Dizze jûn wiene der mar seis dammers mar de gesellichheid wie der net minder om. It begûn al nuver trochdat ien fan de buorden net goed del setten wie en sadwaande krigen Jelle Wiersma en Willem Schaap it idee om in oefenpotsje te spyljen wylst de lange hoeke oan de rjochterkant fan it boerd wie en dit foel noch net mei.
Dan it echte damjen. It spul tusken Tineke Teigeler en Ype Boelens wie gau
út. Tineke makke in foutsje nei de iepeningen dat waard troch Ype fuort ôfstraft. Willem Schaap spile tsjin Jelle Wiersma en woe in kosmische klapper helje, sa sei er sels, troch te prebearjen om der yn de iepening in moai stantsje op te krijen en dus op in spesjale manier te iepenjen. Spitich foar Willem mislearre dit en rekke hy twa houtsjes achter. Nei in spul, wat ek wol like op in Hollânsk spul wûn Jelle der partij neidat it noch in moaie partij waard.
De dammers dy’t it langste wurk hiene wiene Bauke Bos en Sjoerd Jan Bakker. It kantsjespul gie moai lykop en yn in stân fan trije tsjin trije, wêrby it like dat Bauke de bêste winstpapieren hie, die Bauke it net goed, sadat Sjoerd Jan ôfruilje koe en Bauke in hout offerje moast. De hearen krigen beide in daam mar dochs gie de winst nei de Bakker en net it Bosk yn.
Utslaggen:
Ype Boelens – Tineke Teigeler 1-1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0-1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0-1
Hartwert. It âlde jier is ôfrûn, 2026 tsjinnet him oan lykas in nije dampartij: do witst hoe’t it begjint, mar net hoe’t it ferrinne of eindigje sil. In dammer wol net deselde flaters meitsje en graach mei goede foarnimmens begjinne (om der dêrnei efter te kommen dat dit net sa maklik fol te hâlden is). Dat kin tradysjegetrou yn Hartwert dêr’t it earste damtoernoai Frysk Spul fan it jier organisearre wurdt troch de pleatslike damklup.
By it Fryske Spul hat men in soad mooglike iepeningssetten, mei elk har eigen karakter. Elke iepeningsset seit wat oer de spiler dy’t him ferrjochtet. Je binne in klassike spiler, as giest graach tsjin de stream yn? Hâldst fan wissichheid as biist op syk nei oarloch op it boerd? As bin je in romantikus? Hâldst mear fan gokken en giest foar kompleksiteit? Al dizze karakters wiene dizze dei wol oanwêzich op dizze prachtige damdei yn Hartwert.
De A-klasse, bestie út twa groepkes. Groep 1 hie as grutte winner de Ljouwerter Hein de Vries, hy wûn al syn partijen. Der efter folgen trije man mei elke ien winstpartij. Yn groep 2 liet Cor Kooistra sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nylân hie de moarns tsjin de frou sein dat der gjin party winne soe. Oars die bliken, miskien wat gelokkich yn de earste twa partijen, mar de lêste partij makke hy prachtich út. Hy liet syn tsjinstanner mei in berekkene lêste set, smoare yn de koarte hoeke. Syn broer Taeke waard twadde.
De spilers yn de B-klasse wiene oaninoar weage. De trije klupleden Fedde, Klaas en Germ gunden inoar allegear in winstpartij en dêrmei dielden se de earste priis mei-inoar. De mannen sille wol tinke, we moatte noch de hiele winter mei elkoar op de klup. Yn de C-klasse liet Anne de Boer fan him hearre. De boer yn rêst ferdjippet him goed yn it damjen en pakt de lêste tiid faak in priiske op toernoaien. Ek no wie er op dreef en wûn er al syn trije partijen, wêrby’t de winst op de normaal op heger nivo spyljend Sjoerd Kooistra ferrassend neamd wurde mocht. Dy waard úteinlik twadde.
In slagge damdei yn Hartwert mei prachtige partijen. De priiswinners wûnen in amer fol itenswaren. De ferliezers giene ek net mei lege hannen nei hûs. Elkenien krige in pûdsje Fryske dúmkes.
Folsleine útslach:
A-klasse groep 1: 1. Hein de Vries (3p), 2. Tjerk Wijbenga, Dicky van der Meer, Liuwe Westra (1p). A-klasse groep 2: 1. Cor Kooistra (3p), 2. Taeke Kooistra (2p). B-klasse: 1. Fedde Wiersma, Klaas Abma, Germ Bruinsma (1p). C-klasse: 1. Anne de Boer (3p), 2. Sjoerd Kooistra (2p).
Yn de earste rubryk fan it nije jier sjogge we werom nei in partij út it Frysk kampioenskip fan 1960. Regearjend kampioen Dirk H. de Vries naam it yn de fiifde omloop op tsjin Willem Bakker. Dy hie de titel ek al mear as ien kear wûn. De twa matsjedoaren makken der in moai spul fan mei wikseljende kânsen.
D.H. de Vries – W. Bakker 1.2.1960, 5-e omloop PK te Ljouwert
1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 14-20 4.31-26 10-14 4.38-32 is in moaie set. 5.37-31 17×37 6.41×32 20-24 De ôfruil troch 6. …16-21 7.26×17 7×29 8.34×12 8×17 9.35-30 25×34 10.34×8 3×12 liket wat minder goed. 6. ..5-10 as 18-22 binne better spylber. 7.34-30 25×34 8.40×20 14×25 9. ..11-17 10.33-29 17×37 11.47×27 wurdt dreech spul foar beiden. 9.32-27 25-30 10.35×24 19×30 De ôfruil troch 11.33-29 kin ek. 11.42-38 11-17 12.45-40 17×37 13.40×20 15×24 14.31×42 24-30 15.42-37 7-11 16.37-31 11-17 17.37-32 mei de driging 36-31 17.47-42 1-7 18.42-37 7-12 19.37-32 4-10 20.32-27 17×37 21.31×42 10-15 22.42-37 15-20 23.37-31 12-17? Der drige 26-21, 16×27, 31×22, 12×34 etc. en 23. ..20-25 as 30-35 hie moatten.

Wyt kin taslaan en spilet 24.31-27 17×37 25.26-21 6×27 mar nimt hjir de ferkearde kar. 26.39-34! 37×28 27.34×21 as 26. …30×28 27.38-32 27×38 28.43×25 en wyt wint de swarte skiif op fjild 37. 26.33-28? 27×29 27.39×17 37×39 28.43×12 2×11 En der in daalk in lykweardich einspul begjinne. 29.48-42 9-14 30.42-37 5-10 31.44-40 10-15 32.40-34 8-12 33.50-45 11-16 It is skowen om de goede posysje. 34.49-43 14-20 35.43-38 12-17 36.36-31 17-21 37.31×11 16×7 38.46-41 7-12 39.41-36 12-17 40.34-30 20×4040.36-31 as 38-32 is better, lykas 42. …7-21 41.45×34 15-20 42.38-33 3-9 43.33-28 9-13

It is kamp nei 44.36-31 17-21 45.31×11 6×17 46.34-29 20-25 47.37-31 25-30 48.28-22 as 31-26 44.37-31? 17-21 En wyt komt daalk oan en moat in hout jaan. 45.31×11 6×17 46.36-31 13-19 47.31-26 20-25 48.28-22 17×28 Beide spilers kinne op de daam komme.49.26-21 28-32 50.21-17 32-37 51.17-11 37-41 52.11-7 19-23 52. ..47-41 53.7-2 (ferpl.) 47-15 54.2×30 15-33! 55.34×32 25×34 wint swart. 53.7-2 41-461 54.2-111 46 -412 En wyt hat in kâns op kamp.

55. …11-392 56.41-473 39-433 En swart moat no mei in skiif strike, bgl.57.23-28 34-30 58.25×34 43×26. 55.11-50 41-46 56.50-6 46-41 57.34-30 25×34 58.6-50 41-46 59.50-45 34-39 60.45×12 39-43 Swart strykt nei de twadde daam mei winst. De âlde master Sjoerd Tigchelaar soe yn 1960 wer kampioen wurde.
De problemen fan Stellinga-Baron
Nû.13 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50
Nû.14 sw.10, 11, 13, 16, 17,19,21,26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49

Nû.15 sw. 8, 12, 14, 17, 19, 20,23,24, 26 wyt 21, 25, 32, 35, 37, 42, 43, 45, 49

Nû.16 sw. 6, 7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44
Oplossingen stjoere foar 16 jannewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Op 30 desimber 2025 waard op Tresoar yn Ljouwert foar de 9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! holden.
FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei 5 skiven (ynstee fan 20) foar elke spiler. It spul FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de Provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Dy opset docht bliken suksesfol te wêzen: sûnt de lansearring yn 2016 is it tal wedstrydspilers fan it Frysk Damjen mear as ferdûbele, mei in protte nije spilers fan bûten Fryslân en sels bûten Europa.
Op 30 desimber wiene der 13 dielnimmers dy’t strieden om de titel. Nei sân omlopen stiene Jelle Wiersma (notiids Frysk kampioen Frysk Damjen) en Marten Walinga (notiids wrâldkampioen Frysk Damjen) beide op 6 punten. Nei in spannende barraazje loek Wiersma by eintsjebeslút oan de langste ein.
It spul FRYSK! hat troch de tinne basisopstelling gjin iepeningsteory, mar winst en ferlies lizze noch altyd tige ticht byinoar. Dat die wol bliken út it feit dat bygelyks Niek Tolsma út Lollum, in dammer dy’t it spul yn ’e koroanatiid ûntdutsen hat, tsjin regearjend Nederlânsk Kampioen FRYSK! Hein de Vries kamp spylje koe. Ek fierders wiene der in protte spannende partijen en ûnferwachte útslaggen.
Alle útslaggen en de einstân binne te finen op ’e webside fan ’e Stifting WFD: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html
Jelle Wiersma hat him mei dizze titel kwalifisearre foar it folgjende wrâldkampioenskip FRYSK!, dat spile wurde sil op 8 maart 2026 yn Frjentsjer. Oare spilers dy’t har dêr al foar kwalifisearre hawwe, binne Joseph Niyongabo út Rwanda en Pavel Noga út Tsjechië. Op 18 jannewaris 2026 wurdt der yn Itaalje om ’e nasjonale titel FRYSK! damd, en de winner dêrfan mei ek in wraam dwaan op ’e wrâldtitel.
Foar fragen: Liuwe Westra, skriuwer Stifting WFD, 06-30837586



Wy kinne hast wol sprekke fan in tradysje: Al jierren wurdt sa oan de ein fan it jier damme tusken beide boppesteande klups. Dit jier waard it treffen holden yn Hartwert. Om kertier foar achten stienen der mear Stadige Strikers yn it gesellige en smûke ûnderkommen as dat der spilers fan de thúsploech wienen. De Strikers tochten hast al dat de gasthearen it ferjitten hienen. Allinne wisten se ek wol dat it wol goed siet, want de dambuorden stienen moai op de tafeltsjes te plak.
Tsjin achten kaam der mear reuring yn de seal. De dammers dy’t wend wienen om om acht oere oanwêzich te wêzen kamen no yn in grut oantal binnen drippen. It praat gyng foaral oer it OKT yn it Hearrefean, mar nei’t de foarsitter it wurd naam en de gasten út Skearnegoutum yn it bysûnder wolkom hjitte, wie it praat oer it riden ek wer oer. No moast der damd wurde. Nei in lyts oerke spyljen mochten alle dammers de klokken even stil sette. Doe waarden de priiswinners fan de priisdammerij yn Skearnegoutum eefkes yn it sintsje setten. Op dat stuit wie der noch mar ien partij beslist. En dat betsjutte dat de Strikers al in punt binnen hienen. Geandewei de jûn hienen de Strikers net te kleien oer te min seges. Nee der kamen noch heel wat punten by. Uteinlik wûnen de Strikers mei 2 – 6.
De persoanlike útslaggen: Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries – Willem Schaap 0,5 – 0,5; Taeke Kooistra – Dicky vd Meer 0,5 -0,5; Germ Bruinsma – Ype Boelens 1 – 0; Klaas Abma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ids Boersma – Cor Kooistra 0 – 1; Tom Vellinga – Bauke Bos 0 – 1; Meinte Wesselius – Tineke Teigeler 0 – 1.
Op sneontemiddei 27 desimber kamen tweintich dammers Frysk Spul op it
toernoai ta, dat organisearre waard troch damklup De Stadige Strikers. Mei dat oantal wie it bestjoer fan de krekt neamde klup wakker tefreden. Men wit nea yn it foar as sa’n dei, sis mar de tredde krystdei, wat yn de belangstelling stean sil by de dammers. No dat pakte dus goed út.
Der waard de hilele middei moai troch damme en oan de ein fan de middei wie der mar ien groepke wêr”t yn trije spilers likefolle punten hienen. Alle trije wûnen se fan de selde en ferlearen foierders ien. Alle trije dus twa
punten.Tineke Teigeler de iennige frou yn it hiele selsskip, moast om fiif oere fuort. Dat wie fan tefoaren bekend. Sy gong dus fuort en doe bleauwen der twa oer en it ûnderlinge resultaat tusken dy twa wiisde de winner oan.
Alle groepswinners krigen ek noch in moaie priis as bones fan ien fan de
sponsors fan de wedstryd. No dat gyng deryn as in goeie preek yn in âlderling. De folgjende winners steane hjir ûnder.
Utslaggen: Eare klasse I : 1 Marten Walinga, Waaksens; 2 Taeke Kooistra,
Hartwert. II 1 Fedde Wiersma, Easterein; 2 Willem Hoekstra, Aldegea SWF; III Tsjerk Wybenga, Arum; 2 Folkert Groenveld, Jutryp. HA 1 Ype Boelens,
Menaam; 2 Cor Kooistra, Nijlân. 2de klas: 1 Anne de Boer, Boalsert; 2 Meinte
Wesselius, Wommels.
By inkelde Stadige Strikers wie it skerpste der jûn wat ôf. Of men is oan in nij jier ta, of it moat sa wêze dat de ferliezers de winners stikem de partij kado jouwe en in oar ek wol wat gunne, mar dat leaut de stikjesskriuwer net. Wol dat men mekoar wat gunt, mar net dat men de partij kado jout.
Mar meastal is der in winner en in ferliezer, want kamp of remize komt net sa faak foar yn it Fryske damspul. It like der by de waarnimmend stikjesskriuwer wol op, want hy rekke gau in houtsje achter. Mar dit wie by de oare ferliezers ek it gefal want binnen de koarste kearen stiene de ferliezers achter. Willem Schaap die deselde iepening as ferline wike en hie it gelok oan syn kant want syn tsjinstanner, Ype Boelens, rûn yn deselde téory as ferline wike Cor Kooistra. Ek Sjoerd Jan Bakker ferstruts him en
dat kin net tsjin Dicky van der Meer, dy’t de lêste wiken aardich wat punten by mekoar garret.. Bauke Bos en Tineke Teigeler sieten it langste mar Bauke koe it ferlerne houtsje net wer werom krije en sa gyng de punt mei nei Sibrandabuorren.
Utslaggen: Bauke Bos – Tineke Teigeler 0-1; Cor Kooistra – Jan Castelein 1-0; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1-0; Willem Schaap – Ype Boelens 1-0
De Fryslân Kup, dit jier al wer foar de tsiende kear, wie ta oan de twadde omloop. Trije ‘krakers’ kamen der út de pot. Klupgenoaten Willem Schaap en Jelle Wiersma moasten tsjin elkoar, Siebe Walinga trof Pieter Hoogterp en Bekerhâlder Folkert Groenveld moast it yn thúshaven Aldegea opnimme tsjin Marten Walinga, ferline jier noch winner fan de ferliezersrûnte. Schaap, Hoogterp en Walinga hellen de tredde omloop.
F.Groenveld- M.Walinga, Aldegea-SWF 2-e omloop Fryslân Kup, 8.12.2025
1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 11×31 4.36×27 16×36 5.46×26 20-25? Folle better is 5. …17-22 6.37-32 22×31 7.26×37 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 Mei in djippe kombinaasje kin swart lyk spul hâlde. 7. ..18-23! 8.35×15 24-30! 9.34×25 23-29! 10.33×24 19×30 11.25×34 17-22 12.27×18 8×28 13.38×18 13×22 14.15×11 7×29 Mar hat wol twa ‘wylde houten’. 8.33-29 24×33

Wyt hie nei 9.38×29 drige mei 45-40! en 29-24. Op bygelyks 9. ..14-20? folget 10.45-40 25×45 11.29-23 13×35 12.39-34 35×33 13.43×5 It bêste is noch 9. ..15-20 10.35×24 19×28 11.27×29 en wyt hat in hout mear. 9.34×32 14-20? En wer is swart net skerp. Fansels 10.45-40 25×34 11.39×10 9-14 12.10-5 19-23 13.5×11 7×36 Wyt komt foar. Al is it swarte hout op fjild 36 in hannebiner. 14.44-40 18-23 15.40-35 4-10 16.50-45 1-7 Wyt moat oppasse foar 23-28. Sa kin 27-21 en 49-44 net mear om de mearslach 17.35-30 15-20 Hjir hie wyt geunstich ôfruilje kind en deegliker stien.

18.27-22! 23×21 (ferpl.) 19.30-24 20×29 20.32-28 29×27 21.27×46 bliuwt in hout foar en de tûkelteammen binne der út. 18.30-25 10-14 19.37-31 14-19 19.45-40 liket better. 20.25×14 19×10 21.41-37 10-15 22.47-41 36×47 23.48×46 23-29 Wyt ruilet de ‘stikelder’ ôf, mar kriget wol gatten yn de stân. 24.27-21 13-19 Swart driget mei daamjaan troch 25. .2-7 en dan 26.21×1 19-23 27.1×18 8×50 25.43-39 (ferpl.) 15-20 26.31-26 20-25 27.39-34? 29×40 28.45×34 19-23 Nei 27.32-27 20-25 28.38-32 8-13 29.21-16 6×28 30.32×34 hie wyt grutte winstkânsen. Wyt is it foardiel kwyt en rint yn in deadlike kombinaasje. It wie noch spul nei 29.21-16

29.46-41? 23-29 30.34×23 7-11 31.21×1 25-30 32.1×18 8×50
Twa nije problemen fan Stellinga-Baron.

Nû.13 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50

Nû.14 sw.10, 11, 13, 16, 17,19,21,26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Der binne fansels sot dingen dy’t sa moai wêze soenen mar der gewoan net
binne. Nim no it lytse oantal leden fan damklup De Stadige Strikers, wat soe it moai wêze as dat oantal de kommende tiid ferdûbelje soe. It soe moai wêze, mar it sil nei alle gedachten wol net barre.
Gelokkich wienen ôfrûne moandeitejûn de measten wer paraat. En der waard ek noch hiel aardich spile. Dochs wienen de measte spullen gau út. Te gau. Sieten De Strikers in pear jier lyn faak noch oant in oere as healwei alven of letter te damjen, no wienen de measten op dat tiidstip al lang út.
Wy sille mar rekkenje dat it de tiidgeast is en dat dy ek de Strikers parten spilet. De tiid hâldt gjin skoft en dêr is elk him hieltiten mear fan bewust. Noch ien damjûn en noch de priisdammerij op sneon de 27ste dan sit it damjen der yn it Swettehûs foar 2025 wer op.
Utslaggen: Ype Boelens – Dicky vd Meer 0 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Wiillem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.
Meastal as jo as dammer in foutsje meitsje dan is dat faak it begjin fan de ein. Mei in efterstân rint men meastal efter de feiten oan en kin men de
tsjinstanner ek wol de hân jaan. Fansels hoopje jo dan dat de man tsjinoer jo ek even in net sa’n goeie streek docht, mar dat bart gewoanwei net.
Moandeitejûn kamen der mear as ien dammer in houtsje te gau efter. Dan
wurdt der fansels noch wol troch spile, hoewol’t it net folle mear om de hakken hat. In houtsje achter is yn it Fryske spul faak einde oefening.
It boppesteande jilde moandei ek foar Ype Boelens. Hy rekke ek yn de
sitewaasje mei in houtsje minder. Dat moat jin net oerkomme tsjin in spiler as Sjoerd Jan Bakker. De lêste kin soksoarte fan stantsjes feilleas útspylje.
Yn it kader fan de Fryslân Kup waarden der twa partijen spile. De sterke man út Hartwert, Taeke Kooistra moast it opnimme tsjin syn broer Cor Kooistra. De twa bleawen it langste sitten, mar yn it middenspul moast de Nijlânder eins al belies jaan. Hy koe it net hâlde tsjin de ferdigendje stelling fan fan syn jongere broer.
Jelle Wiersma en Willem Schaap moasten troch it lot ek tsjin elkoar. Sy spilen in moaie partij. Mar de Frysk kampioen koe it net hâlde tsjin Schaap. Dy lêste sit op dit stuit yn de winners-modus. It is in lust om it te sjen en mei te meitsjen.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0. Dicky van der Meer – Jan
Castelein 1 – 0. Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0. Jelle Wiersma – Willem Schaap 0 – 1. FK Cor Kooistra – Taeke Kooistra 0 – 1. FK