Drama’s oan ’e top en oprukkende jeugd

doorfriesdammen

Drama’s oan ’e top en oprukkende jeugd

Sneintemiddei 18 augustus seach dramatyske ûntwikkelingen yn ’e top fan it klassemint fan it tredde offisjele Wrâldkampioenskip Frysk Damjen te Harns. De Grinslanner Fedde Kramer, dy’t oant dan ta hieltyd ferrast hie mei syn sterk spul, fergriemde de partij tsjin Ties Slagter út Den Bosch. Dy krige dêrmei in dield twadde plak, wylst Kramer ôfsakke nei njoggende posysje. Jelle Wiersma konsolidearre syn plak oan ’e top en stjoerde Folkert Groenveld werom nei it sechsde plak. Willem Schaap en Auke Zijlstra waarden ek fan it boerd skood en seagen harren kânsen op in finaleplak ferdampen troch oerwinningen fan Teake Kooistra en de Poal Łukasz Kosobudki. Dêrfaroer spilen de jonge dielnimmers bjusterbaarlike sterk. Porter Richardson (15 jier) wist sels te winnen fan Tsjechysk kampioen Petra Dušková. Malte Schulz (17) makke it Dicky van der Meer lang dreech en hie op in gegeven stuit sels de winst pakke kinnen. Ek Siward Walinga (18) hold lang stân tsjin Litousk kampioen Aleksej Domčev, hoewol ‘t er úteinlik yn it sân bite moast.

Stân nei omloop 5

Jelle Wiersma    4,5 p.

Marten Walinga, Ties Slagter, Taeke Kooistra     3,5 p.

Willem Schaap, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki, Petra Dušková    3 p.

Fedde Kramer, Dicky van der Meer          2,5 p.

Hein de Vries, Auke Zijlstra          2 p.

Aleksej Domčev, Porter Richardson         1,5 p.

Malte Schulz      1 p.

Siward Walinga 0 p.

Alles mei alles hiene oan it begjin fan ’e fjirde spyldei noch 12 fan ’e 16 spilers teoretysk kâns op in plak yn ’e finale. Nei ôfrin fan de sechsde omloop wiene dat noch 10. Marten Walinga fersinde him en holp dêrtroch Jelle Wiersma oan in foarriedich totaal fan 4,5 punt. Wiersma stiet no ien punt foar op Taeke Kooistra, dy’t Ties Slagter stadichoan mar wis yn ’e skjirre nimme koe. Sy wurde op ‘e foet folge troch Kosobudzki en Groenveld. De Poal Kosobudzki fersloech Willem Schaap mei in fraaie kombinaasje, nota bene yn in spultype dêr ‘t Schaap goed yn thús is, en Groenveld wûn fan Dušková. Porter Richardson, de jongste dielnimmer, liet freon en fijân fersteld stean troch Auke Zijlstra mei goed spul, ôfsletten mei fraai slachwurk, fan it boerd te reagjen.

Stân nei omloop 6

Jelle Wiersma    5,5 p.

Taeke Kooistra 4,5 p.

Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 4 p.

Marten Walinga, Ties Slagter, Fedde Kramer 3,5 p.

Willem Schaap, Petra Dušková 3 p.

Dicky van der Meer, Porter Richardson, Aleksej Domčev 2,5 p.

Hein de Vries, Auke Zijlstra 2 p.

Malte Schulz 1 p.

Siward Walinga 0 p.

Pairing omloop 7

Jelle Wiersma – Taeke Kooistra

Marten Walinga – Łukasz Kosobudzki

Folkert Groenveld – Fedde Kramer

Ties Slagter – Siward Walinga

Hein de Vries – Aleksej Domchev

Dicky van der Meer –      Petra Dušková

Porter Richardson – Willem Schaap

Malte Schulz – Auke Zijlstra

Auke Zijlstra (l), Porter Richardson (m), Łukasz Kosobudzki (foto Stifting WFD)
 Folkert Groenveld (l), Petra Dušková (Foto Stifting WFD)

Over de auteur

friesdammen administrator