De Stadige Srikers ha der wer in punt efter setten.

doorfriesdammen

De Stadige Srikers ha der wer in punt efter setten.

Moandeitejûn 23 maart ha de mannen en ien frou fan de Stadige Strikers wer foar de lêste kear dit damskoft de houtsjes op de buorden setten. Op sa’n einjûn giet it altiten wat oars as oars. It gewoane Fryske Spul wurdt sa’n jûn spile ek as it om it earstkwyt giet dan jilde deselde regels.

Op it skaakboerd kipe dy houtsjes de spilers krekt wer eefkes oars oan, mar
likegoed tige nijsgjirrich. Der waard striden om hearlike drûge woarsten. Binne dy woarsten dan lokkebrea? No dat kinne jo net stelle, omdat it Fryske Spul gjin lokkebrea nedich hat. It is op himsels al lokkebrea. En as jo dat lekker fine, litte jo dat faaks jo hiele libben ynnimme.

Der waard omraak damme. Tuskentroch wie der de tradisjonele lotterij.
Aardichheidsjes dy’t de dammers meinommen hienen waarden ferlotte. It
bysûndere fan dizze aksje wie dat de lotten fergees wienen. Elke dammer krige fan de skathâlder fiif lotten. Wêr’t dy ponghâlder dat fan docht,dat mei joast witte. Om koart te gean: alle dammers krigen ien of mear woarstjes.

De prizen fan de kompetysje waarden ek útrikt. Hjir folget de folsleine útslach: 1 en kampioen Jelle Wiersma. 2 Ype Boelens 3 Cor Kooistra 4 Willem Schaap 5 Jan Castelein 6 Sjoerd Jan Bakker 7 Dicky van der Meer 8 Tineke Teigeler 9 Bauke Bos 10 Kees Castelein.

Over de auteur

friesdammen administrator