Wy kinne hast wol sprekke fan in tradysje: Al jierren wurdt sa oan de ein fan it jier damme tusken beide boppesteande klups. Dit jier waard it treffen holden yn Hartwert. Om kertier foar achten stienen der mear Stadige Strikers yn it gesellige en smûke ûnderkommen as dat der spilers fan de thúsploech wienen. De Strikers tochten hast al dat de gasthearen it ferjitten hienen. Allinne wisten se ek wol dat it wol goed siet, want de dambuorden stienen moai op de tafeltsjes te plak.
Tsjin achten kaam der mear reuring yn de seal. De dammers dy’t wend wienen om om acht oere oanwêzich te wêzen kamen no yn in grut oantal binnen drippen. It praat gyng foaral oer it OKT yn it Hearrefean, mar nei’t de foarsitter it wurd naam en de gasten út Skearnegoutum yn it bysûnder wolkom hjitte, wie it praat oer it riden ek wer oer. No moast der damd wurde. Nei in lyts oerke spyljen mochten alle dammers de klokken even stil sette. Doe waarden de priiswinners fan de priisdammerij yn Skearnegoutum eefkes yn it sintsje setten. Op dat stuit wie der noch mar ien partij beslist. En dat betsjutte dat de Strikers al in punt binnen hienen. Geandewei de jûn hienen de Strikers net te kleien oer te min seges. Nee der kamen noch heel wat punten by. Uteinlik wûnen de Strikers mei 2 – 6.
De persoanlike útslaggen: Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries – Willem Schaap 0,5 – 0,5; Taeke Kooistra – Dicky vd Meer 0,5 -0,5; Germ Bruinsma – Ype Boelens 1 – 0; Ids Boersma – Cor Kooistra 0 – 1; Tom Vellinga – Bauke Bos 0 – 1; Meinte Wesselius – Bauke Bos 0 – 1.
Over de auteur