Der stie hieltiid noch in feestjûn yn ferbân mei harren 40 jierrich jubileum, op de Strikers te wachtsjen. It feest dat al yn novimber holden wurde soe, mar troch de koroana wie dat der net fan kommen. Mar no’t it damjen wer los koe, kipe dy jûn ek wer om it hoekje. De feestkommisje sette de datum fêst op freed 25 maart. Dat kaam wûnderwol fantastysk út, want fuortendaliks koe der ek noch efkes stilstien wurde by it beheljen fan it klupkampioenskip. De moandeis kamen de houtsjes noch in kear op de buorden. Dat wie fuortendaliks de einjûn mei spul en wille, ferlotting en priisútrikking. Twa feestjûnen yn ien lang wykein.
Op freedtejûn mochten de partners ek meikomme en of it no kaam troch dy lêsten: it wie yn elts gefal by ús leden Jan en Kees Castelein tige gesellich. De feestkommisje, Hennie de Haan en Tineke Teigeler, sette de bestjoersleden ek noch yn it sintsje en oerhannige harren, njonken de blommen, in moai en keunstich oantinken. Dêrnei mocht de foarsitter noch wat fertelle oer de skiednis fan de klup. Dy begûn syn praatsje net by it begjin, mar by de ein: It lêste kampioenskip. It koe allegearre net moaier fansels. Nei alle hichtepunten en ek drôvich nijs neamd te hawwen, koenen de leden en oanhing har fernuverje mei sjoelen en oare selsskipspultsjes. Fansels keazen guon der ek foar om gesellich nei te kletsen. De wol oanwêzige dambuorden waarden net oanrekke. Alles ferrûn yn in tige gesellige sfear. Al mei al in prachtige jûn.
Moandeitejûn kamen de Strikers foar de lêste kear dit damjier by-in-oar. Der hoegde net folle praat te wurden. Dat barde de freeds al. Der waard al gau mei de ferskate damfarianten útein set. Tusken de rûnten troch waard in ferlotting holden en koenen guon dammers mei in earm fol prizen nei hûs werom gean. Uteinlik koe ús wedstriidlieder, Willem Schaap, de útslach fan de kompetysje bekend meitsje. Jelle Wiersma waard yn de earste en Bauke Bos yn de twadde klasse kampioen. Doe’t de bekers mei in tapaslik wurdsje fan Willem by de blide winners te plak kommen wienen, koe de foarsitter de jûn en it damjier ôfslute.
De einútslach: Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 11 punten út 12 partijen. 2 Sjoerd Jan Bakker 10 út 16; 3 Ype Boelens 8,5 út 16; 4 Bauke Dykstra 7,5 út 12; 5 Dicky van der Meer 7,5 út 12; 6 Willem Schaap 7,5 út 13; 7 Cor Kooistra 5 út 16. Twadde klasse. 1 Bauke Bos 14 út 15; 2 Hennie de Haan 8 út 15; 3 Tineke Teigeler 7 út 15; 4 Kees Castelein 4,5 út 15; 5 Jan Castelein 1,5 út 13.
(Tekst: C. Kooistra)
Over de auteur