Op 4 novimber 2019 sette in histoaryske partij Frysk damjen út ein: de Bakkerij Siesling-Tresoar-Partij, tusken útdager Foeke Tiemensma te Frjentsjer en Hans Jansen, mearfâldich Nederlânsk kampioen damjen te Amsterdam. Bakker Bernard Siesling, ambassadeur fan it Frysk damjen te Frjentsjer, wie ree om foar de twadde kear yn ’e skiednis in bakkerswinkel ta tinksportarena om te tsjoenen. Alle dagen (allinnich sneins net) om 5 oere hinne waard der in set útfierd by de bakker. De partij wie ek te folgjen op Tresoar op in grut demonstraasjeboerd, en fansels op ynternet op ’e webside Toernooibase. Nei de 42ste set die Foeke Tiemensma in kombinaasje dy’t beide spilers op ’e daam brocht. Tiemensma hie dat goed trochrekkene, want it joech in einspul dat wûn wie foar hm mei twa wolven tsjin in daam en in wolf. Nei 57 setten (114 dagen) hie Foeke Tiemensma it spul wûn.
Op it Fryslân Open 2020 krige Foeke Tiemensma in Fryske sûkerbôle fan oardel meter as priis oerlange fan bakker Bernard Siesling. De sûkerbôle wie spesjaal foar dizze gelegenheid bakt en waard nei ôfrin oansnien en omparte. De sûkerbôle foel der wakker yn by de dielnimmers út sân ferskillende lannen.
De bakkerij as tinskportarena hat in lange en bysûndere foarskiednis: yn novimber 1958 dage de Frjentsjerter bakker Sake Riemersma de Nederlânske skriuwer szaak als denksportarena heeft een lange en bijzondere geschiedenis: in november 1958 daagde de Franeker bakker Sake Riemersma de Nederlandsche schrijver Godfried Bomans út foar in partij skaak. Bomans hie nammentlik skreaun: ‘Bakkers zijn […] altijd slechte schakers.’ Bakker Riemersma liet dat net op him sitte. Der kaam in skaakboerd yn ’e winkel, en alle dagen waard der in set tillefoanysk trochjûn. Yn maart 1959 moast Riemersma lykwols opjaan.
Dy histoaryske partij waard lêsten op ’en nij omtinken foar frege by in lêzing op Tresoar. Doe waard ek besletten om in Nederlânske tinksporter út te daagjen om in partij ‘by de bakker’ te spyljen, mar dan fansels gjin skaakpartij, mar in partij Frysk damjen.
Frysk damjen is de oarspronklike fariant fan ’e damsport op in boerd mei 100 fjilden. It eigene fan it supl is de mooglikheid om net allinnich skean (‘oerhoeks’) mar ek rjocht (horizontaal en fertikaal; ‘oer alles’) te slaan. Dat jout in tige lytse remizemarzje. De lêste tsien jier wurdt it Frysk Damjen op ’en nij ynternasjonaal beoefene. It jierlikse toernoai Fryslân Open te Frjentsjer spilet dêr in sintrale rol by. Yn 2018 waard der foar it earst in wrâldkampioenskip Frysk Damjen spile te Ljouwert. Yn 2020 wie it Fryslân Open it kandidatetoernoai. De winner, Folkert Groenveld út De Jutryp, mei no sittend wrâldkampioen Marten Walinga útdaagje.
(Tekstberjocht: Liuwe Westra)
Over de auteur