Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Wiersma wint Wapenpartij


 

It siet der nei de earste jûn al wat oan te kommen, want doe naam er fuortdaliks de kopposysje yn. Jelle Wiersma hat dy op ‘e twadde en lêste jûn yn it toernoai om it kampioenskip fan “Het Wapen van Baerderadeel” yn Jorwert ek net mear ôfstien. Yn ‘e tredde omloop stûke it oars al wat mei de puntemesine. Willem Schaap makke it Wiersma hiel lestich, en sleepte der úteinliks ek kamp út. In oare potinsjele konkurrint, Folkert Groenveld, hie it ûnderwilens dreech tsjin ‘e pleatslike favoryt Willem Dykstra. De kampioen fan ‘e beide foarige edysjes koe de boel optlêst nei in trochbraak noch nei kamp skowe, mar omstanner Cor Kooistra wiisde der nei ôfrin fleanende fluch op dat Dykstra winne moatten hie. Mar ja, yn ‘e lêste faze fan in partij ha dammers der faak noch in tsjinstanner by krige. En dat is de klok.

 

Yn ‘e fjirde en lêste omloop weefde Wiersma ôf mei Groenveld. Schaap wûn fan Dicky van der Meer, en dat smiet him in knap twadde plak op yn ‘e einklassearring. Willem Dykstra sil oer syn tredde posysje ek net ûntefreden wêze. Nei dy toppers folge it middenmoattrio Groenveld, Van der Meer en Westra, allegearre mei 2 punten. Groenveld bliek fan harren fierwei it bêste SB te hawwen, dat dy gong ek noch mei in pryske nei hûs ta. Cor Kooistra hie yn Jorwert syn dagen net, en nettsjinsteande hege pleatslike ferwachtings bliek Frans Kingma op dit nivo dochs te koart te kommen.

 

Yn ‘e twadde groep gong Rinze Schukken fan Hilaard de twadde jûn as tredde yn, mar hy kaam der as earste wer út. Tsjin kastlein Emke Dykstra gong it frij maklik, mar yn ‘e lêste omloop tsjin Siebren Dyk, dy’t dêrfoar noch Harry Kaspers ferslein hie, hie er it dreger. Oant Dyk in geweldige flater makke, en hy út lulkichheid dêroer sa tsin syn kealjende plasse bûkte dat elk út syn konsintraasje helle waard. Damjen is ek emoasje. Dy wie der ek by Hindrik Terpstra. Dy begjinnende dammer helle foar it earst in oerwinning. En hy glom der oer.

 

 

Utslaggen groep I

Tredde omloop: F. Groenveld – W. Dykstra ½-½; F Kingma – C. Kooistra 0-1; J. Wiersma – W. Schaap ½-½.

Fjirde omloop: Kingma – Westra 0-1; Schaap – van der Meer 1-0; Groenveld – Wiersma 0-1; Kooistra – Dykstra 0-1.

Einstân (mei tusken heakjes it SB-getal): 1. Wiersma 3½; 2. Schaap 3; 3. Dykstra 2½; 4. Groenveld 2 (10,5); 5. Van der Meer 2 (6); 6. Westra 2 (2); 7. Kooistra 1; 8. Kingma 0.

 

Utslaggen groep II

Tredde omloop: H. Kaspers – S. Dyk 1-0; R. Schukken – E. Dykstra 1-0; B. Hylkema – H. Terpstra 0-1.

Fjirde omloop: Terpstra – Kaspers 0-1; Dyk – Schukken 0-1; Dykstra – Hylkema ½-½.

Einstân: 1. Schukken 3; 2. Dyk 2½ (8,25); 3. Kaspers 2½ (8,25); 4. J. Dykstra / B. Hylkema 1½ (5,75); 5. E. Dykstra 1½ (2,25); 6. Terpstra 1.  [NB 1: folchoarder tusken Dyk en Kapers op grûn fan de ûnderlinge partij. NB 2: J. Dykstra wie de twadde jûns siik, B. Hylkema hat doe foar him ynfallen.]

 

doorfriesdammen

In juwiel fan in einspul, It Fryske spul is machtich moai.

De dammers fan Damklup de Stadige Strikers sieten moandeitejûn wer yn it boarterslokaal fan de skoalle. Dat is in moai ljocht lokaal en de Strikers meie dêr wol sitte. It damjen dizze jûn stie ek wat yn it teken fan de Fryslân Kup. Bauke Dykstra en Dicky van der Meer sieten al rom op tiid te wachtsjen op harren tsjinstanner, wylst Bauke Bos nei Hartwert ôfreizge wie. De moaiste partij fan de jûn waard spile troch twa Strikers. Sy lieten in juwiel fan in einspul sjen.

Wat is it Fryske spul dochs ferhipte moai. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap lieten dat yn harren partij ferskate kearen sjen. De ein wie hielendal om te jûchheien. It like der in soad op dat it op kamp útdraaie soe. Elk hie in daam en in houtsje. It houtsje fan Bakker koe promofearje ta daam, mar sadanich dat dat earme houtsje fan Schaap troch beide dammen pakt wurde koe, mar de slach fan ien daam betsjutte dat Willem Schaap mei syn eigen wolf net mear oars koe as by Bakker syn daam yn de bek te rinnen. De partij wie sa út as in kâlde kachel.

Dicky van der Meer kaam net oan it damjen ta foar de Fryslân Kup: syn tsjinstanner siet op Kurasao. Bauke Dykstra spile in moaie partij tsjin Sytse de Jong fan Aldegea. Der wie al twa oeren lang net folle fan te sizzen, mar doe striek Dykstra ûnder in hout en sette it op slach. De Jong mocht net ticht strike, want dan wie er ferkâlden. Dat barde wol en Dykstra sloech yn it hout om as mâle Jan yn de hinnen. Undertusken epte der ek goed nijs út Hartwert ús damseal binnen: Bauke Bos fersloech Klaas Wiersma. No wienen der al trije Strikers yn de twadde ronde.

Hoewol’t Jan Castelein fan Tineke Teigeler ferlear hie dat hiel oars kinnen. Al frij yn it begjin fan de partij helle Tineke in daam. Doe hie Jan dy pakke kinnen troch dy daam op te sluten. Hy keas der foar om dy daam te pakken troch in houtsje te offerjen. As er it earste dien hie, wie de kâns op winnen folle grutter west. Mar ja dat is neipraat fansels.

Utslaggen: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Twa kampspullen by tredde acht

Hoewol’t it noch mar begjin novimber is, binne de persoanlike kampioenskippen eins al fan ‘e ein gien. Der moat nammentlik noch útmakke wurde wa’t oan ‘e tredde acht meidwaan mei. Der binne trije fakatueres, en fjouwer kandidaten, dat der moat dochs noch wol foar striden wurde. Ofrûne tongersdei wie dêrta yn ‘e Gastmar de earste fan trije omlopen. 

Folle dúdlikens oer de krêftsferhâldings kaam der lykwols noch net. Troch in lotting (of wie it ferstannich belied fan it bûnsbestjoer?) kaam it sa út dat der fuortdaliks twa pearen fan klupgenoaten efter de buorden kamen. Oan ‘e útslaggen te sjen soene jo miskien konkludearje dat de mannen it no al op in akkoartsje smiten ha. Mar dat wie net it byld dat men opdie efter de buorden. By sawol de Hartwerter derby Piet Sikma tsjin Klaas Wiersma, as by it Jorwerter duel tusken Frans Kingma en Siebren Dyk waard fûl striden, mar bliek der úteinliks net mear yn te sitten as remize.

Alle dielnimmers ha dus noch likefolle kânsen. Miskien komt der nei de twadde omloop, moandei 15 novimber yn Aldegea, mear tekening yn e striid.

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

De punten fleane Bauke Bos de bek yn!

Of der sit him in ingeltsje op it skouder of hy hat gewoan sûnder sa’n geloksingeltsje in aldermachtichst soad gelok. Hoe it krekt ek is, ien ding is seker de punten fleane Bauke Bos sa mar de bek yn.

Ferline pakte er twa grouwe punten tsjin de foarsitter en no moandeitejûn sloech er op ‘n nij ta. Ut it neat koe er sa mar winne. Syn tsjinstanner Bauke Dykstra stie der hiel goed op. Dy hie fierwei it bêste fan it spul. Dizze Bauke hie al in aardich skoftke neitocht en wie nei alle gedachten al folle fierder yn de partij en die doe in streek. In streek dy’t wy gewoanwei net fan him ferwachtsje soenen. Hy die in ûnderstreek mei rampsalige gefolgen. Bos hoegde allinnich noh in houtsje derby te jaan en hy koe nei de daamline slaan.  De daam dy’t der doe stie hearske as in ûnfeilbere kening mei in geweldige macht. Oars sein: Foar Dykstra wie der gjin salve mear oan te striken. De partij wie sa út as wat. Bauke Boa hie der wer twa punten by, lykas de foarige wike en de wyks dêrfoar. It reint by Bauke punten en hy hoecht allinne de bek mar iepen te dwaan om dy puntsjes op te happen.

Kees Castelein hat fêst wer in soad leard. Hy moast tsjin Jelle Wiersma en dan wit men yn it foar wol dat dat eins gjin partij is. Dêrfoar is Jelle Wiersma fierstente sterk. Lykwols ha de mannen noch moai wat spile. En letter ek noch fiif tsjin fiif en dêrby wie Jelle de learmaster.

It oantal dammers wie net grut. Te lyts yn wêzen. Soms giet dat sa, dat is gewoan net oars. Eartiids wienen der op de klups wol ris leden dy’t jier yn jier út net in damjûn misten. Dy tiid leit wat de Stadige Strikers oanbelanget efter harren. Noch twa spul binne te melden. Hennie de Haan tsjin Tineke Teigeler bliek al gau in beslikke saak te wêzen. Hoe en wat wit de skriuwer net, mar nei in foech oerke hie Hennie wol fjouwer houtsjes mear as Tineke. No dan hoech ik jim fierders neat te fertellen. De oare partij gong tusken Cor Kooistra en Willem Schaap. In hele moaie pot. Uteinlik sieten se mei har beiden noch te damjen. It einspul kaam der op oan. Willem spile skerp en Kooistra helle der krekt net út wat der wol yn siet. De lêste ferlear dus.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Cees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke Bos – Bauke Dykstra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint Fryslânkup.

De finale fan de cup (nog fan 2020) gie tusken Teake Kooistra en Marten Walinga. Troch de corona regels sùnder publiek fan oare clubs. Beide al in protte wûn yn de fryske Damsport dus beloofde it in mooie striid te wurden. De eerste partij eindige yn kamp en dan binne de regels dat der 5 tsjin 5 spyle wurd. Bij de tredde partij koe Teake, Marten ferslaan en gie mei de fryske bokaal nei hûs.

Nei de priisutrikking werd der lotte foar de earste ronde fan de Fryslâncup 2021/22. Understeand it resultaat.

Siebe Walinga (Aldegea)                        – Jelle Wiersma (Skearnegautum)

Klaas Wiersma (Hartwerd)                    –           Bauke Bos (Skearnegautum)

Piet Sikma (Hartwerd)                           – Herman tvs (Hartwerd)

Folkert Groenveld (Aldegea)                –               Jappie de Jong (Blauhús)

Rein Jan Walinga (Aldegea)                 –               Fedde Wiersma (Hartwerd)

Dicky v/d Meer (Skearnegautum)      –               Marten Walinga (Lollum)

Hein de Vries (Hartwerd)                    – Sybren Dyk (Jorwerd)

Bauke Diekstra (Skearnegautum)      –               Sietse de Jong (Aldegea)

Bernard Kroon (Blauhús)                    –               Teake Kooistra (Hartwerd)

Sjouke Attema (Gaastmer)                 –               Cor kooistra (Skearnegautum)

Tsjerk Wijbinga (Hartwerd)               –                Marcel Altena (Blauhús)

Willem Hoekstra (Gaastmer)            –                Liuwe Westra (Lollum)

Pieter Hoogterp (Gaastmer)             –                Leo Altena (Blauhús)

De lotting foar twadde ronde is op freed 26 novimber yn Jorwerd.

(Tekst: J. de Jong)

doorfriesdammen

Nuveraardige saken by de Stadige Strikers.

It gong der eins wol wat om wei by de Strikers moandeitejûn. Hoewol ús topdammers net oanwêzich wienen, gong in oare topdammer binnen tsien minuten it skip yn. Fierders wie der in dammer dy’t miende dat er wol tsjin twa tagelyk damje koe. No dat hat er witten. Nuveraardige saken by de Strikers dat wie sa en net oars.

Dicky van der Meer giet dit damskoft oant no ta as in spear. Hy wint de iene pot nei de oare. En dat is moai ek al omdat Dicky in leafhawwer by útstek is fan it Fryske spul. Moandeitejûn moast er it opnimme tsjin Sjoerd Jan Bakker. Dan witte jo by foarbaat al dat dat net in maklike opjefte is. Ferline wike makke er in foutsje, mar dat soe him no wol net wer oerkomme. It soarge dan ek wol foar hiel wat opskuor yn it sealtsje doe’t er samar fan it boerd feegd waard troch Dicky. In blunder. Dat binne de Strikers net fan him wend. Nuveraardich gefaltsje! Doe ha se fuortendaliks mar harren twadde kompetysjepartij spile. Dat like derop. In hiel moai spul. Dat einige yn kamp. Al mei al pakte Dichy oardel punt der by . Hy leit op ramkoers!

Jelle of Willem spilet wol gauris tsjin twa spilers tagelyk as er in ûneven tal dammers is. Dat wie no ek it gefal, mar Jelle en Willem lieten ferstek gean. Doe sei de foarsitter: “Dan wol ik wol tsjin twa!” Nuveraardige keunsten fansels fan sa’n man. Guon tochten al dat it troch it feestje kaam dat er de middeis yn syn famyljerûnte hie. Hy damme tsjin Ype Boelens en Bauke Bos. Dus in bestjoersoangelegenheid! De ponghâlder en siktaris joegen har net sa mar oer. Nee krekt oarsom. Se spilen deeglik. De foarsitter sels gyng as earste grouwélich yn de fout. Gewoan strike sûnder te tinken. Bauke Bos pakte dreks ta. Hy krige min of te mear in daam kado en doe koe Kooistra him wol yn pakke. Hy spinpoate noch wat tsjin, mar Bos joech gjin belies en wûn.De partij tsjin ponghâlderBoelens  like wol aardich goed te kommen, mar ek dat soe foar de man dy’t wol efkes tsjin twa tagelyk koe ek yn katastrôfe einigje. Twa suterige nullen koe de man dizze jûn by skriuwe.

Utslaggen: Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Jan Castelein – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½;

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

finale fan ’e Fryslânkup yn Blauhús te folgjen

De finale fan ’e Fryslânkup yn Blauhús te folgjen, dan is hjir ek noch in streekrjochte link

https://toernooibase.kndb.nl/applet/oerterpapplet2.0/viewsemilive/show_live_games.php

doorfriesdammen

“Ik wol wol kamp!”sei Dykstra.

Remizes komme yn it Fryske spul net sa folle foar. Freedtejûn waarden der yn Sânfurd 75 potsjes spile en der einige mar ien yn kamp. As men wat langer tiid hat om te tinken dan komme der fansels mear kampen foar. By de Stadige Strikers liken der moandeitejûn ek wer gjin kampen te kommen. Der siet doe noch ien spul. Dykstra tsjin Bakker. 

It spul like aardich de kant út te gean dat der wol in winner komme soe. Bakker like de grutste kânsen op winst te hawwen. Bauke Dykstra seach al in pear kear allegearre apen en bearen, mar skarrele hieltiten noch moai troch. Op it lêst wie it sa dat hy noch ien daam hie en syn tsjinstanner ek in daam mar ek noch twa houtsjes. Dykstra gong efter in hout fan Bakker stean; hy sette dat hout op slach, mar it oare hout stie like goed ek op slach. Dat seach Bakker even oer de holle, sette  syn daam sa danich del dat er tocht dat Dykstra him yn de bek rinne soe. Dykstra sei doe: “Ik wol wol kamp!” Hy hie al lang sjoen dat er ek oarsom slaan koe en dan wie it yndie remize. Bakker woe dat net oan en tocht noch hieltien dat er it wûn hie. Doe sloech Dykstra de beide houten krekt oars as wat Bakker tocht hie. Kamp dus! Bakker skrok der fan!

De beide Casteleinen rekken beide yn it begjin fan de partij fuort in houtsje efter. En dan wurdt it fansels in hiele toer om der noch wat út te heljen. Sy ferlearen beide  dan ek. Jelle Wiersma en Willem Schaap hienen neffens in oare dammer in Hollâns spul. Sa like it yndie. Yn dy Hollânske stân stûn Jelle wol in houtsje foar. Hy wûn dan ek, mar it wie wer in lust om te sjen hoefolle nocht Willem oan dy wylde stân hie. Hennie de Haan koe it úteinlik net risse tsjin Bauke Bos. Healwei de partij like alles noch aardich yn lykwicht, mar yn de einfaze sloech Bauke aardich ta en wûn. Tineke Teigeler koe it net hâlde tsjin Jelle Wiersma. De kampioen fan Sânfurd pakte dus earst Tineke yn en letter Willem.

Utslaggen:Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra ½ – ½; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens Kees Castelein 1 – 0; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

In djipterekôr by de Strikers

Oer it generaal is in rekôr altyd moai om te beheljen, mar it rekôr by de Strikers moandeitejûn net: it wie in djipterekôr. In djipterekôr yn it tal dammers en yn de duer fan de partijen. It woe net sa as it eins moat en troch de ferskate blunders wienen de fjouwer partijen yn in flok en in skeet út. En koenen de mannen al foar healwei tsienen nei hûs ôfreizgje. In djipterekôr wêr‘t jin as klup net grutsk op hoege te wêzen.

De sân dammers, allegearre manlju, de beide froulju koenen net, gyngen noch mei goeie moed sitten. Mar it duorre net sa lang of Bauke Bos moast it tsjin Jelle Wiersma opjaan. Jelle helle der in moaie flypflap út wêrtroch Bauke syn houten oan alle kanten fan it boerd ôffeegd waarden. Jelle koe doe fierder gean mei de partij tsjin Ype Boelens. Dat spul ferge ek net folle tiid fan de mannen. Ype die it krekt net goed en ferlear ek en doe wie it noch rom foar njoggenen.

As dat al net genôch wie, makken Willem Schaap en Cor Kooistra beide sleauwe flaters. Willem moast sa de winst oan Dicky van der Meer tastean. Dy lêste wûn foarige wike ek al tsjin de foarsitter, mar dat wie nei in hiele moaie partij. Dy selde foarsitter jûch no twa houten en seach fuortendaliks dat dat ferkeard gie. Hy tocht dat er moai twa om twa ôfruilje koe, dat betearde dus oars en hy kaam al mei al in houtsje efter. Dat mocht syn tsjinstanner Sjoerd Jan Bakker wol lije. Op dat stuit wie de partij eins al út, hoewol ‘t Kooistra noch wol wat tsjin spinpoate, koe er neat mear begjinne.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Finale 5e Fryslânkup tussen Marten Walinga en Taeke Kooistra

Freedtejûn 22 oktober wurdt yn klubhûs Siesa, Blauhús de finalewedstriid fan de Fryslankup ferspile.

Dizze partij wurdt altyd as ôfsluter fan it damseizoen yn april spile mar troch it Corona-firus koe dit yn 2020 net trochgean.

Hopelik kinne we it normale libben wer wat oppakke en sjogge we út nei wer in protte mooie damwedstriiden.

Finalist Marten Walinga is fan’t simmer wer Wrâldkampioen wurden nei in 2-kamp tsjin syn útdager Folkert Groenveld. Syn tsjinstander Taeke Kooistra is mearfâldich Frysk Kampioen en sil der alles oan dwaan om Marten Walinga te ferslaan.

De wedstriid is “live” te folgjen op www.friesdammen.nl.