Op sneon 15 novimber fynt der yn Koudum in fjouwerlannewedstriid plak tusken spilers út Italië, Ierlân, Tsjechië en Fryslân yn FRYSK! FRYSK! is damjen neffens de Fryske regels mei fiif skiven de spiler. Dizze nije tinksport is yn 2015 ûntwikkele yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en yntusken yn tal fan lannen populêr. Wrâldkampioenskippen wurde holden sûnt 2016. Fjouwer jier lyn namen inkelde Italiaanske spilers it inisjatyf om in ynternasjonale League op te setten, wêryn’t ferskate farianten fan de damsport hâlden wurde: Italiaansk, Tsjechysk, Ingelsk en FRYSK! Benammen troch de ynspanningen fan de Italiaanske jeugdtrainer en wedstriidspiler Paolo Faleo út Aosta is FRYSK! no ek trochkrongen yn Ierlân, en komme no foar it earst Ierske tinksporters nei Fryslân ta om FRYSK! te spyljen.
It tinksportevenemint omfettet twa ûnderdielen. Trije teams fan folwoeksen spilers spylje in fjouwerkamp yn FRYSK! , Italiaansk, Tsjechysk en Ingelsk damjen. Trije jeugdteams spylje de hiele dei FRYSK! De jeugdteams komme út Ierlân, Italië en Fryslân, de folwoeksen teams út Italië, Tsjechië en Fryslân. De teams binne te gast op de Magnifique, in hotelskip fan… út… De organisaasje is yn hannen fan it Dambûn Frysk Spul.
Foar mear ynformaasje: Sjouke Attema, shattema@hotmail.com, 06 -27098830
Over de auteur