Yn 2019 en 2022 waarden de Stadige Strikers klupkampioen! Ofrûne sneon hiene se de kâns om dêr in trijekaart fan te meitsjen. Dat slagge net. Dêr wienen wy as Strikers ek net fanút gien. Lollum-Waaksens mei de klupnamme De Rûge Wolf pakte no foar de earste kear de kampioenstitel. Wat moat it Marten Walinga in grutsk gefoel jûn ha om mei twa soannen yn
it achttal kampioen te wurden. Moai foar it damjen dat no wer ris in nijenien de heechste eare pakt hat. Foar de Stadige Strikers siet dat der net yn, mar se hawwe har wol hanthavene en dat is ek geweldich.
Moandeitejûn is der fansels noch wiidweidich oer neipraten, oer dat kampioenskip. Dan komme de tekoartkommingen en de blunders oer it fuotljocht. En dan wurdt der sein: in oare kear wer better. De realiteit is dat de Stadige Strikers ek foar in wichtich part út âlde knarren bestiet en as der net wat nij bloed by komt dan sjocht it der net sa geunstich út. Der wie ek dizze jûn mar in hantsje fol dammers en dy makken dêr fansels it bêste fan fan wat se te biedeb hienen. De spannenste partij waard spile troch Willem Schaap en Bauke Bos. De earste moast yn de einfaze der noch hiel lang oer neitinke om de bêste fuortsetting te kiezen. Dêr kaam er wol goed út. Bauke Dykstra spile tsjin Ype Boelens. It wie in teoryspul wêr’t Dykstra de fijne kneepkes goed fan wit. Dy kneepkes fan him misten wy yn Easterein om’t er dêr net oanwêzich wêze koe. Ype moast it al gau opjaan.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.
Over de auteur