Troch Stifting WFD
FRJENTSJER. Nei trije dagen moardzjen, in soad taktyske partijen en bizarre kombinaasjes moasten noch seis barraazje partijen spile wurde om de úteinlike finalisten fêst te stellen. De Poal Kosobudzki en dûmny Westra ferrasten noch it meast yn dit toernoai troch har te kwalifisearjen foar it Master en Grutmastertoernoai dat freedtejûn yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium úteinset.
It Fryslân Open hat dit jier 24 dielnimmers. Der binne lykwols, nettsjinsteande it tal dielnimmers, alle jierren mar 8 finaleplakken beskikber: de nûmers 1 -4 spylje it saneamde Grutmastertoernoai, de nûmers 5 -8 it Mastertoernoai. Op tongersdei 20 febrewaris waarden omloop 7 en 8 spile, en nei ôfrin wiene der mar leafst sân kandidaten foar it Mastertoernoai. Foardat it safier wie, koe it publyk genietsje. Foeke Tiemensma, Taeke Kooistra, Hein de Vries en Tsjerk Wijbenga, Lukasz Kosobudzki en Fedde Wiersma wisten harren efterstân ta de kopgroep aardich te ferlytsjen mei in oerwinning. Benammen Kosobudzki syn prestaasje waard oer beard fanwegen it útfieren fan in klassike iepeningsslachset, de saneamde Tytsma-set. Omdat dy set sa bekend is, komt er hast noait op it boerd. Mar Kosobudzki hie syn húswurk goed dien, en in momint fan ûnbetochtsumens waard de oars wakker betûfte Cor Kooistra fataal!
Hein de Vries kaam sa ûnbedrige op it twadde plak (nei Frysk kampioen Jelle Wiersma, dy’t in 100% skoarde), mar de nûmers 3 oant en mei 14 hiene hast allegear noch kâns op in finaleplak – fan wa’t de helte teloarsteld wurde moatte soe. Yn de lêste omloop wisten Foeke Tiemensma en Liuwe Westra beide fan 4½ op 5½ te kommen troch oerwinningen op resp. Willem Dijkstra en Henk Haanstra. Dat soe bliken dwaan genôch te wêzen foar in plak yn it Grutmastertoernoai. Taeke Kooistra spile kamp tsjin Hein de Vries, en helle sa mei 5 punten in plak yn it Mastertoernoai. Kosobudzki kaam like heech as him troch in oerwinning op Dicky van der Meer. Nei in ritige partij hie dy lêste in moaie kombinaasje útfiere kinnen, mar hy fûn dy net en bedarre by einbeslút yn in ferlerne stelling. Foar de oare beide finaleplakken wiene der oan de ein fan de rit fiif kandidaten: Fedde Wiersma, Tsjerk Wijbenga, Willem Dijkstra, Henk Haanstra en Folkert Groenveld. Underyn it klassemint waard lykwols ek ta de lêste snik striden. Spektakulêr wie it om te sjen hoe’t de Kameroenees Jean Marc Ndjofang ûnder drege tiidsdruk de oerwinning tsjin Patrick Casaril ynhelle.
Foar de barraazjes luts Fedde Wiersma him werom. Der folgen dus trije omlopen, mei hieltyd 20 minuten + 10 sekonden de spiler. Yn de earste omgong fersinde Groenveld him fuort al raar yn de iepening, mar Tsjerk Wijbenga joech it foardiel oant twa kear ta wei, en ferlear úteinlik de partij yn in waansinnich einspul. De partij fan Willem Dijkstra tsjin Henk Haanstra ferrûn krekt wat evenrediger, mar yn it einspul seach er in lyts setsje oer de holle. Yn de twadde omloop spile Haanstra syn tsjinstanner Wijbenga stadich mar wis fan it boerd, wylst Groenveld tsjin Dijkstra in goede posysje opboude, dêrnei alles weijoech, en úteinlik dochs noch kamp yn de wacht sleepte. Sa kamen beide koprinners op 1 punt. Yn de tredde omloop kaam it ta in útdragene saak. Groenveld boude in winnende partij op tsjin Haanstra, mar seach op it lêste momint in mearslach oer de holle, dat hy kaam net fierder as kamp. Op it oare boerd einige in komplekse partij yn in dito einspul. Wijbenga koe oant trije kear ta de winst net fine, en ferlear úteinlik ek noch. Sa waarden Willem Dijkstra en Groenveld pleatst mei 2 punten, wylst Henk Haanstra (1 punt) en Tsjerk Wijbenga (0) der krekt njonken griepen.
Einstân nei acht rûntsjes en de barraazjes: (8 p.) Jelle Wiersma 1.2 (6), Hein de Vries3-4 (5.5) Liuwe Westra, Foeke Tiemensma5-6. (5 p.) Taeke Kooistra, Łukasz Kosobudzki,(4.5 + 2.5) Willem Dijkstra(4.5 p. + 2) Folkert Groenveld, (4,5 p. + 1,5) Henk Haanstra(4,5 p. + 0) Tsjerk Wijbenga(4.5 p.) Fedde Wiersma12-14. (4 p.) Aleksej Domčev, Petra Dušková, Cor Kooistra15-19 (3.5 p.) Dicky van der Meer, Fedde Kramer , Auke Zijlstra, Ties Slagter, Hidde de Vries20-21 (3 p.) Renaud Braye, Jean Marc Ndjofang(2p.), Patrick Casaril(1 p.) Herbert Tulleken24. (0 p.) Alix Bouffard
Aktuele stân fan it Fryslân Iepen 2025 fine jo op: https://toernooibase.kndb.nl/opvraag/standen.php?taal=&kl=23&Id=47797&jr=25&afko=23&r=
Webside toernoai: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/136/12/13/fo-2025.html \
Organisaasje: Stifting WFD, www.frisiandraughts.com
Over de auteur