Wêr’t de faam Fortuna har tahâldt, witte wy fansels net alhiel, mar ien ding
is wol wis: Bauke Bos is har tige nei. Moandeitejûn barde it folgjende:
Tsjinstanner Bauke Dykstra in hiele goeie en sekere dammer die in streek dy’t him fuortendaliks in houtsje efterstân oplevere. Bauke Bos joech twa
houtsjes en pakte trije. En in stân dêr’t jo net oars tsjin sizze koenen:
izersterk. Op dat stuit koe Bos it hast net mear ferlieze. Ien ding is wol seker: Dy Bauke B. hat wat mei Fortúntsje.
Tineke Teigeler wie werris paraat. Dat wie moai. Mei it damjen trof se it net,
want se moast tsjin Sjoerd Jan Bakker en dy is twa wike lyn aardich wekker
skodde troch dy gelokskiter fan in Bauke Bos. Hy liet der dan ek net gers oer groeie en pakte fuortendaliks oan. Spitich foar Tineke, mar ja sa lizze de
ferhâldingen sa’n bytsje.
Jan Castelein en Cor Kooistra makken der in gesellich potsje fan. In pear kear op ‘n nij begjinne en dan eefkes searieus. Cor wûn yn dy mominten en hy mocht dan ek de punt byskriuwe. Mar yn itselde potsje ferskynden noch hiele moaie farianten.
Deselde Kooistra spile tiisdeitemiddei yn Hartwert tsjin Kees Tijssen om it
kampioenskip yn de tredde acht. Dêryn wienen se beide mei likefolle punten gelyk einige. De earste partij yn Hartwert waard kamp en doe moasten de mannen wer. Doe wie Kooistra wat te rap, mooglik hat er de fûgeltsjes yn it moaie waar sjongen heard. Hy fergeat te rekkenjen en ferlear. Kees Tijssen is dus de kampioen yn de tredde acht.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 –1; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.
CK
Over de auteur