Favoriten nimme de kop en offerjen blykt wer sterk yn it Fryske spul

doorfriesdammen

Favoriten nimme de kop en offerjen blykt wer sterk yn it Fryske spul

NK damjen en NK Frysk damjen, 14 o/m 23 desimber 2023 yn Drachten. Dei 2 (15 desimber), omloop 2 Frysk damjen en omlopen 2 en 3 NK damjen

It Nederlânsk kampioenskip damjen gong freed fierder mei de twadde en tredde omloop. De moarns hie Alexander Baliakin syn tsjinstanner Gabriël Heerema yn it einspul te fiter. De debutanten dy’t juster noch sa goed fan ‘e ein gien wiene, moasten it no belije: Matheo Boxum tsjin Wouter Sipma en Jan van der Star tsjin titelferdigener Jan Groenendijk. Dy hie mei in handich offer syn tsjinstanner ynienen te pakken. De oare fjouwer partijen, Anton van Berkel tsjin Martijn van IJzendoorn, Wouter Ludwig tsjin Luuk Terweijden, Hein Meijer tsjin Gerlof Kolk en de partij tusken Ben Provoost en Jitse Slump rûnen nei de nedige striid allegearre kamp.

It wie in drege dei, want de middeis stie der noch in omloop op it programma. Dêryn krukte Groenendijk syn puntetal noch wat mear op troch in twadde oerwinning, no tsjin Hein Meijer. Alexander Baliakin dêrfoaroer kaam net fierder as remize tsjin Wouter Ludwig, dy’t gjin lichten die. De partijen tusken Wouter Sipma en Anton van Berkel en dy tusken Luuk Terweijden en Gabriël Heerema waarden ek kamp. Van der Star en Provoost makken der de langste sit fan. Provoost frissele der úteinliks in trúkje yn en helle yn it lange einspul de winst sa dochs noch nei him ta.

Baliakin en Groenendijk steane no yn ‘e mande oan kop. Se wurde folge troch Jitse Slump, dy’t wûn fan Gerlof Kolk, en troch Martijn IJzendoorn, dy’t nei dreech ferdigenjen noch in punt oerhold oan syn partij tsjin Boxum.

Yn ‘e twadde omloop by it Frysk damjen gong it yn ‘e posysjonele partij tusken Frederik Bos en Hein de Vries lange tiid lykop. Bos seach lykwols yn it lette middenspul in kombinaasje fan De Vries oer de holle, dat sa hold er oan syn fierders goede partij dochs neat oer.

Frans Kingma moast der tsjin de yn it damsâlt bebiten Taeke Kooistra fol tsjinoan. It die bliken dat Kooistra even in maat te grut foar him wie; Kingma rêde it dan ek net op.

De partij tusken de twa favoriten Jelle Wiersma en Marten Walinga waard op it skerpst spile. Walinga luts yn in spannend einspul fan elkmis in daam en trije skiven in lyts posysjoneel foardiel handich nei him ta, en helle sa in wichtich punt binnen.

De partij tusken Folkert Groenveld en Dicky van der Meer mei sûnder mis enervearjend neamd wurde. Van der Meer keas yn ‘e iepening al foar in offer en hy koe sa, nettsjinsteande in hout minder, in sterke posysje opbouwe. Nei in trochbraak wiene de kânsen foar Groenveld dach.

By it NK Frysk damjen geane no Taeke Kooistra en Marten Walinga oan ‘e lieding mei elkmis twa punten. 


Westriidanalist Harm Wiersma sjocht ta op it hâlden en dragen fan ‘e spilers.
(foto: G. van Dijk. )
Folkert Groenveld en Dicky van der Meer. (foto: G. van Dijk. )


Over de auteur

friesdammen administrator