Favoriten nimme de kop by Frysk damjen

doorfriesdammen

Favoriten nimme de kop by Frysk damjen



Skearnegoutum – Yn ‘e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenkip yn it Frysk damjen lieten de wichtichste gadingmakkers gjin stekken falle. Marten Walinga en Jelle Wiersma, dy lêste no ek al wer in moai tal jierren de sterkste dammer yn it Fryske spul, wûnen sneon beide partijen. Wol ferrassend wie dat Taeke Kooistra, yn syn wat jongere jierren rekordhâlder yn it tal kampioenskippen, no al oan it ôfheakjen is. Syn rol fan outsider liket oernaam te wurden troch Henk Haanstra, al moast dy tsjin syn Aldegeaster doarpsgenoat Siebe Walinga wol in kampspul tastean. De Gastmarder Pieter Hoogterp moat likegoed ek yn ‘e gaten holden wurde. Hy wûn knap fan Kooistra, en hat syn partij tsjin Wiersma al hân.
Jelle Wiersma makke dus gjin flaters, net tsjin Pieter Hoogterp en net tsjin Willem Schaap. Hoogterp liet him ferrasse troch in dochs frij simpel slachje, en Schaap koe yn in stân fan 4 tsjin 4 in fijanlike trochbraak net tefoaren komme. Marten Walinga wie sterk yn ‘e kombinaasje. Dy tsjin broer Siebe wie spektakulêr. Nei ôfrin hold dy mar ien hout mear oer, en doe wie it spul beslikke. Bernard Kroon hie it dreech. De Blauhúster docht foar it earst yn ‘e kampioensklasse mei, en it bliek dat dat noch wennen wie. Tsjin Marten Walinga waard er yn it einspul slachtoffer fan in strategyske kombinaasje, en tsjin Henk Haanstra gong it op soartgelikense wize mis.Yn ‘e twadde acht is Willem Hoekstra de grutte ferrassing. De promovendus wûn beide partijen, tsjin Cor Kooistra en Liuwe Westra. De degradanten Folkert Groenveld en Hein de Vries lieten lykwols sjen dat sy ek graach wer omheech wolle. Har efterstân is mar in heal punt.Yn ‘e tredde acht is it minne nijs dat der op it lêste stuit twa dielnimmers har weromlûke moasten. It goede nijs is lykwols dat der dochs noch twa ferfangers fûn wurde koene. Dy hiene lykwols op ‘e earste dei fan it kampioenskip oare ôfspraken, dat dizze klasse hat no al te lijen mei in grut tal ynhelwedstriden.

Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse, earste omloop: Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Willem Schaap (Jirnsum) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Bernard Kroon (Blauhús) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; twadde omloop: Wiersma – Schaap 1-0, Kooistra – Hoogterp 0-1, Haanstra – Kroon 1-0, M. Walinga – S. Walinga 1-0.Stân: M. Walinga en Wiersma 2; Haanstra 1,5; Hoogterp 1; Kooistra, Schaap en S. Walinga 0,5; Kroon 0.
Twadde acht, earste omloop: Tsjerk Wijbenga (Arum) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Siebren Dyk (Jorwert) – Liuwe Westra (Lollum) ústeld; twadde omloop: De Vries – Wiersma 0,5-0,5, Groenveld – Wijbenga 0,5-0,5, Kooistra – Dyk 1-0, Westra – Hoekstra 0-1.Stân: Hoekstra 2-2; Groenveld en De Vries 2-1,5; Kooistra 2-1; Wiersma en Wijbenga 2-0,5; Dyk en Westra 1-0.
Tredde acht, earste omloop: Rein Jan Walinga (Aldegea-SWF) – Jurjen Frankena (Blauhús) 0,5-0,5, Sjouke Attema (De Gastmar) – Anne de Boer (Wommels) útsteld, Piet Sikma (Hartwert) – Sietze de Jong (Aldegea-SWF) útsteld, Niek Tolsma (Lollum) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1; twadde omloop: Frankena – Attema 1-0, De Boer – Walinga útsteld, De Jong – Tolsma útsteld, De Vries – Sikma 1-0.Stân: De Vries 2-2; Frankena 2-1,5; Walinga 1-0,5; De Boer en De Jong 0-0; Attema, Sikma en Tolsma 1-0.


Over de auteur

friesdammen administrator