Der kinne noch mear by by de Strikers.

doorfriesdammen

Der kinne noch mear by by de Strikers.

De Stadige Styrikers binne wer los. Al twa moandeitejûnen ha se byinoar west. In wike ferlyn gyng it foaral om ôfspraken te meitsjen foar it kommende damjier. Bestjoersferkiezingen wienen der net. Dat is ferskood nei takom jier. De finânsjen , de notulen en it jierferslach alles kaam efkes om de hoeke sjen. In jier stilstân is meastal gjin foarútgong. Elkenien wie wer oanwêzich of komt wer. Fansels ha wy it ferstjerren fan Sjoerd Huitema betocht, foar him wie it sa mar ynienen gebeurd. Foar de hiele damsport en foar de Strikers yn it bysûnder betsjut dat in dramatysk gemis. Wy, Strikers, ha oan him hiele goeie oantinkens en wy tinke mei respekt oer it feit dat er it Fryske Spul sa oppikt hie. In leafhawwer fan it damspul is ús fierstende betiid ûntfallen.

De twadde jûn gyng it fuortendaliks los. Heit en soan Castelein sieten tsjin oerelkoar. Soan Kees like krekt efkes sterker as syn heit en dat like net sa, it wie sa. Kees hat syn earste punt binnen. Dat soe Tineke Teigeler ek foar elkoar krije, sa tocht de hiele seal. Se hie in foutsje fan Bauke Bos fakkundich ôfstraft en like sliependewei nei de oerwinning te striken. Mar oan de ein fan de partij heakke it even. Tineke wie net mear op har iepenst en skode krekt wat te hurd en sa waard it ek noch kamp. Ype Boelens skeat ek goed út de startblokken troch Willem Schaap op kamp te hâlden. In moaie heale punt foar Ype. Willem makke lykwols Hennie de Haan, dy’t har noch even heel posityf utere oer it moaie fan it Fryske spul, yn en pakte noch in punt en stiet no oan kop. Jelle Wiersma en Cor Kooistra makken der in hiele aardige partij fan. Kooistra miende dat Jelle net efter in hout mocht. Dêrby seach er in fjouwer om fjouwer slach oer de holle en ferlear.

Wy sitte op dit momint mei 13 dammers te damjen as se der allegearre binne. Der kinne noch mear by. Dus minsken wolle jim ek ris in houtsje strike en jim dwaande hâlde mei it Fryske damspul, der kinne noch wol in oantal by.

Utslaggen: Bauke Bos – Tineke Teigeler ½ – ½; Jan Castelein – Kees Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Hennie de Haan 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½: Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator