Troch C. Kooistra
Soms giet it mei in klup fliegend en dan ynienen is de fleur der wat út. Yn de goeie tiden fan de Stadige Strikers sieten der mear as tweintich leden achter de buorden. Dêr wienen ek in soad jongeren by. Dat is no wat oer. Der komme eins gjin nije leden by en as der al ris ien komt dan skrikt sa’n ien soms fan it spul. Wat dat oanbelanget is der net folle nijs ûnder de sinne.
Guon dammers miene dan dat it mar better is om de stekker der út te lûken. Dêr is it bestjoer net fuortendaliks sa’n foarstanner fan. As jo in klup opdûke dan binne der ek in oantal leden dy’t dit moaie spul net mear spylje sille. In klup opheffe bestjut dat de goeie en fanatike dammers in oare klup sykje sille. En as ien kear de klup fuort is, dan komt er net werom.
Der waard moandeitejûn damme troch acht dammers. Fansels hienen wy it moaier fûn dat elkenien der west hie, mar dat wie net sa. In oare kear wer better.
Utslaggen: Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1.
Over de auteur