De Stadige Strikers kinne it mei ien spiler tefolle lang net hâlde tsjin it sterke Hartwert.

doorfriesdammen

De Stadige Strikers kinne it mei ien spiler tefolle lang net hâlde tsjin it sterke Hartwert.

De dammers fan damklup de Stadige Strikers hienen op de lêste moandeitejûn fan it jier foar sa’n lyts tritich dammers buorden klearsetten, want it grutte Hartwert kaam nei Skearnegoutum ta om de jierlikse striid tsjin de pleatslike damklup oan te gean. No foel dat tal fan Hartwerters aardich ôf: Der wie eins ien te min wêrtroch ien fan de Strikers gjin tsjinstanner hie. Dat wie spitich.

Wol opfallend wie dat der in hagelnije kampioen oanwêzich wie: Hein de Vries. Hy wie de middeis yn Harns Nederlânsk Kampioen Frysk wurden. En sa’n titel liicht der net om. Hy wie  in hânfol oare oanwêzige dammersyn Harns de baas. En hy wie noch lang net útdamme en siet yn de winning mood. Dat jilde net allinne foar Hein, mar ek foar de measte gasten. De einstân wie dan ek: 3½ – 6½.

Persoanlikje útslaggen.  1 Jelle Wiersma – Tsjerk Wiersma 1 – 0; 2 Dicky van der Meer – Taeke Kooistra 0 – 1; 3 Willem Schaap – Hein de Vries 0 – 1; 4 Sjoerd Jan Bakker – Sjoerd Teake Kooistra 1 – 0; 5 Ype Boelens – Hidde de Vries 0 – 1; 6  Bauke Dykstra – Ids Boersma 1 – 0; 7 Bauke Bos – Klaas Wiersma ½ – ½; 8 Tineke Teigeler – Anne de Boer 0 – 1; 9 Kees Castelein – Herman Terwisscha van Scheltinga 0 -1; 10  Hennie de Haan – Piet Sikma 0 – 1. Einútslach: De Stadige Strikers – Hartert eo 3½ – 6½.

(C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator