Foar in part stie it damjen yn it kader fan de Fryslân Kup.

doorfriesdammen

Foar in part stie it damjen yn it kader fan de Fryslân Kup.

Op himsels is it Fryslân Kup damjen tige nijsgjirrich. Der komme dan oare dammers op besite of der geane dammers nei in oare klup. By de Stadige Strikers kamen ek twa gasten op besite. Twa Blauhústers en net sa mar twa, nee de twa wienen ek noch twa broers. Hoe wie it mooglik dat it lot it sa moai betinke koe. Nei alle gedachten hat dat de magy fan Sânfurd west. Dêr waarden de dammers oan elkoar keppele.

De siktaris fan de Strikers hie as tsjinstanner Marcel Altena lotte. Mei oare wurden: Bauke Bos moast tsjin Marcel Altena. De partij wie noch jong doe’t Bauke sa mar ynienen in swarte daam tusken syn wite fredige houtsjes stean seach. Dat wie fansels net sa as Bauke dat berekkene hie. Doe begûn eins fuort it lijen al foar him. Marcel hat der fansels wol ferstân fan om goed mei sa’n daam om te gean. Bos spinpoate noch wol wat tsjin , mar foar him wie der gjin ear mear oan te beheljen.

Marcel syn broer Leo Altena hie net hielendal in goed antwurd op de Germ Terpstra teory. Hoewol’t der in moaie en nijsgjirrige partij op it boerd kaam, moast er der yn it middenspul dochs oan gelove. Foar syn tsjinstanner Cor Kooistra waard in dan ek net in poepetoer om de winst te pakken. De kombinaasje wêrmei’t er twa houtsjes foar kaam, wie op himsels wol de muoite wurdich, mar hie dêrfoar wol pareard wurde kinnen. Dat barde dus net en sa gyngen beide dammers nei de twadde ronde fan de Fryslân Kup, de iene nei de winners klasse en de oare nei de ferliezers. It liket no suver wol keatsen! Mar hawar, alle fjouwer geane nei de twadde omloop.

Yn de kompetysje liet Sjoerd jan Bakker syn tosken wer even sjen en spile wer âlderwetsk sterk tsjin de man yn foarm Ype Boelens. De lêste koe de slach net winne.

Utslaggen: Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1; Bauke Bos – Marcel Altena 0 – 1; Sjoerd Jan Bakkker – Ype Boelens 1 – 0; Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Dykstra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator