Fannejûn wiene der acht dammers. Jelle Wiersma soe earst simultaan damje mar lokkich kaam Jan Castelein ek noch sadat we mei in even oantal wiene. Jan wie wat letter, mar saken geane foar it fermaak en dan wurst it wolris wat letter, mar better let as net, seit in siswize en dêr binne we it hielendal mei iens. Jan spile tsjin Ype Boelens en dizze lêste grossiert yn punten oant no ta dus hy is aardich yn foarm. Jan murk dit ek en nei lang tsjin sparteljen ferlear er it spul. Hy genietet fan de kar oan mooglikheden. Net te leauwen, sa sei er. Tineke Teigeler hie de iepening net goed troch rekkene, sa sei se sels en ferlear tsjin Sjoerd Jan Bakker. It spul tisken Cor Kooistra en Jelle Wiersma wie ek in spul mei in soad mooglikheden. Jelle joech Cor in daam en pakte sels e kien. Foar Jelle koe dit wol út en sa wûn er de partij. Dejingen dy’t it langste dwaande wiene, wiene Willem Schaap en Bauke Bos. Bauke hie it nei eigen sizzen tige dreech en moast goed oplette. De foarsitter kaam efkes sjen en sei dat it in moai spul wie en dat wie ek sa. Bauke sei dat it in dreech spul wie, mar ek moai. Dreech kin moai wêze mar moai ek dreech, sa sei er. Sokke spullen binne ek om fan te genietsjen. Willem genietet ek fan it damjen en wie Bauke de baas yn dit spul. En sa wie dit lêste spul hast in oere letter út as it lêste spul in wike earder!
Utslaggen: Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0-1; Bauke Bos-Willem Schaap 0-1; Cor Kooistra- Jelle Wiersma 0-1; Jan Castelein- Ype Boelens 0-1
Tiisdeitejûn is yn Jorwert úteinset mei it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”, yn itselde kafee mei dy namme. Meiinoar binne der 24 dielnimmers, in oantal dêr’t moai trije klassen fan acht dammers mei foarme wurde koene. Benammen de heechste klasse is dit jier wer ris hiel sterk beset. Marten Walinga wûn dy yn ‘e foarrige edysje probleemleas. Mar soe it him dit jier ek sa maklik ôfgean?
Dy fraach kin pas oare wike definityf beäntwurde wurde. Ofrûne tiisdei helle de Waaksenser wol beide punten binnen. Mar maklik hied er it net tsjin earst Willem Hoekstra en dêrnei de pleatslike favoryt Willem Dykstra. Likegoed, it resultaat telt. Der wie noch ien mei de folle winst. Folkert Groenveld skodde yn ‘e earste omloop Fedde Wiersma fan him ôf, en wûn dêrnei ek knap fan de tredde Willem. Schaap hie miskien de lêch ek wol wat út neidat er earder op ‘e jûn topfavoryt Jelle Wiersma op kamp holden hie. Dy hie dêrnei gjin muoite mear mei syn efternammegenoat Fedde.
De winner fan it toernoai sil dus wol socht wurde moatte by it trijetal Walinga, Groenveld en J. Wiersma. Al sille Dicky van der Meer en Willem Dykstra ek noch net hielendal wanhoopje. De Terhernster wûn in punt tsjin Willem Hoekstra, mar hy liet it tsjin Willem Dykstra krekt wer sitte. Willem Hoekstra en Fedde Wiersma hiene it dus dreech. Mar sy kinne har treastgje mei it idee dat der krekt ferliezers nedich binne om winners te krijen.
Yn ‘e B-klasse falt it damjen fan de Almar Stegenga op. De Aldegeaster, ferline jier kampioen fan ‘e ûnderste klasse, sette syn opmars troch mei oerwinnings op ‘e Jorwerters Jelte Dykstra en Bonne Hylkema. Dêrfoaroer liet dy oare Aldegeaster it sitte. Sietze de Jong gong ferline jier mei de grutste priis werom, mar ferlear no fuortdaliks al fan Rinze Schukken en Siebren Dyk.
Yn ‘e C-klasse is it Wommels boppe! Al hie Anne de Boer miskien wol it gelok dat er yn ‘e earste omloop de nije dammer Imaël Snijders lotte. Mei Jelle Anema, dy’t in pear jier fierder is, hied er dêrnei teminsten al aardich mear muoite. Meinte Wesselius wûn syn beide partijen ek. Tsjin Jan Nauta moast dat even oer it ynternet. De OKK-er wurdt wat minder op ‘e gong, mar dammet dit jier fan hûs út wei noch wol fleurich mei. Want sa’t in
bekend Frysk sprekwurd al seit: as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin.
Utslaggen en tuskenstannen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Willem Dykstra (Jorwert) 1-0; Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0. Twadde omloop: Dykstra – Walinga 0-1; Hoekstra – v.d. Meer 0-1; F. Wiersma – J. Wiersma 0-1; Schaap – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Groenveld 2; J. Wiersma 1,5; Dykstra en v.d. Meer 1; Schaap 0,5; Hoekstra en F. Wiersma 0.
B-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Almar Stegenga (Aldegea) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: De Jong – Dyk 0-1; Kaspers – Schukken 1-0; Stegenga – Hylkema 1-0; J. Dykstra – E. Dykstra 1-0.
Tuskenstân: Kaspers en Stegenga 2; Dyk, J. Dykstra, Hylkema en Schukken 1; E. Dykstra en De Jong 0.
C-klasse, earste omloop: Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jan Nauta Bitgummole) 0-1; Doede Ottema (Jorwert) – Meinte Wesselius (Wommels) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Geart Tigchelaar (Jorwert) 1-0; Imaël Snijders – Anne de Boer (Wommels) 0-1. Twadde omloop: Tigchelaar – Snijders 1-0; Ottema – Terpstra 0-1; Nauta – Wesselius 0-1; De Boer – Anema 1-0.
Tuskenstân: De Boer en Wesselius 2; Anema, Nauta, Terpstra en Tigchelaar 1; Ottema en Snijders 0.
Trochdat it korps der fannejûn net wie koene we yn ‘e achterseal fan it doarpshûs damje. Oft it no hjirtroch kaam of gewoan net skerp genôch, feit wie dat twa fan de trije bestjoersleden harren grouwélich ferseagen. Ik begjin by Bauke Bos, dy’t it opnimme moast tsjin de foarsitter. Cor hie in téory, dy’t Bauke net koe en sa rekke er al gau twa achter. Hy aksele noch wat tsjin en hope dan Kooistra him ek ferseach, mar dat barde net en sadwaande koe er in puntsje byskriuwe. Ponghâlder Ype Boelens ferseach him tsjin Sjoerd Jan Bakker en dy rekke ien houtsje foar. Ype wie wat te hastich, sa sei er sels, mar letter kaam er wat ta rêst en eins hie er it al ferlern doe’t er in gokje naam en dat seach Sjoerd Jan net. Lêstneamde moast ôfruilje, mar die dat net en struts in hout. Ype ruile twa om trije ôf en wûn de partij. De partij dy’t it langst duorre wie dy fan Jan Castelein tsjin Tineke Teigeler. It gyng moai lykop, Tineke kaam ien foar, it rekke wer lyk en mei in stân fan trije tsjin trije komt it soms presys. Jan struts hieltyd de goeie houtsjes en sa kaam Tineke as earste oan en moast ien wei jaan. Jan wie as earste op ‘e daam en wûn de partij. Let waard it dizze jûn net want krekt foar njoggenen iwie alle trije spullen útspile.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 1-0; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1
It wie wer in gesellige jûn by de Strikers. It begûn gelyk al by it yndielen fan wa tsjin wa spylje moast. Us kompetysjelieder fûn dat Ype Boelens mei 2 ½ punt wolris in drege spiler ha koe en dat waard ús kampioen Jelle Wiersma. Ype hie net in goed spul, neffens himsels, mar ja, hy hie it sels dien. En dat
binne wiere wurden. Deselde Jelle spile tagelyk ek in partij tsjin Jan Castelein. Dy kaam mei de skrik frij en wist it sa fier te krijen dat er in daam tsjin twa dammen fan Jelle krige en doe wist Jelle der wol ried mei en wûn de partij. Tineke Teigeler tocht in moaie fal te hawwen tsjin Bauke Bos, dy’t it neffens syn eigen wurden altyd dreech hat tsjin Tineke. Dat hie er dizze partij net, want Tineke har útfiering wie krakkemikkich, neffens har eigen wurden. De partij wêr’t de kop fan dit stikje oer giet, wie de partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra en de útspraak wie fan in damlearling fan de foarsitter. Sjoerd Jan hie gelyk syn sechje klear: broekjes krije hieltyd mear praat. Der foelen noch mear rare wurden sa as útmoardzje en útbene as in slachter, mar sa mâl as de wurden wiene sa leaf binne dammers oer it algemien foar mekoar, mar op it boerd kin it wolris mâl gean. Sjoerd Jan die it net goed en ferlear de partij. Dicky van der Meer hie net de moaiste stân tsjin Willem Schaap, mar helle der dochs in moai slachje út en sa gyng de winst mei nei Terherne.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0-1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1-0; Jan Castelein – Jelle Wiersma 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0-1; Dicky van der Meer – Willem Schaap 1-0
Fannejûn wiene de seis Stadige Strikers efkes foar njoggenen troch harren spullen hinne. Ien fan de mannen woe leaver efkes wachtjes mei it nei hûs gean, want oars wie hy te betiid thús. Lokkich wie syn sjauffeur net sa hastich, want oars hie er noch in blokje om rinne moatten. Deselde Sjoerd Jan Bakker, want oer him hawwe we it, moast it opnimme tsjin Jelle Wiersma en Sjoerd Jan iepene wat oars as gewoanwei. Jelle wist hjir wol ried mei en nei in twa om twa spul luts Jelle oan it langste ein. Bauke Bos en Ype Boelens spilen ek in moai spul. Bauke koe syn twa wylde houtsjes moai fuort krije en it bleau moai lyk. Ype naam in gok en Bauke hie dit net troch en die presys wat yn Ype syn strjitte paste. En Ype die wat er dwaan woe: fiif houtsjes wei jaan en twa wer pakke en in grouwe daam. Doe wie it spul gau út en koe Ype wer in puntsje by skriuwe. Jan Castelein spile tsjin Cor Kooistra en al gau die er it net goed. Fan de foarsitter mocht er it ferkearde houtsje werom lûke en in oare strike. Dit siichde ús foarsitter hast by de boksen yn want op in stuit hiene beide mannen elts in daam, allinne hie Cor der noch in houtsje by. Op in bepaald stuit sette Jan syn daam ferkeard del en koe Cor it houtsje wei jaan om sa de daam te pakken. Moai wie dat Jan sei dat er wer in protte leard hie, dizze jûn.
Utslaggen: Ype Boelens – Bauke Bos 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0-1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0-1
Dizze útpsraak waard dien tidens it spul fan Cor Kooistra en Dicky van der Meer. Dicky like der neffens Willem Schaap better op te stean en doe’t de partij út wie, miende Willem al dat Dicky wûn hie mar it wie oarsom. Moai wie fansels dat de beide froulju Hennie en Tineke wer fan de partij wiene en se moasten gelyk mar tsjin mekoar. De stikjeskriuwer seach in pear kear by it spul en it gyng moai lykop. Doe’t er wer ris seach hiene beide froulju elk trije houtsjes op it boerd en de útslach waard remise of kamp, dus beide froulju koene in heale punt noteare, wat fansels moai is op in earste damjûn. Willem Schaap fûn it yn syn partij tsjin Jelle Wiersma moai dat der keuze wie, mar dy fan him hie wolris better west en sa rekke hy in houtsje achter. Dit kin eins net tsjin Jelle en no dus ek net want Jelle wûn de partij. De partij tusken Bauke Bos en Sjoerd Jan Bakker, dy’t ek wer fan de partij wie nei in fekânsje, gyng yn it begjin frij rap want nei tsien minuten wie de helte fan it hout al fan it boerd ôf. Nei in goed heal oere stiene de houtsjes hast gelyk en mei elk sân houtsjes miende Bauke al dat er it ferlern hie, mar seach noch ien kâns en doe moast Bakker aardich neitinke, want it lei foar de hân om in ferkearde set te dwaan. Lokkich foar him seach er in manier om fjouwer houtsjes wie te jaan en trije te pakken en doe hie hy frij spul op op ‘e daam te kommen en wûn sa de partij.
Utslaggen: Hennie de Haan – Tineke Teigeler ½ – ½ ; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1-0; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0-1; Jan Castelein – Ype Boelens 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1-0
(Tekst B. Bos)
De earste kompetysjejûn wie ien op heale krêft, want fan de tolve damjende Strikers wiene der dizze jûn seis. Twa wiene noch op fekânsje. Ien nei Kreta en de oare op ‘e weromreis fanút Spanje. Fan de trije spullen dy’t spile waarden wie der ien wat oars rinne kinnen hie mar dochs yn it foardiel fan de sterkere dammer einige, nammentlik de partij tusken Jelle Wiersma en Bauke Bos. Jelle helle in daam, wylst dat eins net koe en Bauke seach in mooglikheid om dy daam te pakken te krijen en rekke dêrby in houtsje foar. Spitich foar him ferseach er him wat letter yn it spul en sa rekke it wer lyk.
Bauke koe it net hâlde en sadwaande wûn Jelle de partij.
De partij tusken Ype Boelens en Cor Kooistra einige yn remise en de partij dy’t it langste duorre wie dy tusken Willem Schaap en Jan Castelein. De lêste begjint hieltyd mear nocht oan it damjen te krijen en krige tidens de partij wat les fan Willem. Mar Willem joech de punt net wei en wûn de partij. Mar Jan gie mei in foldien gefoel nei hûs, want hy wie wer wat wizer wurden yn it Fryske damspul
Utslaggen: Jelle Wiersma – Bauke Bos 1-1, Ype Boelens – Cor Kooistra ½ – 1/2 , Jan Castelein – Willem Schaap 0-1
(Tekst Bauke Bos)
Ofrûne moandei binne de Stadige Strikers wer útein setten. Der wiene sân Strikers oanwêzich, mar we rekkenje der op dat de oare fiif damjende leden ek wer komme. De wurklist wie frij gau oan kanten dus kamen de houtsjes op ‘e buorden. Foar de measte dammers wie it de earste kear wer sûnt de einjûn, mar Willem Schaap en Jelle Wiersma damje it hiele jier troch, sa’t it liket want online toernoaikes en online tsjin mekoar damje is de hearen net frjemd. En as Willem it dan hat oer in damspul, wêrby de spilers elk twa en in heale minút de tiid ha foar ien partij dan blykt wol dat de kopkes aardich brûkt binne. It bestjoer hopet op in moai damskoft mei moaie partijen en yn sûnens.
(Tekst: Bauke Bos)
De twadde spyldei fan it African Open, it earste offisjele kampioenskip Frysk Damjen yn Afrika, hie in spektakulêre útsetter. Yn de sechsde en lêste foaromloop waard al gau dúdlik, dat de betûfte spilers Aleksej Domchev, Jan van Dijk en Jean Marc Ndjofang har fersekere hiene fan in plak yn de Grandmasters Finals. Hja einigen mei in puntetal fan resp. 6, 4½ en 4½. It lêste plak yn dizze groep waard mine troch Guy Tatou út Yaoundé, ien fan de ambassadeurs fan it Frysk Damjen yn Kameroen.
Foar de Masters Finals wiene der ek fjouwer plakken te ferjaan. Yn de rin fan de lêste foaromloop fersekeren Yves Coustang Molemb en Stéphane Nkodo har al gau fan in plakje yn dizze groep. Beide wisten 4 punten te heljen. Tsjin de ein fan de omloop wiene der lykwols noch 9 spilers mei 3 punten, mei noch twa plakken yn de Masters Finals beskikber. Twa fan harren, de Letske spiler Raimonds Vipulis en Simon Eyock út Yaoundé spilen noch tsjininoar. Eyock wist te winnen en dêrmei as tredde in plak yn de finale te krijen. Foar Vipulis en de 7 oaren moast der noch in beslút forsearre wurde. Dat barde yn in knock-out toernoai fan trije omlopen. Yn ‘e lêste omloop dêrfan slagge it Cédric Djoko (swart) pm fan Boris Kamdem.
Tongersdei en freed 19 en 20 juny wurde de Grandmasters en Masters Finals spile. Freedtemiddei is der in ekstra toernoai FRYSK! (Frysk Damjen mei 5 skiven de spiler) foar alle belangstellenden.
Opfallend is, dat fan de net-finalisten fan it WK ynternasjonaal damjen allinnich de spilers mei romme ûnderfining yn it Fryske spul in finaleplak helle hawwe. Alle oare finaleplakken binne ferovere troch pleatslike spilers. It is ek opfallend dat fan de meiinoar totaal 73 partijen mar 1 yn kamp einige is.
De finalisten yn de Grandmasters Finals: Aleksej Domchev Guy Tatou Jan van Dijk Jean Marc Ndjofang
De finalisten yn de Masters Finals: Simon Eyock Yves Coustang Molemb Stéphane Nkodo Cédric Djoko
Toernoaidetails en livestream: www.frisiandraughts.com
Tuskenstân, partijen en pairing: https://toernooibase.kndb.nl/opvraag/standen.php?taal=&kl=46&Id=48208&jr=25&afko=46&r=
Partijen mei analyze: https://lidraughts.org/broadcast
Kontakt: Liuwe H. Westra, liuwe.westra@mensa.nl, + 31 -3083 7586 (WhatsApp)
De earste dei fan it African Open, it earste offisjele kampioenskip Frysk Damjen fan Afrika, sit derop. Dit kampioenskip wurdt spile op útnûging fan de Kameroeneeske Dambûn. Kameroen is gasthear fan it WK ynternasjonaal damjen. Dêroan dogge 40 spilers oan mei, mar mar 12 koene troch nei de finale. Spesjaal foar de oare 28, mar ek foar alle pleatslike en oare Afrikaanske dammers, is dit toernoai organisearre.
Der ferskynden 23 dielnimmers oan de start. Dêrby wiene 11 net-finalisten fan it WK, 10 pleatslike spilers út Yaoundé en 2 spilers út de rest fan Afrika. Fan harren binne Domchev, Ndjofang en Van Dijk goed bekend mei it Fryske spul, wat ek bliken die út de resultaten. Foar de oaren wie it Frysk Damjen nij.
It wichtichste ferskil tusken Frysk Damjen en oare farianten fan de damsport is, dat der net allinnich diagonaal, mar ek rjochtút en oerdwers slein wurdt. Dat jout in mear dynamysk spul en boppedat in tige smelle remizemarzje. In soad spilers hawwe de dagen foar it toernoai noch in snelkursus folge, mar dochs waard noch in soad ferrast troch ûnferwachte slaggen en hommelse wikselingen fan de kânsen.
It toernoai waard iepene troch de foarsitter fan de Kameroeneeske Dambond, Claude Ngondiep. Hy spruts syn freugde út oer de oanwêzigens fan de Fryske delegaasje en syn hoop dat it Frysk Damjen woartel sjitte sil yn Kamerûn.
De tuskenstân nei trije omlopen:
1-2 3 punten Aleksej Domchev (Litouwen, net-finalist fan it WK)
Simon Eyock (Yaoundé)
3-4 2,5 punt Jean Marc Ndjofang (Kameroen, net-finalist fan it WK)
Jan van Dijk (Wolvegea, net-finalist fan it WK)
5-12 2 punten Boris Kamdem (Kameroen, net-finalist fan it WK)
Aristo Bonguen (Parys/Yaoundé, net-finalist fan it WK)
Stéphane Nkodo (Yaoundé)
Guy Tatou (Yaoundé)
Pécos Tjomb (Yaoundé)
Raimonds Vipulis (Letlân, net-finalist fan it WK)
Samuel Ndjock (Yaoundé)
Elogan J.G. Ntem (Kameroen, net-finalist fan it WK)
13-22 1 punt Cédric Djoko (Yaoundé)
Arnaud Foto (Kameroen, net-finalist fan it WK)
Sayoube Kiema (Burkino Faso, net-finalist fan it WK)
Léopold Kouogueu Kouomou (Kam., net-finalist fan it WK)
Yves Constang Molemb (Yaoundé)
Michel Longo Diwanpanza (Kongo, net-finalist fan it WK)
André Stéphane Meeh (Kameroen, net-finalist fan it WK)
Emile Ngami Ngambi Moussa (Yaoundé)
Narcisse Hervé Njike (Yaoundé)
Ghislain Zinguini (Sintraal-Afrikaanske Republyk)
23 0 punten Joel Dinou Njossu (Kameroen)
www.lidraughts.org – > Sjen – > Utstjoeringen (alle partijen)
www.youtube.com – > African Open (live stream en kommentaar)