Troch Stifting WFD
FRENTSJER– Fantastyske kombinaasjes op it boerd en miste kânsen. Hjoed waard der oer de hiele liny aventoerlik spile, dat resultearre yn taktyske partijen mei in soad kombinaasjes, al of net mist. Sels de Kameroenees hie twa kear ferneatigjend taslaan kinnen.
Yn de fjirde omloop spile de Poal Kosobudzki in sterke taktyske partij tsjin Tsjerk Wijbenga en bruts troch nei daam, dy waard lykwols te begearich helle en dat bruts him fuortendaliks op. De twa folgjende partijen wist hy wol yn winst om te setten. Ek de Belch Braye hie op syn minst kamp helje moatten tsjin de master Hein de Vries, mar hy skeat yn it einspul te koart. Petra Dusková liet ek yn it einspul de remize lizze tsjin Dicky van der Meer en ferlear. Itselde oerkaam Fedde Wiersma tsjin Willem Dijkstra, in winnende stelling sloech om nei ferlies.
Yn de sechsde omloop konsolidearre Jelle Wiersma syn kopposysje troch kollega-grutmaster Taeke Kooistra oer it mad te kommen mei in ferrifeljende kombinaasje. De measte partijen waarden yn it einspul útmakke, drege einspullen wêrby’t de maksimale trije damsetten en de tiidsdruk troch de klok in krúsjale rol spilen. As ferrassende winner kaam Liuwe Westra út de bus tsjin de master Folkert Groenveld, dy’t ûnder tiidsdruk beswiek.
Tuskenstân nei seis omlopen:
Aktuele stân fan it Fryslân Iepen 2025 fine jo op:https://toernooibase.kndb.nl/opvraag/standen.php?taal=&kl=23&Id=47797&jr=25&afko=23&r=–
Webside toernoai: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/136/12/13/fo-2025.html \ -Organisaasje: Stifting WFD, www.frisiandraughts.com
Over de auteur