It hat efkes duorre, mar ôfrûne moandeitejûn wie it der dochs: it kampioensfeest fan de Stadige Strikers. Fansels ha alle dammers al yn opperbêste stimming de wiken trochbrocht, mar it feestje soe noch komme. Moandeitejûn 17 febrewaris wie it der dan en hoe.
Troch wat bysûndere útjeften hie de ponghâlder no net it measte yn kas, dat gekke bokkesprongen koenen de dammers eins net meitsje. Doe stelde de nije Striker Jan Castelein foar om it feestlike barren plak fine te litten by him yn de bedriuwskantine. It bestjoer wie doe gau beret en út de rie: Dat moast altiten troch gean. It oanbod waard dan ek mei alle bestjoershannen oannommen.
Sadwaande rieden de dammers mei eventuele partners nei de kantine. It wie fuort al in gesellige boel. Nei in praatsje fan de foarsitter en ûnder it genot fan in bakje kofje of tee mei wat lekkers de by waard werom sjoen op sneon alve jannewarsi. De dei. Hoe’t wy de earste omloop ferlearen fan Hartwert en de beide oare rondes tsjin Aldegea en Lollum-Waaksens rom as winner út de bus kamen. De spilers wienen út de skroeven, dat kin men fansels wol begripe. Nei in hearlik gleske bier of wat oars seagen de mannen werom op dy dei. Dat se út de skroeven wienen, wisten de partners oer mei te praten doe’t harren kampioenen mei de blommen thús kamen.
De jûn wie hielendal bysûnder, omdat der ek twa persoanlike kampioenen eare wurde koenen. Jelle Wiersma no al foar de tredde kear op rige de grutte kampioen en Dicky van der Meer de kampioen fan de tredde acht. It koe eins net better. Nei alle lof besocht de foarsitter noch de skjintmei fan it Fryske Spul ûnder de oandacht fan de oanhing te bringen mei in damdiagram fan Roel Bergsma. Wat dy man beskreaun hat is geweldich, mar of de net dammers der wat fan opstutsen ha, is mar de fraach.
Nei al dy ynformele ” plichtplegingen” waard damme, sjoeld, pylkjegoaid, puzzels op lost, gesellich kletst en fansels waarden der noch in pear op nommen. It wie in prachtige jûn. De froulju fan de dammers damden ek. Dat der noch wat nije leden út fuort komme, dat wit men mar noait. De jûn waard ôfsluten mei tank oan en applaus foar de famylje Castelein
(Tekst Cor Kooistra)
Over de auteur