Categorie archief Nijs

doorfriesdammen

Der is altiten wol wat te skriuwen.

De lêste wiken wienen der gjin ferslachjes mei de damprestaasjes fan de Stadige Strikers. Dat hie wol wat te meitsjen mei it lytse oantal leden dat oanwêzich wie op de bewuste jûnen. It groepke is al net sa grut, tolve as se der allegearre binne en dat helpt net om it entousjasme fan de skriuwer te fergrutsjen of op peil te hâlden. In pear kear wienen der mar acht en njoggen spilers. As der mar in pear binne dy’t op sa’n jûn net kinne sitte jo samar ûnder de tsien. Soks nûget net sa út om in posityf ferhaal op te skriuwen, mar oan de oare kant is der altiten wol wat om oer te skriuwen.

Nin bygelyks it tige nijsgjirrige einspul tusken Tineke Teigeler mei wyt tsjin Bauke Bos ferline wike. De skriuwer hat dêr mei niget nei sitten te sjen. Net sa sear om it spultsje sels, mar foaral om it feit dat beide spilers it hartstikkene goed trochrekkenen. Dat hat wol oars west! Dan skode men mar wat, mar no namen se de tiid en spanden har ta it uterste yn om te
winnen en net te ferliezen. Der moat sein wurde dat Tineke doe alles goed die en Bauke ek, mar de earste koe net mear ferlieze as se it goed die en goed die se!.

Der barde wat ôfrûne moandei wat net sa faak foarkomt. Ype Boelens moast lykas de wyks dêrfoar tsjin Sjoerd Jan Bakker. It koe eins net oars. De man dy’t de list altiten gearstalt, koe net oanwêzich wêze en it oersicht fan de spile partijen wienen der ek net dus seagen de oanwêzige dammers it net oars of de beide mannen moasten wer tsjin elkoar. De wyks dêrfoar einige de partij yn kamp. En dat fielde foar Ype as in oerwinning. No like de partij ek moai lyk op te gean. Der wie echt net folle fan te sizzen, oant it momint dat Ype mei in goochem setsje Sjoerd Jan twong om de goeie te slaan. Hy hie nammentlik de kar út twa. It gefolclch wie wol dat ek dizze partij einige yn remize.

Utlaggen. Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens ½ – ½; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky van der Meer – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Útslach Fryslânkup

Hjirbij de utslaggen fan de eerste ronde fan de Fryslankup.

Willem Hoekstra (wint mei Frysk)   –   Bernard Kroon (wnf)        1/2  – 1/2

Liuwe Westra                        –                   Bauke Bos                              1 – 0

Sybren Dyk                            –                   Siebe Walinga                       0 – 1

Cor Kooistra                          –                   Sjouke Attema                      1 – 0

Tjerk  Wijbinga                     –                   Leo Altena                             1 – 0

Fedde Wiersma                   –                   Teake Kooistra                       0 – 1

Hein de Vries                       –                    Marten Walinga                   0 – 1

Dicky v/d Meer                   –                    Marcel Altena                       1 – 0

Jappie de Jong                    –                    Piet Skma                               1 – 0

Frans Kingma                      –                  Sietse de Jong                       1 – 0

Herman t/w/v  Scheltinga –                  Rein Jan Walinga                    0 – 1

Pieter Hoogterp                  –                  Klaas Wiersma                        1 – 0

Willem Schaap                      –               Folkert Groenveld                   0 – 1

13 dammers sitte der freed 25 novimber yn de koker foar de twadde ronde fan de Fryslankup. Ien dammer hat in steand nummer.

doorfriesdammen

Hartwert miniklupkampioen

Neidat koroana oant twa kear ta dwerse kneppels smiet, koe it miniklupkampioenskip yn 2022 einliks wer ris trochgean. Op freedtejûn 18 novimber op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert setten har seis fjouwertallen efter de buorden om it klupkampioenskip yn it fluchdamjen oan te gean. It pleatslike OKK furdige twa ploegen ôf. Bysûnder wie dat De Gastmar nei in hiel tal jierren ek wer ris de reis nei Jorwert ûndernaam hie. Tige spitich dêrfoaroer wie dat Aldegea en Blauhús ferstek gean lieten, sadat úteinliks mar fiif fan ‘e sân klups fertsjintwurdige wiene.

Tradysjoneel wurdt der by it miniklupkampioenskip yn twa klassen spile, mar omdat it tal ploegen úteinliks mar beheind wie, koene yn fiif omlopen mei 15 menuten tinktiid alle ploegen inoar treffe. Mei in skerp each foar de sterkteferhâldingen hie wedstriidlieder Willem Dykstra it dêrby sa beskikt dat de beide favoriten Skearnegoutum en Hartwert inoar yn ‘e lêste omloop treffe soene. Skearnegoutum is al jierren efterinoar de miniklupkampioen, mar Hartwert hie dit jier in sterke ploech ôffurdige, mei Taeke Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Fedde Wiersma en Hidde de Vries.

Jorwert I, ek yndield yn ‘e heechste klasse, hie oan dy beide oare ploegen fansels gjin hanwetter. Dat bliek al yn ‘e earste omloop, doe’t, om in mooglike kompetysjeferfalsking foar te wêzen, de beide Jortwerter ploegen it tsjin inoar opnimme moasten, en Jorwert I fuortdaliks in buordpunt kwytrekke omdat Kees Tijssen fan Jan Nauta ferlear. Hiele Bitgummole praat der noch fan. En yn ‘e twadde omloop kaam Jorwert I ek net fierder as in 2-2 lykspul tsjin De Gastmar, wylst Skearnegoutum en Hartwert doe wol Jorwert II en Lollum ferpletteren.

Mar yn ‘e tredde omloop barde der wat dat efternei beslissend foar de einútslach wurde soe. Jorwert I kaam wer wat by syn sûp en stút, en wist Skearnegoutum op in lykspul te hâlden. Hartwert dêrfoaroer rûn mei 3-1 ek net hielendal oer Jorwert II hinne – Fedde Wiersma liet it sitte tsjin Bonne Hylkema –, mar it pakte de wedstriidpunten wol.

Yn ‘e fjirde omloop koe Jorwert I de stunt tsjin Skearnegoutum net nochris wer opbringe. Mei 3-1 gong de ploech kopke-ûnder tsjin Hartwert, en mei dy sifers wûn Skearnegoutum fan De Gastmar. It iennichste bysûndere fan dizze omloop wie dan eins ek wol dat Lollum en Jorwert II 2-2 tsjin inoar spilen. En dêrmei hiene beide ploegen de eare rêden.

Tsja, en doe wie der dus noch ien omloop te gean, en moast de bûter jild jilde. Skearnegoutum en Hartwert moasten it tsjininoar wier meitsje. Dêrby hie Hartwert it foardiel dat it oan in lykspul genôch hie. En krekt dat barde. Dat betsjutte dus dat foar it earst sûnt 2017 Skearnegoutum net mear miniklupkampioen is.

Yn ‘e twadde klasse diene de jonges fan ‘e Gastmar ûnderwilens hiel goed wurk. Se waarden ôftekene winner, en hiene úteinliks ek mar in heale wedstriidpunt minder as Jorwert I yn ‘e heechste klasse. Underoan joegen Jorwert II en Lollum, dat mei in hiele jonge ploech opkaam wie, inoarren neat ta. In heal buordpunt mear makke dat de Jorwerters úteinliks de beker fan it twadde plak thúshâlde koene.

Utslaggen miniklupkampioenskip 2022:

Omloop I: Skearnegoutum – Lollum 3-1; Hartwert – De Gastmar 3,5-0,5; Jorwert I – Jorwert II 3-1.

Omloop II: Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; De Gastmar – Jorwert I 2-2; Lollum – Hartwert 0-4.

Omloop III: Hartwert – Jorwert II 3-1; Skearnegoutum – Jorwert I 2-2; Lollum – De Gastmar 1-3.

Omloop IV: Jorwert I – Hartwert 1-3; Jorwert II – Lollum 2-2; De Gastmar – Skearnegoutum 1-3.

Omloop V: Skearnegoutum – Hartwert 2-2; Lollum – Jorwert I 0-4; De Gastmar – Jorwert II 3,5-0,5.

Einstân groep I (mei tusken heakjes de buordpunten):

1. Hartwert                  4,5 (15,5)

2. Skearnegoutum       4 (14)

3. Jorwert I                 3 (12)

Groep II

1. De Gastmar             2,5 (10)

2. Jorwert II                0,5 (4,5)

3. Lollum                    0,5 (4)

(Tekst: S. Dyk)

doorfriesdammen

Wiersma wint Wapenpartij

Wiersma wint Wapenpartij Op ‘e tiisdeitejûnen 1 en 8 novimber waard yn Jorwert wer it Iepen Kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” ferspile. Foar lju dy’t muoite ha om har te foegjen yn ‘e moderne tiden: earder wie dit de Littenseradielpartij, en noch earder de Baarderadielpartij. Dy lêste syn earste kear wie al yn 1942. Wedstriidlieder Willem Dykstra besifere dat dit no de 79ste ôflevering wie. We prate dus fan in ynstitút mei tradysje. Likegoed wie it foar guon persoanlike damynstituten pas de earste kear dat se meidiene. Taeke Kooistra en Fedde Wiersma binne út it wurk en seagen kâns om sûnder slieptekoart no ek ris in kear mei te dwaan. Dat makke dat der úteinliks 18 dammers op ‘e list kamen, in moai tal om der trije klassen fan te foarmjen.

Benammen de A-klasse wie sterk beset mei kanonnen as mearfâldich Wapenkampioen Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga en de al earder neamde Taeke Kooistra. Dêr moast noch ien by om it seistal folslein te krijen. Omdat hy ferline jier nei de heechste klasse by de persoanlike kampioenskippen promovearre is, waard Dicky van der Meer dêr foar slachtoffere. Efterôf sjoen is dat wurd yndied fan tapassing. De earme Dicky ferlear alles, mar hat foar de striid fan kommende febrewaris hooplik wol in soad opstutsen.

Nei de earste jûn hiene twa dammers de folle winst. Taeke Koaistra fersloech Wijbenga en Van der Meer, en Jelle Wiersma wie foar de Terhernster ek te sterk. Folkert Groenveld koe ek al net tsjin Wiersma op, hoewol’t dy noch fol goede moed efter it boerd sitten gong omdat er yn syn earste partij hiel knap Marten Walinga fersloech, as in soarte fan wraakoefening op it foar him frij desastreus ferrûne wrâldkampioenskip.

Mei tank oan it Switsersk systeem makken dy útslaggen dat Kooistra en Wiersma yn ‘e tredde omloop foarinoar oer kamen te sitten. Kooistra hie it dreech. Wiersma boude de boel goed op, en frissele allegearre drigings yn syn stân. Mar Kooistra koe him dêr oan ûntwine, dat de partij rûn úteinliks kamp. De mannen bleauwen dêrmei wol oan kop, mar Groenveld en Walinga rûnen wol op har yn troch harren oerwinnings op respektyflik Wijbenga en Van der Meer. It ferskil wie no noch mar in heal punt, dat yn ‘e fjirde omloop koe der noch fan alles barre.

En der barde yndie fan alles yn dy lêste omloop. Groenveld die bêste saken troch fan Kooistra te winnen; it smiet him in twadde plak op. Yn ‘e striid tusken Wiersma en Walinga kaam it op in stuit hiel iepen te lizzen. Beide dammers drigen de oar te fiter te nimmen. Uteinliks luts Wiersma oan ‘e langste ein troch in machtigen slach, wêrby’t er earst noch in daam weijoech, mar sa dochs op skiifwinst kaam, en dêr hie Walinga gjin ferwin mear op. En sa betearde it dat Jelle Wiersma syn kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” kontinuearje koe. De

B-klasse joech noch folle mear spanning, sels oant it maksimale ta. Nei de earste jûn hiene de tige sterk spyljende Cor Kooistra en de pleatslike favoryt Willem Dykstra noch de folle winst. Yn ‘e tredde omloop kopiearren dy mannen it patroan fan ‘e A-klasse: se spilen tsjin inoar ek wer kamp. Yn ‘e lêste omloop wûnen se beiden wer. Kooistra wie te sterk for Jorwerter Frans Kingma, en Dykstra lei Fedde Wiersma om. Doe hiene se dus noch altyd likefolle punten. Noch sterker: harren SB-punten wiene mei elkmis 10,75 ek like heech! En dat de mannen oaninoar weage wiene die ek noch wer ris bliken yn ‘e barraazje mei tsien menuten tinktiid. Dy like Dykstra op syn namme te skriuwen, oant er op it lêst dochs in lyts flaterke makke. Dizze partij hie ek yn in kampspul einige, as Kooistra op dat stuit net as earste troch it reade flachje flein wie.

De C-klasse wie in folsleine Jorwerter oangelegenheid. Dêr diene úteinliks sân man oan mei. Rinze Schukken fan Hilaard koe de twadde jûn net, en Jelte Dykstra wie de earste jûn net rjocht halich, dat dy beide mannen smieten de lapen gear ûnder de namme Rinze-Jelte Schukstra út Hylwert. Dat houlik bliek fruchtber, want se naaiden úteinliks út mei de earste priis, in koer mei allegearre lekker guod lykas tsizen en woarsten, krekt as alle prizen fersoarge troch de buorkerijwinkel “Op de Him”, en sponsere troch makelaardij Kaspers. Hoe’t de skieding fan dy prizeboel fierders krekt beteard is, dat bliuwt in priveekwesje.

Einstannen mei tusken heakjes it SB-getal: A-klasse: 1. Jelle Wiersma 3,5; 2. Folkert Groenveld 3; 3. Taeke Kooistra 2,5; 4. Marten Walinga 2; 5. Tsjerk Wijbenga 1; 6. Dicky van der Meer 0. B-klasse: 1. Willem Dykstra 3,5 (10,75) (nei barraazje). 2. Cor Kooistra 3,5 (10,75); 3. Frans Kingma 2; 4/5/6. Siebren Dyk, Willem Schaap & Fedde Wiersma 1. C-klasse: 1. Rinze-Jelte Schukstra 3 (13,5). 2. Harry Kaspers 3 (7); 3. Bonne Hylkema 2 (6,5); 4 en 5. Emke Dykstra en Hindrik Terpstra 2 (4); 6. Jan Nauta 0. (siebren dyk)

doorfriesdammen

De dammers mei in rotgong troch de spullen hinne.

It bart net sa faak dat de Stadige Strikers earder klear binne as it sjongkoar ferline jier en no dit jier as it korps.. Beide ferienings hawwe in fêststelde eintiid: 10 oere. De dammers ha dat net, want de partijen dy’t sa’n jûn spile wurde en de damklok, bepale de eintiid. Ofrûne moandei wienen de fiif spultsjes dy’t spile waarden foar tsienen út. Mei oare wurden: de dammers giene mei in rotgong troch de spullen hinne.

Net dat der hiel min damme waard, mar dochs hiene de Strikers wol wat mear tiid nimme moatten om alle tûkelteammen en lopen yn de spullen te ûndersykjen. Sa fersinde ús b6este dammer, Jelle Wiersma, him en rekke tsjin Dicky van der Meer in houtsje efter. De lêste stûn der nei dat kadootsje ek noch izersterk op. Van der Meer joech de winst net mear út hannen. Kees Castelein die wat in sleauwe set troch in houtsje fan de daamline te skowen dat der net wei mocht. Bauke Bos sloech fuortendaliks ta.

Willem Schaap rekke in houtsje foar, mar Ype Boeles koe dat in pear streken letter wer rjocht breidzje. Wol hie dat fan gefolgen dat syn stân der foaral net better op wurden wie. Schaap koe dat moai útpuzzelje en wûn gau de partij. De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler makken der in moaie partij fan. Healwei hie Hennie de bêste papieren en dat boude se moai út nei in fertsjinne winst.

Sa lang as de klup bestiet en dat wie yn septimber al 41 jier sitte Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra al op dizze klup. Alle jierren ha se de degens krúst. Dit jier hoege se mar ien partij, omdat Kooistra ferline jier degradearre is nei de twadde klasse. Yn de partij wie it klasseferskil net te merkbiten. Beide mannen makken gjin flaters, sieten it langst, mar wienen likegoed om kertier foar tsienen ek al út, nei’t se der remize fan makke hienen.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De iene damjûn is de oare net.

Damjen by de Stadige Strikers jout altiten wol wer bysûndere mominten. En somtiden riget it iene momint him fêst oan it oare. Sa’n momint hâldt dan eat bysûnders yn. Moandeitejûn 10 oktober like it wol dat der ien of oare goarre troch it sealtsje gong, wêrtroch guon dammers it oer krigen fan de ien op de oar. Yn dit gefal gie it dan om wat sleauwichheden. Oars is der ek wolris in misstreek of in misrekken, mar moandei folge de iene de oare op. Mar ja it is fansels sa: De iene damjûn is de oare net.

Trije dammers koenen noch net oanwêzich wêze. Nije wike hoopje de Strikers mei folle bak wer oan te trêdzjen. Mar no oer it damjen. Kees Castelein en Tineke wienen al út doe’t oaren noch mar krekt troch de iepening wienen. Kees hie him eefkes fersjoen. Ja dat kin gebeure! Hennie de Haan siet tsjin Cor Kooistra. De lêste ferlear foarich seizoen tsjin har en oan alles wie te merken dat hy wat rjochtsette woe. Dat slagge him aardich goed, want nei in healoere stie er in houtsje foar. Der kaam wer wat leven yn him en hy wie wakker oan it ferhaal wêrom at er tee dronk yn plak fan kofje. Tuskentroch die er ek in set. Hy sei letter:”Ik hie it houtsje setten en seach fuortendaliks de blunder!” Hennie joech mei in heakje twa en sloech der fiif ôf. No stûn de foarsitter yn plak fan ien foar twa efter! Hy hie ien gelok, want hy koe frij maklik troch rinne op de linkerflank. Hy pakte wer in hout werom en dêrnei hie Hennie eins neat mear yn te bringen.

Njonken dizze spilers siet Ype Boelens tsjinoer Dicky van der Meer. Se skoden in aardige partij, mar oan de ein fan it spul briek Dicky troch en koe sa in daam skowe. Ype hie noch trij houtstjes en dy hienen einliks neat yn te bringen. Dicky koe dus in daam skowe en dat die er ek. Hy sette ien fan de houtsjes op slach. Ype hie in frije en foar Dicky deadlike set. De lêste sloech it houtsje en Ype joech it deadlike houtsje en Dicky sloech mei syn daam it oare houtsje fan Ype streekrjocht yn de bek. En dy sei hap! Dan tink je de partij yn de bûse te hawwen en dan ferspylje him totaal ûnnedich!

De moaiste partij fan ‘e jûn waard spile troch Jelle Wiersma en Willem Schaap. In prachtige iepen partij mei allegearre driigjende slaggen en lopen. Mar alles waard troch de mannen sjoen. It einstântsje like tige kompleks en in hurdrinner hie faaks tocht dat Willem it mooglik ferlieze soe. Mar Willen seach wat Jelle ûntkommen wie. En de omsteanders seagen it ek net, wylst it efternei mar simpel wie. Sa giet it faker en wurde ienfâldige oplossings oer de kop sjoen.

Utslaggen: Ype Boelens – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Bauke Bos brânt der fuortendaliks al yn!

De Stadige Strikers kamen moandeitejûn foar de twadde kear byelkoar. Ferline wike de lêste moaneitejûn fan septimber holden se in jierfergadering. Dêr waarden alle ditsjes en datsjes besprutsen dy ‘t mei it damjen te krijen hienen: de notulen, it jierferslach en de sinteraasje kamen oan bod. Mei de sinten siet it wol goed en de notulen en it jierfeslach sieten goed yn elkoar en waarden moai foarlêzen troch de skriuwer Bauke Bos.

Om noch mar efkes fierder te gean mei Bauke Bos, kinne wy jimme meidiele dat hy foar de earste keear yn de heechste klasse damme sil nei syn promoasje. Hy damme al mear as tritich jier yn de twadde groep en no dus op it heechste nivo. En wat die hy yn syn earste partij: brutaalwei winne tsjin Ype Boelens. Dêr wie neat op oan te merken! No binne de Strikers fansels tige benijd hoe’t er it fierders yn de kompetysje dwaan sil. Mar sa’t Bauke sels sei: “Ik haw yn elts gefal ien punt helle!”

Yn de twdde groep liet Jan Castelein ek eefkes syn tosken sjen. Hy spile hiel konsintrearre makke gjin rare flaters en kaam hieltiten sterker op it boerd te stean. Yn in trije om trije stân tsjin Hennie de Haan pakte er gedegen de winst. Dat soe syn soan Kees ek dwaan. Dy kaam mei moai spul in houtsje foar tsjin Tineke Teigeler. Dat like foar him op winst út te draaien. Hy stie der sa moai op as poes! Mar doe’t de stikjeskriuwer in hoart letter wer seach, wie der net folle mear oer fan syn moaie stân. Hy hie eefkes foar sinteklaas spile en sa Tineke de winst yn de skoat goaid.

Utslaggen: Bauke Bos – Ype Boelens ! – 0. Hennie de Haan – Jan Castelein 0 – 1.Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0. Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0. Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1. Kees Castelein – Tineke Teigelaar 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

Taeke Kooistra wint de Fryslân Kup

Freed 29 april is de finale fan de Fryslân Kup 2021-2022 ferspile yn kluphûs SieSa te Blauhús. Yn de finale sieten de klupgenoaten Taeke Kooistra en Hein de Vries tsjin oer elkoar. De striid waard wûn troch Kooistra, der mei pakt hy de kup foar de twadde kear op rige.

Hein de Vries en Taeke Kooistra oan it begjin fan de striid.
Hjir wurdt djip neitocht troch Hein de Vries
De finalisten, mei Taeke as winner


doorfriesdammen

Feestjûn en de einjûn fan de Stadige Strikers yn ien lang wykein.

Der stie hieltiid noch in feestjûn yn ferbân mei harren 40 jierrich jubileum, op de Strikers te wachtsjen. It feest dat al yn novimber holden wurde soe, mar troch de koroana wie dat der net fan kommen. Mar no’t it damjen wer los koe, kipe dy jûn ek wer om it hoekje. De feestkommisje sette de datum fêst op freed 25 maart. Dat kaam wûnderwol fantastysk út, want fuortendaliks koe der ek noch efkes stilstien wurde by it beheljen fan it klupkampioenskip. De moandeis kamen de houtsjes noch in kear op de buorden. Dat wie fuortendaliks de einjûn mei spul en wille, ferlotting en priisútrikking. Twa feestjûnen yn ien lang wykein.

Op freedtejûn mochten de partners ek meikomme en of it no kaam troch dy lêsten: it wie yn elts gefal by ús leden Jan  en Kees Castelein tige gesellich. De feestkommisje, Hennie de Haan en Tineke Teigeler, sette de bestjoersleden ek noch yn it sintsje en oerhannige harren, njonken de blommen, in moai en keunstich oantinken. Dêrnei mocht de foarsitter noch wat fertelle oer de skiednis fan de klup. Dy begûn syn praatsje net by it begjin, mar by de ein: It lêste kampioenskip. It koe allegearre net moaier fansels. Nei alle hichtepunten en ek drôvich nijs neamd te hawwen, koenen de leden en oanhing har fernuverje mei sjoelen en oare selsskipspultsjes. Fansels keazen guon der ek foar om gesellich nei te kletsen. De wol oanwêzige dambuorden waarden net oanrekke. Alles ferrûn yn in tige gesellige sfear. Al mei al in prachtige jûn.

Moandeitejûn kamen de Strikers foar de lêste kear dit damjier by-in-oar. Der hoegde net folle praat te wurden. Dat barde de freeds al. Der waard al gau mei de ferskate damfarianten útein set. Tusken de rûnten troch waard in ferlotting holden en koenen guon dammers mei in earm fol prizen nei hûs werom gean. Uteinlik koe ús wedstriidlieder, Willem Schaap, de útslach fan de kompetysje bekend meitsje. Jelle Wiersma waard yn de earste en Bauke Bos yn de twadde klasse kampioen. Doe’t de bekers mei in tapaslik wurdsje fan Willem by de blide winners te plak kommen wienen, koe de foarsitter de jûn en it damjier ôfslute.

De einútslach: Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 11 punten út 12 partijen. 2 Sjoerd Jan Bakker 10 út 16; 3 Ype Boelens 8,5 út 16; 4 Bauke Dykstra 7,5 út 12; 5 Dicky van der Meer 7,5 út 12; 6 Willem Schaap 7,5 út 13; 7 Cor Kooistra 5 út 16. Twadde klasse. 1 Bauke Bos 14 út 15; 2 Hennie de Haan 8 út 15; 3 Tineke Teigeler 7 út 15; 4 Kees Castelein 4,5 út 15; 5 Jan Castelein 1,5 út 13.

(Tekst: C. Kooistra)

doorfriesdammen

De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

Men kin fan tinken wol ha, dat it by de Stadige Strikers moandeitejûn tige oangenaam fertoevjen wie. De sneons wie harren achttal yn Easterein opnij klupkampioen wurden. De Strikers moasten harren titel fan 2020 ferdigenje en dat barde mei grutte sifers. Efterienfolgjend fersloegen se de mannen fan Blauhûs mei 7 – 1, Lollum – Waaksens waard mei in skoare fan 6 – 2 fan de buorden feegd en Aldegea – W  koe net ien partij fan de Skearnegoutumers winne: 8 – 0. Dus dat wie feest yn it Swettehûs fan Skearnegoutum.

It iene kampioenskip is it oare net. Sa kipe dat fan 2020 fier boppe dat fan it lêste út. Yn 20 wie it ien en al spanning en foar de finale koenen alle fjouwer achttallen noch kampioen wurde en as jo klupke dan kampioen wurdt, is dat in folsleine boppeslach. Spanning oant en mei de lêste partij. Dat wie wat! Sneon rûn dat hiel oars! Aldegea ferskynde mei in sântal oan it toernoai en dan begjinne jo fuortendaliks mei in 1 – 0 efterstân. En as dan ek noch ien fan de bêste spilers thús bliuwe moat fanwege koroana, dan is de aardichheid der wol wat ôf. Sa’n oerwinning fan de Strikers moat dan ek besjoen wurde tsjin dy eftergrûn. De Strikers hoopje dat it  oar jier alles wer wat normaal is. Guon Strikers ferklearren al, dat se der no al sin oan hienen om de striid oan te gean.

Der waarden ek noch in pear wedstriden foar de kompetysje spile. Jelle Wiersma wie te sterk foar Cor Kooistra en Hennie de Haan koe it net rêdde tsjin Bauke Bos  Ype Boelens ferlear fan Bauke Dykstra en Tineke Teigeler wûn yn in tige nijsgjirrige partij fan Jan Castelein. Dy partij is noch oan alle kanten en einen oereide. De partij fan de jûn spilen Willem Schaap en Dicky van der Meer, wylst de earstneamde it ek noch tagelyk opnaam tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar dat spul wie foar de aardichheid.. Sjoerd Jan wûn. Doe koe Willem him hielendal talizze op de partij tsjin Dicky. No dat waard ek foar it omsittend laach in lust foar it each. Nei in heel moai einspul luts Willem oan it langste ein.

(Tekst: C. Kooistra)