Damfavoriten makken gjin flaters

doorfriesdammen

Damfavoriten makken gjin flaters

Lollum –– It fenyn by it persoanlik kampioenskip Fryske damjen sil yn ‘e sturt komme moatte. It wedstriidskema hat it sa beskikt dat yn it begjin de sterkere dammers it tsjin de dochs wat swakkere bruorren opnimme moatte. Dêrby wiene sneon yn it Lollumer doarpshûs by de fjirde en fyfde omloop gjin opfallende útslaggen te notearjen. De fjouwer sterksten diene har plicht, en sille har krûd foar de finale bewarre hawwe. Te begjinnen kommende tiisdei yn Jorwert, dêr’t dan de troch izel útstelde tredde omloop ferspile wurde sil. As der dan dochs wat opfallends op te merken is, dan is dat wol dat Taeke Kooistra it paad omheech wer weromfûn hat. De earste sneon skrabe er mar in heal punt byinoar, mar no pakte er tsjin debutant Bernard Kroon al gau in hout winst en krige er boppedat ek noch in daam. De Blauhúster koe it meunster noch al fange, mar wol ten koste fan in noch gruttere materiële efterstân. Mei Siebe Walinga hie Kooistra aardich mear muoite, mar úteinliks kaam er yn in stân fan trije om trije as earste op daam, en dat bliek genôch. Henk Haanstra hie sneon ek gjin puntferlies, al moast er tsjin Pieter Hoogterp wol mear as fjouwer oeren oan ‘e bak ear’t de oerwinning yn ‘e knip siet. De middeis hie er dêr tsjin Willem Schaap ek 56 setten for nedich, wylst yn ‘e partij de kânsen hyltyd wiksele hiene. Haanstra hat dêrmei noch mar altyd in minimale efterstân fan in heal punt op ‘e koprinders Jelle Wiersma en Marten Walinga, dy’t beiden nei fjouwer omlopen noch op ‘e folle winst steane. Wiersma wûn kombinatyf fan Siebe Walinga en Bernard Kroon, wylst Marten Walinga it diskear tsjin Willem Schaap en Pieter Hoogterp mear fan it subtile posysjespul ha moast. Yn ‘e twadde acht lykje de degradanten Folkert Groenveld en Hein de Vries de ambysje te hawwen om it paad omheech wer yn te slaan. Beiden ha noch mar in heal ferliespunt, en in fol punt foarsprong op Tsjerk Wijbenga en de ferrassende Fedde Wiersma. Troch útstelde partijen is de stân yn ‘e tredde acht noch altyd wat ûnoersichtlik, al kin no al wol konstatearre wurde dat de beide nijkommers Jurjen Frankena en Anne de Boer it hiel goed dogge.

Utslaggen en stannen Kampioensklasse, fjirde omloop: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Bernard Kroon (Blauhús) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1, Willem Schaap (Jirnsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fyfde omloop: Wiersma – Kroon 1-0, Kooistra – S. Walinga 1-0, Haanstra – Schaap 1-0, M. Walinga – Hoogterp 1-0. Stân: M. Walinga en Wiersma 4; Haanstra 3,5; Kooistra 2,5; Hoogterp 1; Schaap en S. Walinga 0,5; Kroon 0. Twadde acht, fjirde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0; fyfde omloop: De Vries – Dyk 0-1, Groenveld – Hoekstra 1-0, Kooistra – Wiersma 0-1, Westra – Wijbenga 0-1. Stân: Groenveld en De Vries 3,5; Wiersma en Wijbenga 2,5; Hoekstra 2; Kooistra en Westra 1; Dyk 0. Tredde acht, fjirde omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Jurjen Frankena (Blauhús) 0-1, Niek Tolsma (Lollum) – Anne de Boer (Wommels) 0-1, Rein Jan Walinga (Aldegea-SWF) – Sietze de Jong (Aldegea-SWF) 1-0, Sjouke Attema (De Gastmar) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1; fyfde omloop: Frankena – Tolsma 1-0, De Boer – Sikma 1-0, De Jong – Attema 1-0, De Vries – Walinga 0,5-0,5. Stân: Frankena en De Vries 4-3,5; De Boer en Walinga 4-3; De Jong en Sikma 4-1; Attema en Tolsma 3-0.


Willem Schaap (lofts), mei in treastryk shagje al efter it ear, yn ôfwachting fan in ferlies tsjin Henk Haanstra

Over de auteur

friesdammen administrator