Troch Cor Kooistra
SKEARNEGOUTUM. Troch it Fryslân Iepen fan ferline wike sieten op de klupjûn fan de Strikers mar ien hanfol dammers. Op sokke mominten geane der wol ris stimmen op om de stekker der mar út te lûken en dat de leden mar omsjen moatte nei in oare klup. Yn syn algemienheid is it sa as men dat dwaan soe, kostet dat dammers Frysk spul. Ofrûne moandeitejûn sieten wer njoggen spilers achter de buorden. As elk oanwêzich west hie soenen der tolve dammers sitte. Mar it wienen njoggen en dat wie hast it dûbele fan in wike lyn. In moai gegeven.
It meast opfallende begjin fan de partijen kaam út de hoeke wêr’t Tineke Teigeler tsjin Bauke Dykstra harren spul spilen. Al glunderjend liet Tineke sûnder omhaal fan wurden witte dat se foar stûn. Foarstean is op himsels neat, mar it giet om it ôfmeitsjen. Dykstra wie fansels fuortendaliks goed wekker. Hy hie der net sa folle tiid foar nedich om mei likense munt werom te beteljen. En dat net allinne. Hy kaam ek noch foar te stean en doe wie foar him de aap binnen.
Bauke Bos damme tsjin Hennie de Haan en Jan Castelein. De earste partij hie er frij fluch yn de knip, mar tsjin Jan Castelein koste him dat wat mear muoite. Lykwols kaam dat ek foar de hearen en koe Bos wer twa punten by skriuwe. Willem Schaap en Sjoerd Jan Bakker hienen in moaie lykopgeande partij. Mar doe’t Bakker foar Sinteklaas begûn te spyljen, naam Willen it kadootsje mei beide hannen oan.
De partij tusken Cor Kooistra en Dicky van der Meer seach der foar de omsitters mar wyld út. Elk tocht dat der wol ris in stevige wintertwirre trochhinne waaie koe. Dy twirre liet wol in skofte op him wachtsje . Der waarden wat gatsjes tichtstrutsen, mar lykwols bleau it in wiffe boel foar beide spilers. En doe striek Dicky in houtsje dat net koe. Dat hie fan gefolgen dat de twirre troch it hout gie. Earst liet Cor trije houtsjes slaan. Doe noch ien en wol sadanich dat de partij út wie.
Utslaggen: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Bauke Bos – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Dykstra 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 1- 0; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0.
Over de auteur