik noait!”
Dicky van der Meer spile tsjin twa tagelyk. Tsjin Jelle rûn er it gauw op. Mar
tsjin Ype hie er mear sukses. Mei de iepening 12 – 17 fan swart luts er Ype yn de teory. Dan is it maklik damjen. Tineke Teigeler hie net folle moederaasje mei Jan Castelein. Dy Jan kin goed damje mar de iepening is no noch syn probleem. It moaie fan dy Casteleinen is dat se hiel bot fan it spul genietsje. It gyng dus net goed en Tineke koe wer thús komme mei de meidieling: “Ik ha wûn!”
Utslaggen: Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0,5 – 0,5; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Bos 1 – 0.
[CK]
Wêr’t de faam Fortuna har tahâldt, witte wy fansels net alhiel, mar ien ding
is wol wis: Bauke Bos is har tige nei. Moandeitejûn barde it folgjende:
Tsjinstanner Bauke Dykstra in hiele goeie en sekere dammer die in streek dy’t him fuortendaliks in houtsje efterstân oplevere. Bauke Bos joech twa
houtsjes en pakte trije. En in stân dêr’t jo net oars tsjin sizze koenen:
izersterk. Op dat stuit koe Bos it hast net mear ferlieze. Ien ding is wol seker: Dy Bauke B. hat wat mei Fortúntsje.
Tineke Teigeler wie werris paraat. Dat wie moai. Mei it damjen trof se it net,
want se moast tsjin Sjoerd Jan Bakker en dy is twa wike lyn aardich wekker
skodde troch dy gelokskiter fan in Bauke Bos. Hy liet der dan ek net gers oer groeie en pakte fuortendaliks oan. Spitich foar Tineke, mar ja sa lizze de
ferhâldingen sa’n bytsje.
Jan Castelein en Cor Kooistra makken der in gesellich potsje fan. In pear kear op ‘n nij begjinne en dan eefkes searieus. Cor wûn yn dy mominten en hy mocht dan ek de punt byskriuwe. Mar yn itselde potsje ferskynden noch hiele moaie farianten.
Deselde Kooistra spile tiisdeitemiddei yn Hartwert tsjin Kees Tijssen om it
kampioenskip yn de tredde acht. Dêryn wienen se beide mei likefolle punten gelyk einige. De earste partij yn Hartwert waard kamp en doe moasten de mannen wer. Doe wie Kooistra wat te rap, mooglik hat er de fûgeltsjes yn it moaie waar sjongen heard. Hy fergeat te rekkenjen en ferlear. Kees Tijssen is dus de kampioen yn de tredde acht.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 –1; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.
CK
Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 5
FRJENTSJER – As ûnderdiel fan it toernoai Fryslân Open waard yn Frjentsjer ôfrûne wykein ek it wrâldkampioenskip FRYSK! organisearre. Op sneon wie der in kwalifikaasjetoernoai. De bêste spilers dêrfan en de heechstpleatsten fan it reguliere toernoai mochten snein yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer meidwaan oan de finale. Dy waard by einsluten wûn troch Jelle Wiersma fan Wommels, nei in beslissingswedstriid tsjin Taeke Kooistra.
FRYSK! folget de spulregels fan it Frysk damjen, mar in partij begjint net mei 20 skiven, mar mei 5, dy ‘t earst allegearre oan de basisline opsteld stean. Likegoed is de kâns op kamp noch altyd lyts. It kampioenskip wie foaral in wedstriid stuorkewikseljen. Nei fjouwer omlpen stie Kooistra noch boppe-oan, folge troch in peloton fan fjouwer: Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga, Jelle Wiersma en de Litouwer Aleksej Domchev. Dêrnei ferlear Kooistra fan Domchev, en naam dy syn plak as koprinner yn omdat de oaren allegear kampspilen. Mar Domchev ferlear yn de sechsde omlop wer fan Walinga. Dy kaam op syn bar oan kop, mei Jelle Wiersma, dy ‘t Wijbenga fersloech. Yn de lêste omloop liet Walinga it lykwols hielendal sitte tsjin de stadich omheechklommen Italiaanske kampioen Andrea Peirano, mar Wiersma kaam tsjin Hein de Vries ek net fierder as in lykspul. Hy bleau dêrmei wol oan kop, mar moast no Taeke Kooistra neist him ferneare, dy’t yn de lêste omloop Henk Haanstra fan him ôfskodde hie. Der wie dus in barraazje nedich. Wiersma wûn in skiif en nei de nedige druk ek de partij, ûnder tafersjoch fan in hage fan taskôgers, ûnder wa ek de Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy hold as ôfsluting fan it toernoai in koarte taspraak, wêryn ‘t er it Frysk Damjen priizge as ien fan de pearels fan de Fryske kultuer, wêrnei ‘t er de ferskate winners har prizen oerlange.
Einútslach WK FRYSK!
1 Jelle Wiersma, 5 p. + 1
2 Taeke Kooistra, 5 p. + 0
3 -5 Aleksej Domchev, Marten Walinga, Hein de Vries, 4,5 p.
6 Andrea Peirano, 4 p.
7 -10 Henk Haanstra, Foeke Tiemensma, Porter Richardson, Willem Schaap, 3,5 p.
11 Tsjerk Wijbenga, 3 p.
12-14 Yassin Ghodbhani, Łukasz Kosobudzkim Petra Dušková, 2,5 p.
15-16 Teije Stor, Renaud Braye, 2 p.
FRJENTSJER – Foeke Tiemensma die sneon 24 febrewaris wier bliken de sterkste te wêzen yn it Frysk Damjen op it Fryslân Open. Nei’t er it tariedende toernoai al op syn namme skreaun hie, wie er yn de trije partijen fan de finale ek nochris oppermachtich. En dat wylst er it Frysk damjen al in tal jierren op in sêft sin set hie. De Frjentsjerter begûn syn meunstertocht yn de grutmastergroep freedtejûn op it bekendste plak fan syn eigen wenplak, ûnder de planeteloft fan it planetarium. Dêr fersloech er troch in oermacht yn it einspul de taaie feteraan Taeke Kooistra. Sneon moast er earst oantrede tsjin Marten Walinga. Tiemensma kaam in hout foar, foaral omdat Walinga himsels yn in drege posysje maneuvele hie. Nei in slagge omsingeling fan dy syn sintrumhouten joech de mei-organisator it oer. Yn de tredde en lêste partij moast Tiemensma it opnimme tsjin mearfâldich Frysk kampioen Jelle Wiersma. Dy hie earder Walinga ferslein, mar tsjin Kooistra kaam er net fierder as in kamp. Wiersma moast yn de tredde partij dus wol winne. Dêr like it ek wol op, mar yn it lette einspul luts Tiemensma it inisjatyf dochs noch nei him ta, en wûn er sels noch de partij. En dêrmei waard er mei sels oardel punt foarsprong op Wiersma de mear as terjochte winner fan it toernoai.
Yn it mastergroep wie de ferrassing as ’t treft sels noch wol grutter. Hjir wiene twa spilers ta trochkrongen dy’t mar frij koartby mei it Frysk damjen yn ’e kunde kommen binne: de Grinslanner Fedde Kramer en de Poal Lukasz Kosobudzki. Nettsjinsteande koene de twa betûfte Friezen Henk Haanstra en Hein de Vries net tsjin harren út. De Vries wûn it freedtejûn noch al fan Kramer, mar Kosobudzki fersloech Henk Haanstra al, en dy wie ferline jier noch de winner fan it toernoai. De Poal moast yn de twadde omloop op syn beurt wer belies jaan tsjin Kramer. Op dat stuit moasten sy De Vries noch boppe har duldzje. Kramer bliek dêrnei lykwols te sterk foar Haanstra, en ek Kosobudzki wûn fraai fan koprinner De Vries. Hy kaam al gaueftich in hout foar, en koe dêrnei syn foarpost net allinnich behâlde mar dy ek ynsette foar in winnende kombinaasje. Nei in wakker spannende barraazje partij tusken Kosobudzki en Kramer mocht de Poal him winner yn de mastergroep neame.
Einútslach Grutmasters:
1 Foeke Tiemensma
2 Jelle Wiersma
3 Taeke Kooistra
4 Marten Walinga
Einútslach Masters:
1 Lukasz Kosobudzki
2 Fedde Kramer 3
Hein de Vries
4 Henk Haanstra
Njonken dizze finales mei tweintich skiven wie der sneon yn Frjentsjer ek noch in toernoai mei mar fiif skiven yn de begjinstân. Dit kwalifikaasjetoernoai FRYSK! yn de Koornbeurs te Frjentsjer wie dit jier ûngewoane spannend. Wat opfoel, wie dat nei trije omlopen al gjin inkelde spiler mear sûnder puntferlies wie. Dit kwalifikaasjetoernoai FRYSK! krige ekstra glâns troch de oanwêzigens fan in groep Italianen dy’t yn it noardwestlike Aosta it Frysk damjen omearme hawwe. Fan harren krong Yassin Ghodbhani ta de finale fan snein troch, njonken inkelde spilers dy’t har yn de eardere wedstriden fan it Fryslân Open al bewiisd hiene. Opmerklik wie, dat it de 15-jierrige Teije Stor út Boalsert ek slagge en bewurkmastere in plakje yn de finale, ûnder oare troch yn in beslissingspartij te winnen tsjin de betûfte feteraan Cor Kooistra. Ek opmerklik wie, dat dit toernoai mar leafst 5 net-Fryske dielnimmers oan it WK FRYSK! opsmiet.
Einútslach Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!
1 -2 Willem Schaap en Aleksej Domchev (Litouwen) 6 p.
3 -5 Tsjerk Wijbenga, Renaud Braye (België ), Porter Richardson (Monster) 5,5 p.
6 -8 Cor Kooistra, Yassin Ghodbhani (Italië ), Teije Stor 5 p.
9 -10 Petra Dusková (Tsjechië), Lorenzo Lodato (Italië) 4,5 p.
11-14 Davide Gemma (Italy), Arjen Bruinsma, Ties Slagter (Den Bosch), Patrick Casaril (Belgium) 4 p.
15-17 Siward Walinga, Dicky van der Meer, Ian Censi (Italy) 3.5 p.
18 Menno Kamminga (Monster) 3 p.
19-20 Leo van Dorp (Wageningen), Freark Smink 2.5 p.
21 Margot Aiello (Italy)
De heechste 7 spilers kwalifisearren har foar it WK FRYSK! op snein 25 febrewaris. Dat betsjutte dat der beslissingswedstriden spile wurde moasten tusken Kooistra, Ghodbhani en Stor. De útslaggen hjirfan:
Stor – Kooistra: 1 -0
Ghodbhani – Stor: 1 -0
Kooistra – Ghodbhani: 0,5 – 0,5
Einstân: Ghodbhani 1,5 p., Stor 1 p., Kooistra 0,5 p.
Dat betsjut dat Ghodbhani en Stor har pleatsten foar it WK.
FRJENTSJER – Nei ‘t er doedestiids tsjin de absolute top oanskoaske, hie Foeke Tiemensma him al in tal jierren net mear sjen litten by wedstriden yn it Frysk damjen. Oant hy dizze wike frij ûnferwachte syn opwachting makke by it toernoai Fryslân Open yn Frjentsjer. Dêr die bliken dat de pleatslike ynwenner dizze eigensinnige fariant fan it damspul noch hielendal net ferleard wie. Al nei de earste dei nestele er him boppe-oan, en dêr soe er bliuwe, wylst de iene nei de oare konkurrint fuortfoel. De lêste dy ‘t Tiemensma noch byhâlde koe wie de ferrassende Grinslanner Fedde Kramer. Beide koene sa stadichoan de druk mar min oan: juster yn de moarnsomloop kaam Kramer net fierder as remize tsjin Auke Zijlstra, en ek Tiemensma moast him tsjin Henk Haanstra tefreden stelle mei in lykspul. Middeis troffen de beide hoantsen dan inoar yn in beslissende partij. Dêrby sloech Tiemensma al yn ‘e iepening ta mei in kombinaasje dy ‘t him in skiif foardiel opsmiet. Kramer besocht der dêrnei noch wat fan te meitsjen, mar moast úteinlik dochs kapitulearje.
Dy nederlaach bea oan Jelle Wiersma en Marten Walinga de gelegenheid om har nei it twadde plak ta te wrotten. De earste wûn deeglik fan Cor Kooistra en Auke Zijlstra. Walinga hie yn Taeke Kooistra en Henk Haanstra in swierder programma. Nettsjinsteande wûn de Waaksenser, dy ‘t oant dan gjin oertsjûgjend toernoai flibe, beide partijen. De oerwinning op Kooistra wie sûnder mear yndrukwekkend. Noch yn ‘e iepeningsfaze tsjoende Walinga in hiel djippe kombinaasje op it boerd. It moast hast wol in studearkeamerset wêze, mar Walinga ûntstried dat by heech en by leech en hold út dat er ien en oar op it plak sels betocht hie. It stik tiid dy ‘t er derfoar brûkt hie, bewiisde syn gelyk. Troch harren nederlagen moasten Kooistra en Kramer noch in beslissingspartij spylje om út te meitsjen wa ‘t talitten wurde soe ta hokker finalegroep. Kooistra wûn de barraazje úteinlik troch in kombinaasje, en dêrmei docht er mei de grutmasters, tegearre mei Tiemensma, Wiersma en Walinga. Kramer makket dus syn opwachting by de masters, en dêr moat er it opnimme tsjin Henk Haanstra, Hein de Vries en de tige ferrassend út de hoeke komme yn Kosobudzki. De Poal hat him op it ynternet it Frysk damjen eigen makke, en begûn geandewei it toernoai hieltyd sterker te spyljen. Juster sette er earst de Tsjechyske Petra Dušková oan de kant, en dêrnei spile er tige fertsjinstlik kamp tsjin Taeke Kooistra. De finales wurde sneon 24 febrewaris ôfwurke yn it stedhûs fan Frjentsjer. De neamde spilers binne troch harren plak by de earste acht fan it toernoai ek automatysk pleatst foar it wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen, dat nei’t grute wurdt yn augustus yn Harns spile wurde sil. Ek Auke Zijlstra en de nei in swak begjin dochs noch goed weromkommen Tsjerk Wijbenga kwalifisearren harren dêrfoar.
Einútslach foaromlopen Fryslân Open 2024
1 Foeke Tiemensma 6,5 p.
2-3 Jelle Wiersma en Marten Walinga 6 p.
4 Taeke Kooistra (nei barraazje)
5 Fedde Kraamer (nei barraazje)
6-8 Henk Haanstra, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries 5 p.
9-10 Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga 4,5 p.
11-15 Petra Dusková, Fedde Wiersma, Aleksej Domchev, Cor Kooistra, Dicky van der Meer 4 p.
16-19 Ties Slagter, Hidde de Vries, Porter Richardson, Renaud Braye
20 Patrick Casaril 3 p.
21 Piet Sikma 2,5 p.
22 Herbert Tulleken 2 p.
23 Menno Kamminga 1 p.
24 Leo van Dorp 0 p.
Pleatst foar it WK
Teake Kooistra (al pleatst as Nederlânsk kampioen)
Jelle Wiersma (al pleatst as Frysk kampioen)
Petra Duskova (al pleatst as Tsjechysk kampioen)
Tiemensma, Walinga, Kramer, Haanstra, Kosobudzki, Hein de Vries, Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga: pleatst yn it Fryslân Open fan dizze wike
Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv
YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)
www.frisiandraughts.com -> LIVE
** Games with analysis mode:
www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast
** Standings and results:
https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )
Contact: Liuwe Westra 06-30837586