Troch Cor Kooistra
De Stadige Strikers dy’t oan de persoanlike kampioenskippen meidogge, sloegen de kompetysjejûn oer. En dat is wol te begripen, want de jûns dêrnei moatte se ek wer oantrede yn Jorwert yn it kader fan dy kampioenskippen. Ek op de klupjûn fan de Strikers sieten twa man tsjin elkoar te damjen om in partij yn te heljen fan it krekt neamde kampioenskip: Hidde de Vries, Hartwert tsjin Striker Bauke Dykstra. Ien fan de Strikers stie op de sky-latten yn Eastenryk en ien ûntbriek troch sykte. Al mei al mar 9in lyts groepke, mar likegoed gesellich.
Bauke Bos hold sa lang stân tsjin Sjoerd Jan Bakker, dat mooglik siet der wol in kampke yn. Hoewol’t Bakker krimmenearre oer syn minne stân, luts Bauke Bos him dêr net folle fan oan. Dat wie mar goed ek. Hy besocht om him op it spul echt ta te lizzen. No is dat faak wol wat in probleem foar de man út Sint Nyk. Hy wol altiten wol graach op ‘e hichte bliuwe fan alle nijs wat der sa’n jûn troch it sealtsje rûn giet. No wie der net sa’n protte nijs,dus koe Bauke him wol folslein op it spul oriintearje. Dochs koe er de striid net winne en ek in kampke siet der net yn.
Jan Castelein spile tsjin Hennie de Haan. Elk fan de Strikers fynt it gweldich dat Hennie der hast altiten wer is. It damjen fan har wurdt der net better op, mar se is der wol. Ek dizze partij koe se net winne. Jan sei noch: Loek dy set mar wer werom, mar dat woe se net. En dat stiet har te priizgjen.
De partij wie noch mar in pear streken âld en doe wie it eins ek al beslikke. Tineke Teigeler siet tsjin Cor Kooistra. Fuort yn it begjin makke Tineke in blunder en Cor koe net oars as ta slaan. Willem Schaap hold him dwaande mei de organisaasje fan de kampioenspartij tusken De Vries en Dykstra. De partij moast ek rjochtstreeks live op ynternet. Dan moatte jo fansels wol de hannelingen witte, dy’t dêrfoar nedich binne. Alle kabeltsjes en sa sieten op in bepaald stuit goed en de partij koe begjinne. It waard in bysûnder moai spul. Yn it middenspul hie, neffens Willem, Hidde winne kinnen, mar dat seach er net. Wat krije jo dan as josels de kânsen net pakke dan giet jo tsjinstanner der mei oan de haal.
Utslaggen: Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1 – 0; Hidde de Vries – Bauke Dykstra 0 – 1. (kampioenswedstriid)
Over de auteur