Fryslân Open 2025 | Jelle net te bedamjen

doorfriesdammen

Fryslân Open 2025 | Jelle net te bedamjen

Troch Stifting WFD

Jelle Wiersma (GM) net te bedamjen. Hear en Grutmaster op it boerd mei de 100 fjilden is de grutmaster Jelle Wiersma fan Wommels. Oan ’e rige fan acht winnnde partijen yn it Fryslân Open heakke hy noch ris trije kear winst ta yn it grutmastertoernoai. Syn styl fan spyljen is net te benaud en oantreklik, en dat makket dat syn tsjinstanners alle wedstriden wer swier ûnder druk set wurde. It Fryslân Open 2025 hat dêrmei dan ek in terjochte winner. Foeke Tiemensma fan Frjentsjer koe allinnich mar respektfol bûge mar troch syn twa oare oerwinningen op Liuwe Westra en Hein de Vries waard dochs in twadde plak behelle dat bêst genôch wie. Liuwe Westra dy’t foar it earst yn syn karriêre yn de grutmasterklasse útkaam, liet sjen dat er it yngewikkelde iepeningsspul goed behearske, mar skeat faak krekt te koart yn it dreech te berekkenjen einspul. Hein de Vries fan Ljouwert behelle ien oerwinning tsjin de nijkommer Westra.

Ek yn de mastergroep waarden komplekse partijen net út de wei gien en ferskynden der geregeld yngewikkelde slachwurken op it boerd dy’t dan faak de partij beskaten. Taeke Kooistra wie hjir dúdlik de sterkste. De Poal Łukasz Kosobudzki spile ek tige sterk en syn styl fan spyljen is kampioensweardich. De Jutriper Folkert Groenveld liet hjir de finalist Willem Dijkstra krekt achter him omdat Dijkstra de konsekwinsjes fan in yn gong setten kombinaasje net goed oerseach.

Tagelyk mei dizze finales waarden de lêste kwalifikaasjepartijen yn de eardere Botniastins, it hjoeddeiske Theater De Koornbeurs, ôfwurke foar de lêste plakken foar it wrâldkampioenskip FRYSK! Pas nei hast 7 oeren spyljen waard dúdlik wa’t moarn meidwaan meie oan it achtste WK FRYSK! Dizze jongste fariant fan it damspul wurdt benammen yn it bûtenlân mei iepen earms ûntfongen. FRYSK! wurdt mear as strategysk boerdspul sjoen, is fluch te learen, eaget ienfâldich mar herberget in kompleksiteit lykas fan it skaakspul. Der diene dit kear 12 Italiaanske spilers oan mei.

Grutmeesters finale Wiersma tsjin Westra (foto Stifting WFD)
Meesters finale Groenveld tsjin Kosobudzki (foto Stifting WFD)
Play Off FRYSK!: Paolo Faleo (Italy), Patrick Casaril (Belgium), Francesco Zappia (Italy), Petra Dušková (Czech Republic) (flnr) (foto stifting WFD)

De risseltaten fan it Grutmastertoernoai fine jo op:

https://toernooibase.kndb.nl/opvraag/standenke.php?Id=47823&jr=25&taal=

Webside toernoai: https://www.com/2pagina/136/12/13/fo-2025.html\

Organisaasje: Stifting WFD, www.frisiandraughts.com

Over de auteur

friesdammen administrator