De ein is al wer sa’n bytsje yn sicht.

doorfriesdammen

De ein is al wer sa’n bytsje yn sicht.

As de persoanlike kampioenskippen en Fryslân Open achter de rêch is, skarrelje De Strikers  al aardich nei de ein fan it damseizoen.Dan wurdt it faak ek wat dreger om elk in dammer ta te bedielen, dy’t noch net tsjin him of har spile hat. Om de funksje fan kompetysjelieder stâl te jaan is dan soms in poepetoer. It duorre moandeitejûn dêrtroch wat langer as gewoanwei foar’t men oan it damjen wie. Dat wie net frjemd, want alle jierren bart dat as de ein yn ‘t sicht komt.

Der waard fuortendaliks al aardich op it boerd  omtimmere. Sa stie Kees Castelein ynienen in houtsje foar tsjin good-old Sjoerd Jan Bakker. Dat bliek net hielendal earlik ferrûn te wêzen, der stienen wat omstanners by dy partij en dy brochten it gehiel aardich yn de war. De streken waarden noch in kear oerspile en doe dy bliken dat de stân wol deeglik gelyk wie. Kees die goeie streken en like Bakker aardich partij te jaan. De ferhâlding tusken de beide mannen wie 70 : 1. Bakker mei santich jier ûnderfining en Kees mei noch net iens ien jier. Dat moast wol misgean. Dat barde in pear setten letter ek .Kees skode ien houtsje justjes de ferkearde kant út en Bakker sloech ta.

Bauke Dykstra spile yn it Fryslân Open te Frjentsjer hiel sterk en dat like er troch te setten tsjin Ype Boelens. Hy kaam yn it middenspul in houtsje foar. Hy soe dus de winst wol opstrike. Dat ferrûn krekt efkes oars. Hy die in streek, dy’t Ype mei tank temjitte seach. Hy koe twa houtsjes op slach sette en Dykstra koe lipe en pipe, mar der wie neat tsjin te dwaan. De hast wisse winner waard in wisse ferliezer. Wat kin sa’n spul dan samar ynienen in oar gesicht krije.

Utslaggen: Hennie de Haan – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 1 – 0; Bauke Dykstra – Ype Boelens 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Huitema ½ – ½; Willem Schaap – Cor Kooistra opskreaun.

Over de auteur

friesdammen administrator