De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

doorfriesdammen

De Stadige Strikers wer klupkampioen en hoe

Men kin fan tinken wol ha, dat it by de Stadige Strikers moandeitejûn tige oangenaam fertoevjen wie. De sneons wie harren achttal yn Easterein opnij klupkampioen wurden. De Strikers moasten harren titel fan 2020 ferdigenje en dat barde mei grutte sifers. Efterienfolgjend fersloegen se de mannen fan Blauhûs mei 7 – 1, Lollum – Waaksens waard mei in skoare fan 6 – 2 fan de buorden feegd en Aldegea – W  koe net ien partij fan de Skearnegoutumers winne: 8 – 0. Dus dat wie feest yn it Swettehûs fan Skearnegoutum.

It iene kampioenskip is it oare net. Sa kipe dat fan 2020 fier boppe dat fan it lêste út. Yn 20 wie it ien en al spanning en foar de finale koenen alle fjouwer achttallen noch kampioen wurde en as jo klupke dan kampioen wurdt, is dat in folsleine boppeslach. Spanning oant en mei de lêste partij. Dat wie wat! Sneon rûn dat hiel oars! Aldegea ferskynde mei in sântal oan it toernoai en dan begjinne jo fuortendaliks mei in 1 – 0 efterstân. En as dan ek noch ien fan de bêste spilers thús bliuwe moat fanwege koroana, dan is de aardichheid der wol wat ôf. Sa’n oerwinning fan de Strikers moat dan ek besjoen wurde tsjin dy eftergrûn. De Strikers hoopje dat it  oar jier alles wer wat normaal is. Guon Strikers ferklearren al, dat se der no al sin oan hienen om de striid oan te gean.

Der waarden ek noch in pear wedstriden foar de kompetysje spile. Jelle Wiersma wie te sterk foar Cor Kooistra en Hennie de Haan koe it net rêdde tsjin Bauke Bos  Ype Boelens ferlear fan Bauke Dykstra en Tineke Teigeler wûn yn in tige nijsgjirrige partij fan Jan Castelein. Dy partij is noch oan alle kanten en einen oereide. De partij fan de jûn spilen Willem Schaap en Dicky van der Meer, wylst de earstneamde it ek noch tagelyk opnaam tsjin Sjoerd Jan Bakker, mar dat spul wie foar de aardichheid.. Sjoerd Jan wûn. Doe koe Willem him hielendal talizze op de partij tsjin Dicky. No dat waard ek foar it omsittend laach in lust foar it each. Nei in heel moai einspul luts Willem oan it langste ein.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator