De earste jun fan it nije jier moast der in tafel by.

doorfriesdammen

De earste jun fan it nije jier moast der in tafel by.

Nei twa damleaze moandeitejûnen koenen de Strikers wer los. En se kamen man en frou-machtich op. Ien siikmelding kaam wol binnen, mar likegoed moast der noch in tafel by. Mooglik hie men oan de grutte tafel noch wat opskikke kinnen, mar om’t elk lekker rom sitte woe, waard der noch in klapyntafel by setten.

De klup koe ek wer in kampioen ferwolkomje. Jelle Wiersma behelle op de lêste sneon fan it jier it kampioenskip FRYSK. Dy priisdammerij waard ferspile yn Tresoar te Ljouwert. Dyselde Jelle liet yn in prachtige partij tsjin aventurier Willem Schaap sjen dat der in kampioen oan it wurk wie. Mei in  prachtige set makke er dien wurk. Earstoan like it noch mei te fallen foar Willem, mar nei’t Jelle in daam krigen hie, hie Willem noch in ferplichte slachset. Doe wie it echt bard mei de keapman. In hiel soad houtsjes waarden der ôfslein.

De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler spilen earst tsjin Hester en Hessel Boelens. Dêrnei dienen sus en broer tsjin elkoar. Oan de ein fan it jier binne se mei har beiden oan in twakamp begûn. Dit wie de twadde partij. De earste wûn Hester, dus Hessel moast it bealchje der opsette om te winnen. Dat slagge him net. Hester is oant no ta krekt even tûker.

Paul Borghaerts moast tsjin Bauke de Boer. De lêste hie noch in wike langer damfakânsje hân. Hoe’t it krekt om en ta gong, wit de skriuwer net, mar hy wit wol dat De Boer nei in foutsje fan de jongkeardel wûn. Borghaerts woe noch wol in kear. Ype Boelens hie der wol earen nei om noch in potsje. Syn earste hie er wat maklik ferlern fan good old Sjoerd Jan Bakker. It spul tsjin Paul like better as syn earste pot. Der wie suver sprake fan wat in lykweardige stân. Neat oan de hân soe men sizze. Mar wol as Boelens in raar foutsje makket. Dat waard fuortendaliks ôfstraft troch Paul. De stân wie no hielendal yn it foardiel fan de lêste. Mei in houtsje of twa mear is maklik damjen. Men moat dan fansels gjin fouten meitsje. No dat die de man út Easterein net. Syn jûn waard no dochs noch goed:  twa punten ien foar de oerwinning en ien as boanes (winst tsjin in hegere dammer).

Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke de Boer 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;Sjoerd Huitema – Bauke Bos 1 – 0; Bauke Dykstra – Cor Kooistra ½ – ½; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1;Ype Boelens – Paul Borghaerts 0 – 2; Hessel Boelens – Hester Boelens 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator