SKEARNEGOUTUM – By de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul kaam net ien der ôfrûne sneon yn ‘e kampioensklasse sûnder skawankje ôf. De grutste misstap die regearjend kampioen Jelle Wiersma. Tsjin Siebe Walinga kaam er frij ienfâldich in skiif yn ‘t efter, en doe joech er de Aldegeaster ek fuortdaliks mar de hân. Walinga moast dêrnei efter it boerd tsjin in oare favoryt, njoggentjinfâldich kampioen Taeke Kooistra. Nei in ûnoersichtlike pot waard it kamp, al wiisde it omsteand laach der nei ôfrin al op dat Kooistra de winst sitte litten hat.
In tredde favoryt, Marten Walinga fan Waaksens, liet tsjin Tsjerk Wijbenga ek al in stek falle. De Arumer hie it dreech, mar koe him likegoed út ‘e swierrichheden knokke, mei in remize as poerbêst resultaat. Hast hie Walinga tsjin Pieter Hoogterp noch mear skea oprûn, mar in lykweardich einspul mei elkmis in daam en in hout koe er dochs noch yn syn foardiel omsette. De Gaastmarder helle oars yn ‘e earste omloop tsjin outsider Henk Haanstra wol in knappe remize. Doe’t alle reekwolken oplutsen wiene, die bliken dat mar leafst de helte fan ‘e dielnimmers himmei oardel punt koprinder neame mei: njonken de bruorren Walinga hearre dêr ek Kooistra en Haanstra ta.
By de twadde acht is it opfallend dat de promovearre Fedde Wiersma as iennichste noch sûnder averij is. Dat jildt yn ‘e tredde acht ek foar Cor Kooistra. Opfallend wiene dêr de prestaasjes fan ‘e Dútser Malte Schulz. De Hamburger, dy’t troch it ynternet de smaak fan it Frysk damjen te pakken krige hat (“nijsgjirriger as skaken”), nimt mei oardel punt in dield twadde plak yn.
Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse, earste omloop: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5;
Twadde omloop: Wiersma – De Vries 1-0, Kooistra – S. Walinga 0,5-0,5, M. Walinga – Hoogterp 1-0, Haanstra – Wijbenga 1-0.
Tuskenstân: Haanstra, Kooistra, M. en S. Walinga 2-1,5; Wiersma 2-1; Hoogterp en Wijbenga 2-0,5; De Vries 2-0.
Twadde acht, earste omloop: Liuwe Westra (Lollum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Bernard Kroon (Blauhús) – Dicky van der Meer (Terherne) 1-0, Willem Schaap (Jirnsum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0;
Twadde omloop: Groenveld – Kroon 0,5-0,5, Van der Meer – Westra 0-1, Dykstra – Wiersma 0-1, Kingma – Schaap 0-1.
Tuskenstân: Wiersma 2-2; Groenveld, Kroon en Schaap 2-1,5; Westra 2-1; Dykstra 2-0,5; Kingma en Van der Meer 2-0.
Tredde acht, earste omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Hidde de Vries (Langsweagen)1-0, Cor Kooistra (Nijlân) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0, Malte Schulz (Hamburg) – Ype Boelens (Menaam) 0,5-0,5;
Twadde omloop: Hoekstra – Tijssen 0,5-0,5, De Vries – Dyk 1-0, Wiersma – Schulz 0-1, Boelens – Kooistra 0-1.
Tuskenstân: Kooistra 2-2; Hoekstra, Schulz & Tijssen 2-1,5; De Vries 2-1; Boelens 2-0,5; Dyk en Wiersma 2-0.
De Stadige Strikers soenen graach in blyk mei dammers iepenje, mar ja dat giet sa mar net. Ferline jier sieten wy wol gauris mei sykte en dat is dit jier net oars. Boppedat hat fansels it wurk ek faak foarrang op it damjen. En dat is folkomen te begripen: moai dat men wurk hat. Mar it is wol ris sa dat as men gjin wurk hat it damjen der by guon better op wurdt. Sa’n foarbyld rint der ek om by de Strikers. Al mei al wie it wol in gesellige damjûn. Mei mar ien partij, dêr’t it oant de lêste set der om gie.
Dat wie de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. Der waard yn dat spul sterk skood. Sjoerd Jan mei swart sloech yn de iepening de lange hoeke der út by wyt. Dat binne de Strikers wol fan him wend. Dus siet Bakker fuortendaliks al yn syn faforite spul. Hy krige ek al gau in houtsje op fjild 36. Dat koe Ype fuortendaliks rjochtsette, mar Bakker bleau oanfallen. Ja hy is de man dy’t net mear wurket en hieltiten better begjint te damjen. Op it lêst hie er it wer perfekt foarinoar troch op de set ôf te winnen.
Der waard ien partij foar de Fryslân Kup ferspile. Willem Schaap ûntfong klupgenoat Dicky van der Meer. Foar de lêste gyng it yn it begjin al ferkeard en kaam doe in houtsje efter. Dy foarsprong joech Willem net mear út hannen en hy sit no yn de heale finale.
Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jelle Wiersma – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Jan Castelein 1 – 0; FK Willem Schaap – Dicky van der Meer 1 -0.
(Tekst: CK)
Ofrûne sneon wienen de Stadige Strikers der al hieldal op ynsteld dat se nei ûnderen gean soenen. Se stienen doe op dat stuit mei 4 – 3 efter en it like der net op dat de partij dy’t noch siet in hiele punt op leverje soe. In healtsje dat wol, mar dat wie net genôch. Grut wie dan ek de ûntlading doe’t ús dammer nei in fout fan de tsjinstanner noch de hele punt der út sleepte. Moandeitejûn waard der yn in hiele lytse groep noch oer nei praten: fan degradant nei it tredde plak.
Ja somtiden dan geane partijen oars as men ferwachtet. Dat wie foaral sa yn de partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra. De lêste iepene wol hiel oars as gewoanwei, mar dêr kaam er goed út. Allinnich hat er nei dy iepening tocht dat de gefaren geweken wienen. Hy seach dan ek hielendal neat fan de bedoelingen fan Bakker. Dy hie der in moai klassyk loopke yn breide en dêr rûn de foarsitter mei iepen eagen yn. De stân wie doe noch gelyk, mar de partij wie ferlern.
Ype Boelens joech Jan Castelein damles. Hy die dat nei’t er foar kommen wie en de partij yn syn foardiel beslist hie. Bauke Bos kaam yn de partij tsjin Willem Schaap yn de iepening al in houtsje efter en dan witte jo it wol. Willem siet tagelyk ek tsjin Kees Castelein te damjen. Kees krige krekt as syn heit ek damles. It wie al in aardichheid hoe’t dy Casteleinen de foefkes en trúkjes har eigen besochten te meitsjen.
Utslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Kees Castelein 1 – 0.
(Tekst: CK)
De klupkampioenskippen fan it Dambûn Frysk Spul krigen in tradysjonele winner. Lykas sa faak wie Hartwert wer de sterkste, en dat wie dit jier ek knap oertsjûgjend, want de trije wedstriden waarden allegearre wûn. De earste, tsjin Skearnegoutum, sels ferpletterjend, mei 7-1. No moat al sein wurde dat De Stadige Strikers twa gefallen fan sykte yn ‘e ploech hiene, en dy moasten oanfolle wurde mei dammers fan dochs wat mindere kwaliteit.
Dêrfoaroer wie Hartwert dit jier op folle oarlochsterkte, en dat die ek wol bliken yn ‘e twadde omloop, want in oerwinning mei 6-2 op it renomearre Aldegea mei der ek wêze. Hoewol, de Aldegeasters ha wol better tiden kind. Yn ‘e lêste omloop kamen se tsjin Skearnegoutum net fierder as 4-4, en dat betsjutte degradaasje. De Hartwerters gongen ûnderwilens fol betrouwen de lêste omloop yn. In lykspul tsjin regearjend kampioen Lollum wie genôch, want de Lollumers hiene yn ‘e twadde omloop mei in lykspul tsjin Skearnegoutum dochs wol in stek falle litten. Tsjin Hartwert ha se eins ek nea echt in kâns hân. It einspul tusken Marten Walinga en de Hartwerter Taeke Kooistra eage foar de omstanners dan wol wakkere spektakulêr, mar beslissend foar it kampioenskip wie it al net mear. Walinga ferlear oars, en dêrmei waard de einstân 5-3 foar Hartwert.
Sa krige it ferrassende klupkampioenskip fan 2023 no foar de Lollumers gjin ferfolch. Likegoed is in twadde plak ek knap. Lollum fiert de lêste jierren in aktyf belied om leden bûten de provinsje te winnen, en dat docht ridlik fertuten, al liek it twadde boerd foar de Brabanner Ties Slagter dan wer wol wat al te ambysjeus, want de man ferlear alles. Mar de oardel punt op it tredde boerd foar de Uterter Fries om utens Auke Zijlstra koene der op troch, en dat gau al hielendal foar de treddeheal punt dy’t Malte Schulz wer mei weromnaam nei Hamburg.
De ploegen yn ‘e twadde en tredde klasse spilen allegearre in kear tsjininoar. Blauhús wûn de twadde klasse, en dêrmei komt it nei ien jier wer werom op it heechste plan. De oerwinning mei mar leafst 7-1 op neiste konkurrint Hartwert II wie dêrfoar ek dúdlik genôch, mar likegoed moasten de Blauhústers de promoasje noch bewurkmasterje op buordpunten, want se kamen tsjin De Gaastmar en Jorwert net fierder as in lykspul. Dy útslach wie foar de Jorwerters tagelyk wer krekt genôch om de kampioenstsjelke fan ‘e tredde klasse mei nei hûs te nimmen.
Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Lollum – Aldegea 5-3, Hartwert – Skearnegoutum 7-1; Skearnegoutum – Lollum 4-4, Aldegea – Hartwert 2-6; Hartwert – Lollum 5-3, Aldegea – Skearnegoutum 4-4.
Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert 3 (18); 2. Lollum 1,5 (12); 3. Skearnegoutum 1 (9); Aldegea 0,5 (9).
Twadde en tredde klasse: De Gaastmar – Lollum II 7,5-0,5, Jorwert – Blauhús 4-4, Aldegea II – Hartwert II 2,5-5,5; Hartwert II – De Gaastmar 5-3, Jorwert – Aldegea II 4-4, Lollum II – Blauhús 0-8; Blauhús – Hartwert II 7-1, De Gaastmar – Aldegea II 6-2, Lollum II – Jorwert 1- 7; Blauhús – De Gaastmar 4-4, Hartwert II – Jorwert 5-3, Aldegea II – Lollum II 7-1; Hartwert II – Lollum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 5,5-2,5, Blauhús – Aldegea II 7-1.
Einstân twadde klasse: 1. Blauhús 4 (30); 2. Hartwert II 4 (23); 3. De Gaastmar 3,5 (22). Einstân tredde klasse: 1. Jorwert 2 (20,5); 2. Aldega II 1,5 (16,5); Lollum II 0 (4).
(Tekst: S. Dyk)
It damjen Frysk Spul is ûnder mear sa moai en yntressant, om’t faak de slach slein wurdt yn it einspul. De toppers ûnder de dammers kinne faak op de set útrekkenje hoe’t se winne kinne en wat de farianten binne. Dy fariaasjes binne der faak noch folle mear as dat men as hurddraver sa op it earste each besjocht. De toppers kinne rekkenje oant de lêste set ta. Moandeitejûn de earste klupjûn yn it nije jier stie wer yn it teken fan de siswize: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.
Om mei de partij te begjinnen wêr ‘t dizze siswize foar jilde, moat men witte dat de topper fan de klup, Jelle Wiersma, dizze wize wurden him hielendal eigen makke hat.Hy moast it opnimme tsjin good-old Sjoerd Jan Bakker yn it ferline ferskate kearen kampioen fan de klup en al 65 jier lang foar Wurdum en Skearnegoutum meidie oan de klupkampioenskippen. Dan kin men fan tinken wol ha dar der in aardich protsje ûnderfining en erfaring yn sa’n man wennet. Hy damme moai lyk op mei de topper. En it wie echt net in ôfruilspultsje. Nee Bakker doarde wol te striken en gie al gau it boerd oer, neat gjin kantsje strikerij. Dat de lêzer dy’t der in bytsje ferstân fan hat, kin wol begripe dat der in hiele moaie stân op it boerd kaam te stean. De einfaze kaam sa’n bytsje yn sicht en doe tekene it ferlies him al in bytsje ôf. Jelle hie it wer moai foarelkoar. Hy beneamde neierhân ek de farianten, moai om ta sjen. Hy keas wol de goeie fuortsetting en Bakker koe noch wat tsjin spartelje mar dat joech neat mear: oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.
Der waard ek in partij ferdamme yn it kader fan de Fryslân Kup de twadde ronde. Dat gyng tusken Dicky van der Meer en Hein de Vries fan damklup Hartwert. Beide mannen hienen elkoar al ferskate kearen troffen op it damboerd. It begûn al mei ir NK yn Drachten en op de freonskiplike striid tsjin Hartwert sieten de mannen ek tsjin oer elkoar. Doe wûn Hein. No wie der wer in nije kâns foar Dicky om ta te slaan. No dat taslaan foel wol wat ôf. De mannen holden elkoaraardich yn lykwicht. It like dat de Vries der dochs wat sterker útkaam. Hy hie in hiel foarlik hout dat er krigen hie troch in rjochte slach nei foaren en dat like in sterke set. Mar nei in pear streken krige er yn de gaten dat dat sterke hout feroare yn in swakke skeakel. Dicky koe dêrfan moai gebrûk meitsje en sette Hein sa mar ûnder druk. Hein keas foar de bêste oplossing en de partij like op kamp út te draaien. Van der Meer hie in daam en in houtsje en De Vries in daam. Dat houtsje woe de iene der troch ha en de oare woe dat foarkomme. Soks komt krekt. Men hoecht mar ien ferkeard streekje te dwaan en men is de pisang. Hein makke dat foutsje en ferlear. Dicky is in ronde fierder en moat dan tsjin Willem Schaap.
Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeller – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; FK: Hein de Vries – Dicky van der Meer 0 – 1;
CK
It Nederlânsk kampioenskip damjen hie krekt as de foargeande edysjes in spannende ein. Op ‘en nij moasten Jan Groenendijk en Alexander Baliakin troch barraazjes útmeitsje wa’t de Nederlânske titel feroverje soe. En krekt as de eardere twa kear luts Groenedijk dy nei him ta. In bysûndere prestaasje. Om hoe dan ek yn ‘e beneaming te kommen foar in barraazje moast er earst noch Luuk Terwijden fan him ôf skodzje. Dat slagge, en Baliakin kaam tsjin Wouter Sipma net fierder as remize. Nei mar leafst seis barraazjepartijen wie Baliakin dan einliks ferslein. In striid dêr’t beide dammers sa yn ôfmêde waarden dat se nei de siken gappen.
Foar de plakken trije en fjouwer kaam der ek in barraazje oan te pas. Martijn van IJzendoorn koe nammentlik net winne fan Hein Meijer, en allyksa fergong it Jitse Slump tsjin de jongste dielnimmer, Matheo Boxum. Mar yn ‘e twadde barraazjepartij slagge it Slump en ferslaan IJzendoorn. Dat smiet him it tredde plak op, en tagelyk ek de nasjonale grutmastertitel. Knap is ek dat Wouter Ludwig it fyfde plak beset. Hy spile kamp tsjin Jan van der Star. Dat betsjutte dat er, krekt as de top fjouwer, net ien partij ferlear, en dêrmei helle er in prachtich resultaat. De beide Friezen hiene it dreech yn dit toernoai, mar se sleaten it wol goed ôf mei in kampspul. Gerlof Kolk die dat tsjin Anton van Berkel, en Gabriël Heerema tsjin Ben Provoost.
Yn ‘e lêste omloop by it Frysk damjen like Hein de Vries yn it einspul Frans Kingma by de lurven te hawwen, mar ien ûnkrektichheid en it foardiel wie fuort. Kingma seach syn útwei lykwols net, en dan hied ek wol hiel djip rekkenje moatten. In pear setten letter pakte De Vries him definityf yn. Marten Walinga liek Dicky van der Meer syn kantspul yn ‘e stokken te krijen mei in hout yn ‘e midden, mar hy miste in streekrjochte fuortsetting dy’t ta de winst laat hawwe soe. Dy kaam der in pear setten letter likegoed nei in moaie kombinaasje. Folkert Groenveld krige yn syn einspul tsjin Jelle Wiersma faker as ien kear in goede kâns, mar hy makke dêr gjin gebrûk fan, dat lang om let waard de frede dan dochs mar tekene.
Yn ‘e wichtichste partij fan ‘e lêste dei moast Frederik Bos it opnimme tsjin Taeke Kooistra. Dy spile in skerpe en riskante iepeningsset, dy’t gâns rekkenkrêft ferge. In normaal lykjende set fan Bos waard wreed ôfstraft, en mei skiiffoardiel helle Kooistra de winst en dêrmei ek syn earste titel fan Nederlânsk kampioen Frysk damjen nei him ta.
De ien nei lêste dei waard iepene troch wethâlder Pieter van der Zwan, oan it boerd fan de âldste dielnimmer, dy’t it opnimme mocht tsjin de jongste dielnimmer fan it selskip. De âldste, Hein Meijer, waard ûnder druk set troch it jonge talint Matheo Boxum. It bliek de langste partij fan ‘e dei te wurden, mar de âldste hold goed fol en helle lang om let de remize binnen. Wouter Ludwig krige foardiel tsjin Anton van Berkel, mar dat sloech net troch, dat der waard dochs mar ta in remize besletten. Luuk Terweijden spilet oantreklike partijen, mar no waard er oan ‘e kant treaun troch in oanfallende Ben Provoost, dy’t syn foardiel fersulvere mei in lytse kombinaasje.
Jitse Slump spile in fermaaklike pot tsjin Wouter Sipma. Lang gong de striid lykop, oant Sipma in lichte forsing miste, en dêrtroch koe Slump materiaalwinst helje. In moaie oerwinning foar Slump, dy’t dêrmei noch altyd meidocht yn ‘e striid om it tredde plak. Gerlof Kolk spile in goede partij tsjin Martijn van IJzendoorn. Mar dy seach it gefaar, en wikkele ôf nei remize.
De beide kandidaten foar de titel diene dizze omloop wakker har bêst om noch in oerwinning ta te heakjen oan it totaal, mar harren tsjinstanners holden hoek: Gabriël Heerema tsjin Jan Groenendijk en Van der Star tsjin Alexander Baliakin. Dat makket dat der noch in spannende lêste omloop te wachtsjen stiet, want Baliakin stiet wol in punt foar, mar Groenendijk hat op papier in makliker lotting. By mooglik gelyk einigjen komme der barraazjes oan te pas.
By de foarlêste omloop fan it NK Frysk damjen is Jelle Wiersma nei winst op Frederik Bos in heal punt ynrûn op koprinder Taeke Kooistra. Dat hie noch slimmer kind, want Folkert Groenveld liet yn it einspul tsjin Kooistra de winst slûpe. Marten Walinga probearre in nije iepeningsfariant, mar hy makke in raren flater en ferlear sa fan Hein de Vries. Dicky van der Meer spile in sterke partij tsjin Frans Kingma, dy’t him yn it einspul ferseach op in troch him yn gong sette kombinaasje.
De jûns waard it Nederlânsk kampioenskip FRYSK! holden, in fariant fan it Frysk damjen dy’t begjint mei fiif houtsjes op ‘e efterste line. 23 dielnimmers spilen meiinoar 7 omlopen. Taeke Kooistra, dy’t yn it gewoane toernoai syn goede foarm sjen lit, spile hjir ek de measte spilers fan it boerd en waard sa fertsjinne kampioen. Hy pleatst him hjirmei foar it wrâldkampioenskip FRYSK!, dat op 25 febrewaris holden wurde sil yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer.
It topduel tusken Jan Groenendijk en Alexander Baliakin like even wat te wurden, mar beide spilers fûnen remize úteinliks ek wol in moai resultaat. Martijn van IJzendoorn krige yn Luuk Terweijden in lekkere proai, en dêr wist de Nederlânsk kampioen fan 2017 wol rie mei. Hy wûn gaueftich in skiif en dêrmei ek de partij. Dêrmei stiet Van IJzendoorn sa op it each stevich op it tredde plak, omdat konkurrint Jitse Slump net fierder kaam as remize tsjin Anton van Berkel. Wouter Ludwig hie oant no ta inkeld kamp spile, mar yn omloop 10 wie it dan safier. It slachtoffer waard Ben Provoost, dy’t no krekt mei in goed kampioenskip oan ‘e gong like. Wouter Sipma wol dochs noch wat fan syn toernoai meitsje, en fan dy ynstelling waard Hein Meijer it slachtoffer.
De Fryske dielnimmers hiene yn omloop 10 grutte swierrichheden en bleauwen úteinliks mei in ferlies efter. Gerlof Kolk rûn yn in ferfelende kombinaasje. Gabriël Heerema kaam yn in lestige posysje troch in hingjende skiif. Hy liek dy reparearje te kinnen, mar syn tsjinstanner Jan van der Star hat in abonnemint op beslissings en sloech ta mei in kombinaasje.
Hjoed wie it de lêste dei mei in dûbelde omloop, en dat betsjutte dat de spilers de middeis wer efter it boerd ferwachte waarden. Slump en Van IJzendoorn fûnen in remize bêst genôch, dat se joegen inoar rillegau de hân. Van der Star giet dêrfoaroer troch mei it notearjen fan beslissings, hjoed ek mei in maksimale skoare. Luuk Terweijden wie dêr it slachtoffer fan. Kolk kaam wer wat by syn sûp en stút, en hold Sipma op remize. Meijer bliek fitter as dat er sels tocht, hy fersloech yn ‘e twadde omloop fan ‘e dei Van Berkel. Heerema helle in goede remize tsjin Boxum. Groenendijk kaam net fierder as kamp tsjin Ludwig, en bliuwt sa in punt benefter Baliakin, dy’t ek kamp spile tsjin Provoost.
By it Nederlânsk kampioenskip Frysk damjen spile Taeke Kooistra hjoed twa kear kamp. Likegoed bliuwt er kreas oan ‘e kop mei in punt foarsprong. Jelle Wiersma die mei twa winstpartijen bêste saken. Hy stiet mei Frederik Bos op it twadde plak. Bos slagge der yn in lestich spul yn en reagje Marten Walinga fan it boerd. It liket der op dat dy syn kânsen op ‘e titel no ferskiten hat. Dicky van der Meer spile sterk tsjin Kooistra, en dêr hold er in heal punt oan oer. Folkert Groenveld helle wol de folle winst binnen. Hy is fan ‘e nul ôf en stiet no gelyk mei Hein de Vries. Reade lantearnedrager Frans Kingma hie in drege dei. Tsjin Jelle Wiersma en Folkert Groenveld gong it beide kearen mis mei him.
Groenendijk en Baliakin nei 8 omlopen wer op likense hichte
It Nederlânsk kampioenskip damjen yn Drachten begûn juster mei in moeting fan maatskiplike partners út ‘e gemeente Smellingerlân, lykas MOS, Sportbedrijf Drachten en Sûnenz. It wie nijsgjirrich om te hearren hokker mooglikheden oft der binne foar it damjen yn in maatskiplike kontekst. De stifting Fitter Brein, dy’t it damjen aktyf ynset as ferbiningsmiddel, begjint yn jannewaris mei dammoetings yn soarchynstellings yn Smellingerlân en Opsterlân. Dat projekt hat wis wol ek in ferbân mei it Nederlânsk kampioenskip yn Drachten. It is krekt dy útwurking dy’t troch de organisaasje socht waard, sadat it kampioenskip net in los evenemint is, mar dat it omtinken langer oanhâldt as dat it toernoai duorret.
Op it Nederlânsk kampioenskip sels stie juster op ‘e fyfde spyldei ien omloop op it programma. Dêrom wie der by de dielnimmers gjin eangst dat tefolle wurgens har yn in twadde partij dwerse kneppels smite kinne soe. En dat wie ek te sjen. Earst nei de koprinders. Jan Groenendijk naam it op tsjin Gerlof Kolk. Dy Fries hie earjuster in swiere tik krigen, en dan is fuort dêrnei in partij tsjin ‘e hjoeddeistige Europeesk kampioen net fuortdaliks in lekkere lotting. Groenendijk krige ek wol moai spul, mar it lykwicht waard net tebrutsen. Alexander Baliakin mocht tsjin Anton van Berkel in ienfâldige kombinaasje útfiere, en dy kâns liet er him net ûntkomme.
Ben Provoost besingele prachtich Hein Meijer syn oanfal. Dy kaam yn grutte swierrichheden, mar Provoost koe it net ôfmeitsje, dat dit waard dochs noch remize. Thússpylder Gabriël Heerema hold kreas wrâldtopper Martijn van IJzendoorn op kamp. Luuk Terwijden woe juster yn ‘e oanfal en treau Matheo Boxum efterút. Mar dy hold de remize kreas yn it sicht.
Wouter Sipma liek hielendal los te gean tsjin Wouter Ludwig, mar hy moast úteinliks noch goed op ‘e rem om in punt yn te heljen. Jitse Slump waard foarôf ta de kânshawwers rekkene, mar hy kriget de punten net kado. Mei syn oerwinning op Jan van der Star, dat in wier damgefjocht wie, kliuwt er lykwols wol omheech nei it tredde plak, dat er no tegearre mei Van IJzendoorn beset.
Omloop njoggen fan it Nederlânsk kampioenskip brocht trije flotte útslaggen, en dat wie yn dit toernoai noch net earder bard. Koprinder Jan Groenendijk spile al frij gau kamp tsjin Jitse Slump. Martijn fan IIzendoorn hantearre in oare taktyk. Mei fluch spul besocht er Wouter Ludwig fan ‘t sintrum te bringen, mar Ludwig hold hoek. Gabriël Heerema spile in bekende iepening, mar op in stuit wiek er ôf, en doe ferlear er al gaueftich in hout. Wouter Sipma wie dêrtroch de gelokkige, en koe sa syn tredde oerwinning byskriuwe. Dêrmei kliuwt Sipma nei in falske start dochs yn ‘e ranglist omheech. Op dit stuit stiet er fyfd.
Jan van der Star prestearre it en lûk yn it middenspul foar ien set krapoan 50 menuten út. Dat liek wat tefolle fan it goede, Hein Meijer begûn syn tsjinstanner te besingeljen en koe de partij letter mei in moaie kombinaasje beslisse. Gerlof Kolk helle in treflike remize tsjin Ben Provoost. Anton van Berkel wûn in hout tsjin Luuk Terweijden, mar dy hie foar dy efterstân wol wat kompinsaasje. Nei wat iggewearjen koe Van Berkel de partij likegoed winne.
De spannendste striid waard útfochten troch de jonge Matheo Boxum en Alexander Baliakin, in man mei frachten ûnderfining en ek al in kearmannich Nederlânsk kampioen. Demonstrater Harm Wiersma joech der gâns omtinken oan en liet allegearre nijsgjirrige ferwikkelings sjen. Lang om let kaam der in komplisearre einspul op it boerd mei mar leafst fjouwer dammen. Doe makke Boxum dochs noch in flater, en sa koe Baliakin de kop oernimme. Moarn stiet yn hotel Van der Valk yn Drachten de lêste dûbelde omloop op it programma.