De wrâldkampioen wie moandeitejûn yn ús fermidden.

doorfriesdammen

De wrâldkampioen wie moandeitejûn yn ús fermidden.

It is fansels wol bysûnder dat men as klup sizze kin: “De wrâldkampioen Frysk spul wie yn üs fermidden!” In oar dy’t net op de hichte is fan de in en outs fan dizze tinksport sil mooglik tinke: “Wat in flauwe kul om dêr mei oan te kommen!” Dat is it net! De skiednis moat goed skreaun wurde, want it kin sa mar oars. No is ús wrâldkampioen nocht in echte Fries, dy’t hjir hikke en tein is. Dat soe yn de takomst sa mar oars komme kinne. No is Marten Walinga de regearjend kampioen, mar it hie foar itselde de Rus Georgiev wêze kinnen.  Mooglik is in bûtenlanner oer in jiermannich de nije wrâldkampioen. Dat soe moai wêze fansels, allinnich is it dan spitich dat sa’n  ien net by de Stadige Strikers op in damjûn oanskikke sil. Mar moandeitejûn damme de wrâldkampioen dus wol tusken de oare dammers syn partij.

Yn it kader fan de Fryslân Kup moast Walinga in partij skowe tsjin Striker Dicky van der Meer. Der lei wol wat druk op de rêch fan dizze Striker: alle oare fjouwer Strikers dy’t meidogge oan de striid om de Fryslân Kup hienen har al yn de twadde ronde pleatst.  Dicky moast der dus plat foar en fansels die er dat. Hy wist ek dat in jiermannich lyn yn deselde striid om de kup Walinga al ris mei lege hannen nei hûs moast. Doe liet Bauke Bos him stroffelje! It hiele omsittend laach hie al gau foar it ferstân dat Marten alles die om net wer it slachtoffer te wurden yn it Swettehûs. Dêr slagge er goed yn. Net dat Van der Meer der ôffeegd waard, mar krekt yn de einfaze moast er belies jaan. Doe seach men de hân fan de master: alle houtsjes krekt op it goeie plak. Hoewol it spitich wie foar Dicky, joech sa ‘n konfrontaasje wol wer wat ekstra’s yn it damgroepke.

De meast yn it each springende útslach fan de kompetysje behelle Ype Boelens. Hy moast damje tsjin Willem Schaap, mar dy spile fuortendaliks ek tsjin Kees Castelein. Soks is fansels net ideaal. It foardiel is dan dat der net ien hoecht stil te sitten. No leit der nochal wat krêftsferskil tusken de beide lêstneamde dammers. Ek logysk, Willem dammet syn hele libben al en Kees noch mar in pear jier. De útslach fan  dy partij koe gau notearre wurde, en doe koe Willem alle tiid brûke tsjin Ype. Hy seach it yn it begjin ek wol sitten, want hy makke noch wol ris in rûntsje lâns de oare buorden op ôfstân fansels. Oan de ein fan de partij seagen wy Ype al ris efkes om him hinne gnuven en letter ek in omslachje rinnen. It soe it teken oan de wand wêze. Ype hie it yn streken en wûn. De earste partij tusken de beide mannen einige yn kamp.

Ek kamp waard it tusken Bauke Bos en Jan Kastelein ek. Bos: “Ik wit ek wer ris wat remize is!” ja dat wie Bauke net mear wend de lêste tiden. Moandeitejûn like er ek wer op de oerwinning ôf te stevenjen. Hy kaam in houtsje foar en stie gaadlik op it boerd. Syn tsjinstanner spile ek net swak by. Dy hold de kop der goed by en it risseltaat mocht der wêzefoar Jan fielde it as in oerwinning.

Utslaggen: Willem Schaap – Ype Boelens 0 – 1; Kees Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 -1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Jan Castelein ½ – ½;  Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator